De fraach oft Jezus yn syn rjocht stiet
1Doe’t Er yn dy dagen it folk yn ’e timpel werris ûnderrjochte en harren it bliid boadskip ferkundige, kamen de hegeprysters en de wetlearaars tagelyk mei de âldsten op Him ta 2en seinen: Jo moatte ús ris sizze, watfoar rjocht Jo hawwe om dit te dwaan, of wa’t it is, dy’t Jo dit rjocht jûn hat.
3Jezus joech har ta beskie: Ik sil jimme ek in fraach foarlizze. Sis jimme My ris: 4De doop fan Johannes, kaam dy by God út ’e himel of by de minsken wei? 5Se leinen mei-inoar oer en seinen: As wy sizze út ’e himel, dan seit Er: Wêrom hawwe jimme him dan net leaud? 6Mar as wy sizze, by de minsken wei, dan sil it hiele folk ús stiennigje. It leaut ommers fêst, dat Johannes in profeet wie. 7Dêrom antwurden se, dat se net wisten, wêr’t dy doop weikommen wie. 8Doe sei Jezus tsjin harren: Dan sis Ik jimme ek net mei wat rjocht Ik dit doch.
De gelikenis fan ’e wyngerd en de hierders
9Doe fertelde Er it folk in gelikenis: In man lei in wyngerd oan, ferhierde dy oan wynboeren en reizge doe foar in hiel skoft om utens. 10Doe’t it de tiid wie, stjoerde er ien fan syn mannen nei de boeren ta: se soenen him it stelde part fan ’e opbringst fan ’e wyngerd meijaan. Mar de boeren rânselen dy man ôf en stjoerden him mei lege hannen werom. 11Hy hâlde lykwols oan en stjoerde noch ris ien fan syn mannen. Mar dy rânselen se ek ôf, misledigen him en stjoerden him mei lege hannen werom. 12Noch joech er it net oer en stjoerde in treddenien. Mar ek dy ha se slim tatakele en de wyngerd útbruid.
13Doe sei de hear fan ’e wyngerd: Wat stiet my no te dwaan? Ik sil myn soan stjoere, myn ynleave jonge. Dy sille se wol mije, soe ’k sizze. 14Mar doe’t de boeren him gewaar waarden, leinen se mei-inoar oer en seinen: Dit is de erfgenamt. Dy moatte wy deaslaan, dan is it erfskip uzes. 15En se smieten him de wyngerd út en fermoarden him. Wat sil no de hear fan ’e wyngerd mei harren dwaan? 16Hy sil der sels hinnegean, dy boeren ombringe litte en de wyngerd oan oaren jaan. Mar doe’t se dat hearden, seinen se: Dat noait!
17Jezus lykwols seach harren oan en sei: Wat hawwe oars dizze wurden út ’e Skrift te betsjutten:
De stien dy’t de boulju weidien hawwe,
dy is de hoekstien wurden?
18Elkenien dy’t op dy stien falt, falt himsels stikken; en as er op ien falt, dy temoarzelt er 19De learaars en hegeprysters besochten Him doe daliks yn hannen te krijen, mar se doarsten it net oan om it folk. Se begriepen ommers skoan, dat dy gelikenis op harren sloech.
Belesting betelje oan ’e keizer?
20Se hâlden Him skerp yn it each en stjoerden spionnen, dy’t har as betroubere lju foardienen om Him op syn wurden te fangen. Dan koenen se Him oan de sterke earm fan ’e lânfâd oerleverje.
21Sa fregen se Him: Master, wy witte wol, dat wat Jo sizze en leare goed is, en dat Jo gjin minske nei de eagen sjogge, mar earlik de wei fan God wize. 22Meie wy de keizer belesting betelje of net?
23Hy seach troch har glûpskens hinne en sei: 24Lit My ris in denaarje sjen. Waans byld stiet derop en wa syn namme? Se seinen: De keizer sines. 25Doe sei Er tsjin harren: No, jou dan de keizer, wat de keizer sines is en jou God, wat God sines is. 26Sa koenen se Him yn ’t publyk net op syn wurden fange. En fersteld fan syn antwurd hâlden se har stil.
De kwestje fan ’e ferrizenis
27Doe kamen der inkelde Sadduseeërs, lju dy’t hawwe wolle, dat der gjin ferrizenis bestiet. 28Se fregen Him: Master, Mozes hat it ús sa foarskreaun: As in troud man sûnder bern stjert, dan moat syn broer de widdo nimme om by har foar syn ferstoarne broer bern te winnen. 29No wienen der ris sân bruorren. De earste troude, mar stoar sûnder bern. 30Doe naam de twadde de frou. 31De tredde die dat ek en sa gong it mei alle sân. Se stoaren allegearre sûnder bern nei te litten. 32Op it lêst stoar de frou ek. 33Wa fan dy mannen sil no by de ferrizenis dy frou krije? Alle sân hawwe har ommers as frou hân.
34Jezus sei tsjin harren: De minsken op dizze wrâld trouwe en wurde úttroud, 35mar dy’t ta dy oare wrâld en de ferrizenis út ’e dea weardich achte binne, dy trouwe net mear en wurde ek net mear úttroud. 36Se kinne ommers net iens mear stjerre. Se binne as ingels. As se diel hawwe oan ’e ferrizenis, hawwe se diel oan it godlik libben.
37Fierders, dat de deaden ferrize, hat Mozes al klear útkomme litten, doe’t er by de toarnebosk de Hear neamde: God fan Abraham, God fan Izaäk en God fan Jakob. 38God is gjin God fan deaden, mar fan libbenen. Foar Him binne se ommers allegearre libben.
39Guon fan ’e learaars seinen: Master, dat hawwe Jo goed sein. 40En se doarsten Him net mei nije fragen oan te kommen.
De kwestje fan David syn soan
41Hy sei tsjin harren: Hoe kinne se sizze, dat de Kristus David syn soan is? 42David sels seit ommers yn it psalmboek:
De Hear sei tsjin myn Hear:
Gean sitten oan myn rjochterhân,
43oant Ik fan dyn fijannen dij in fuotbank makke haw.
44David neamt Him Hear. Dat hoe kin Er dan syn soan wêze?
De oanklachten tsjin de learaars
45Wylst elkenien it hearde, sei Er tsjin syn learlingen: 46Pas op foar de wetlearaars. Dy meie graach yn lange mantels omrinne. Se meie der graach oer, dat se op ’e merk groete wurde, yn ’e synagogen op ’e foarste plakken sitte en it eareplak oan tafel hawwe. 47Se ite de huzen fan ’e widdowen leech en dogge foar it each lange gebedens. Nammerste swierder sil it oardiel wêze, dat se krije.