Jezus en Sachéus
1Hy kaam te Jericho en rûn de stêd troch. 2No wie dêr in tige rike tolgarder, in hegenien, Sachéus hiet er. 3Dy die alle war om te sjen, watfoar persoan dy Jezus wie. Mar hy wie lyts fan postuer, dat it woe him fanwegen de kloft minsken net slagje. 4Doe rûn er in ein foarút en klom yn in wylde figebeam om Him te sjen, want dêr soed Er lâns komme.
5Doe’t Jezus op dat plak kaam, seach Er omheech en sei tsjin him: Sachéus, kom gau nei ûnderen, want Ik moat hjoed by jo te gast wêze. 6Doe makke er dat er ûnder kaam en helle Him mei blydskip yn. 7Elkenien dy’t dat seach, grommele en sei: Hy is by in sûnder yn ’e hûs gien en dêr hâldt Er no ta. 8Mar Sachéus gong oerein en sei tsjin de Hear: Sjoch, de helte fan myn besit, Hear, jou ik de earmen en as ik ien ôfset haw, jou ik it him fjouwerdûbeld werom.
9Doe sei Jezus tsjin him: Hjoed is oer dit hûs it heil kommen, want dizze man is ek in soan fan Abraham. 10De Minskesoan is ommers kommen om te sykjen en te behâlden wat ferlern wie.
De gelikenis fan ’e tsien goudstikken
11Hy joech syn tahearders der noch in gelikenis oerhinne, want Hy wie tichteby Jeruzalem kommen en se tochten, dat Gods ryk no fuortdaliks komme soe.
12Hy sei dêrom: In man fan heech komôf reizge nei in fier lân om dêr foar himsels de keninklike weardichheid te krijen; dêrnei soed er weromkomme. 13Hy rôp tsien fan syn feinten by him, joech har elk in goudstik en sei: Doch dêr saken mei, salang’t ik fuort bin. 14Syn lânslju lykwols haten him en stjoerden him in delegaasje achternei mei it boadskip: Wy wolle net, dat hy ús kening wurdt.
15Mar hy krige de keninklike weardichheid al en liet, doe’t er weromkaam, de feinten roppe, dy’t er jild jûn hie; hy woe fan elk witte, wat er dêrmei út ’e wei set hie. 16De earste kaam en sei: Hear, jo goudstik hat der tsien by makke. 17Tsjin him sei er: Moai sa, bêste feint. Omdatste trou west hast yn it lytse, silst it behear krije oer tsien stêden.
18Doe kaam de twadde en sei: Jo goudstik, Hear, hat der fiif by makke. 19Tsjin him sei er: En do silst stean oer fiif stêden.
20Doe kaam de tredde en sei: Hear, hjir is jo goudstik wer. Ik haw it opburgen yn in doek. 21Ik wie altiten al bang fan jo, om’t jo in hurdenien binne. Jo nimme, wat jo net útset hawwe, en jo helje yn, wat jo net siedde hawwe. 22Tsjin him sei er: Mei dyn eigen wurden sprek ik in oardiel oer dy út, feint fan neat datste biste! Do wiste, dat ik in hurd man bin, dat ik nim wat ik net útset haw, en dat ik ynhelje wat ik net siedde haw. 23No, wêrom hast dat jild fan my net op ’e bank set? Dan hie ik dat, doe’t ik thúskaam, mei rinte opfrege.
24En tsjin de omstanners sei er: Nim him dat goudstik ôf en jou it de man mei de tsien goudstikken. 25Se seinen tsjin him: Hear, hy hat al tsien. 26Doe sei er tsjin harren: Elk dy’t hat, sil mear krije, en ien dy’t net hat, sil ek noch ôfnommen wurde, wat er hat. 27Mar dy fijannen fan my, dy’t net woenen, dat ik har kening wurde soe, bring dy hjir hinne en stek se foar myn eagen dea.
De yntocht yn Jeruzalem
28Doe’t Er dat ferteld hie, reizge Er fierder en gong op Jeruzalem oan. 29Tichteby Betfagé en Betanië, by de saneamde Oliveberch, stjoerde Hy der twa fan syn learlingen op út, mei de wurden: 30Gean nei it doarp dêr foar ús oer. As jimme dêr ynkomme, sille jim in fôle stean sjen dy’t fêst sit en dêr’t noch noait ien op riden hat. Meitsje dy los en bring him hjirhinne. 31As ien jimme freget: Wêrfoar meitsje jimme dy fôle los? dan moatte jim sizze: Omdat de Hear him brûke moat.
32De mannen dy’t derop útstjoerd waarden, gongen fuort en fûnen it krekt, sa’t Er it harren sein hie. 33Doe’t se de fôle losmakken, seinen de eigeners tsjin harren: Wêrfoar meitsje jimme dy fôle los? 34Se antwurden: Omdat de Hear him brûke moat. 35Dêrnei brochten se de fôle by Jezus. Se leinen har mantels oer it beest hinne en holpen Jezus derop. 36Doe’t Er fuortried, leinen se har mantels op ’e wei út.
37En doe’t Er al hast ûnderoan de Oliveberch wie, begûn de hiele mannichte fan learlingen lûd en bliid Gods lof te sjongen om alle wûnders dy’t se sjoen hienen:
38Heech te priizjen is Hy, de kening,
dy’t komt yn ’e namme fan de Hear;
frede yn ’e himel
en gloarje oan de Allerheechste.
39Inkelde Fariseeërs ûnder al dat folk seinen tsjin Him: Master, sis jo learlingen, dat se har bedarje. 40Mar Hy antwurde harren: Ik sis jimme, as dy har stil hâlde, sille de stiennen it útroppe.
41Doe’t Er tichterby kaam, seach Er de stêd foar Him en skriemde om har. 42Hy sei: O, mochtsto hjoed noch ynsjen, wat frede ynhat. Mar nee, dat bliuwt no noch foar dyn eagen ferburgen.
43Der sille dagen oer dy komme, dat dyn fijannen in skâns tsjin dy opsmite sille. Se sille dy omsingelje en fan alle kanten benearje; 44se sille dy mei ynwenners en al tsjin ’e grûn slaan. Binnen dyn wâlen sille se gjin stien op ’e oare litte. De geunstige tiid dat God nei dy omseach, hast ommers net achtslein.
De suvering fan ’e timpel
45Doe gong Er de timpel yn en jage de keaplju derút 46mei de wurden: Der stiet yn ’e Skrift: Myn hûs sil in hûs fan gebed wêze. Jimme hawwe der in rovershoale fan makke. 47Dei-út dei-yn joech Er ûnderrjocht yn ’e timpel. De hegeprysters, de wetlearaars en ek de lieders fan it folk besochten wol om Him te deadzjen, 48mar se wisten net, hoe’t se dat oprêde soenen, want it folk klofte hieltiten om Him hinne om elk wurd op te heinen.