Nebûkadnessar ferslacht Arpaksad
1Yn it tolfte jier dat Nebûkadnessar yn ’e grutte stêd Ninevé oer de Assyriërs regearre, boude Arpaksad, de kening fan ’e Mediërs, 2om syn haadstêd Ekbatana in muorre fan úthoude stien fan trije jellen breed en seis jellen lang. Hy makke dy muorre santich jellen heech en fyftich jellen breed. 3Fierders boude er by de poarten noch tuorren: hûndert jellen heech en mei fûneminten fan sechstich jellen breed. 4De poarten joech er in hichte fan santich jellen en in breedte fan fjirtich jellen, dat syn leger gemaklik mei man en macht de stêd út komme koe en syn fuotfolk dêr parade hâlde.
5Yn dy dagen rekke kening Nebûkadnessar mei kening Arpaksad yn ’e slach. Yn ’e grutte flakte om ende by Ragau. 6It hiele berchlân en allegearre dy’t by de Eufraat, de Tigris en de Hydaspes wennen en yn ’e flakte, dêr’t Arjoch, de kening fan Elam, oer hearske, hâlden it mei Arpaksad. Ja, hiel wat folken gongen mei-inoar in bûn oan tsjin de soannen fan Cheleûd.
7Doe stjoerde Nebûkadnessar, de kening fan Assyrië, boaden nei alle ynwenners fan Perzië en nei allegearre dy’t yn it westen wennen, nei Silicië, Damaskus, de Libanon en Anty-Libanon, en nei allegearre dy’t by de see lâns wennen; 8en nei de mannen by de Karmel om, en nei dy fan Gileäd, fan Boppe-Galiléa en fan ’e grutte flakte fan Esdrelon, 9en nei Samaria en de stêden dy’t dêrûnder hearden, nei de oare kant fan ’e de Jordaan, nei Jeruzalem, nei Betane, Chelûs, Kades, ja, wol oan ’e rivier fan Egypte ta. En dan noch nei dy’t yn Tafnes wennen en yn Ramses en Gesem, 10ja, sels Tanis en Memfis foarby en hiele Egypte troch, wol oan ’e grinzen fan Etiopië ta.
11Lykwols alle folken, de hiele ierde oer, sloegen de wurden fan Nebûkadnessar, de kening fan ’e Assyriërs, gjin acht en woenen har net by him jaan om him yn ’e oarloch te helpen. Sa’n bytsje joegen se om him, want se wienen der wis fan, dat er allinne stie. Dat sadwaande makken syn boaden in fergese reis en moasten se beskamme werom nei har hear.
12Doe waard Nebûkadnessar ôfgryslike lilk op al dy lannen. Hy swarde by syn troan en by syn kening-wêzen, dat Silicië, Damaskus en Syrië bliede soenen. Hy soe se útroegje mei it swurd. Harren, mar tagelyk ek dy’t yn Moäb wennen en yn Ammon, en dy’t wennen yn Judéa en Egypte en yn de kontreien fan de beide seeën.
13Yn it santjinde jier fan syn regear gong hy mei man en macht tsjin kening Arpaksad te fjilde. En hy wûn it. Arpaksad syn hiele leger, mei hynstefolk, striidweinen en al, sloech er útinoar. 14Al syn stêden krige er yn ’e macht, ja hy slagge wol oan Ekbatana ta. Dêr ferovere er de tuorren en plondere er de strjitten. En sa feroare troch syn tadwaan dy prachtige stêd yn in púnheap. 15Arpaksad sels krige er ek te pakken. Yn ’e bergen fan Ragau. Hy speetste him mei werpspearen en sa wie it foargoed mei him dien. 16Doe gong er nei Ninevé werom mei syn hiele leger, in mannichte dêr’t gjin ein oan kaam. Om te bekommen. En om mei-inoar feest te fieren, hûndertentweintich dagen lang.