De gelikenis fan ’e widdo en de rjochter
Mei in gelikenis brocht Er harren by, dat se altyd wer biddende wêze moasten en gjin belies jaan. Hy fertelde: Yn in stêd wie ris in rjochter, dy’t gjin ûntsach hie foar God en om gjin mins wat joech. Yn dy stêd wie ek in widdo dy’t hieltyd wer by him kaam en sei: Help my oan myn rjocht tsjin myn tsjinpartij. In tiid lang woed er net, mar letter sei er by himsels: Al haw ik dan ek gjin ûntsach foar God en al jou ik om gjin mins, dy widdo sil ik dochs har rjocht mar jaan, omdat ik sa’n lêst fan har ha. Oars komt it aanst noch safier, dat se my oanfljocht.
De Hear ferfette: Hear wat dy ûnrjochtfeardige rjochter dêr by himsels sei. En soe God dan soms syn útkarden net har rjocht jaan, dy’t by nacht en by dei oan Him roppe? Soed Er har soms wachtsje litte? Ik sis jimme: Hy sil har fuortynienen rjocht dwaan. Mar sil de Minskesoan, wannear’t Er op ierde komt, dêr wol minsken fine, dy’t dat leauwe?
De Fariseeër en de tolgarder
Mei it each op inkelden dy’t wis wienen fan har deugdsumens en op oaren delseagen, fertelde Er dizze gelikenis: Twa mannen gongen op nei de timpel om te bidden, de iene in Fariseeër, de oare in tolgarder. De Fariseeër stie rjochtop en bidde dit by himsels: God, ik tankje Jo, dat ik net lykas de oaren bin, rovers, dogeneaten, troubrekkers of ek lykas dy tolgarder dêre. Ik fêstje twa kear wyks, ik offerje it tsiende part fan al myn ynkomsten.
Mar de tolgarder wie op in distânsje stean bleaun en woe net iens de eagen nei de himel opslaan. Hy sloech himsels foar it boarst en sei: God, wês my sûnder genedich. Ik sis jimme: De lêste gong nei hûs yn frede mei God, mar de earste net. Want elk dy’t himsels ferheget, sil fernedere wurde, en dy’t himsels fernederet, sil ferhege wurde.
Lytse bern wurde segene
Se brochten de lytse bern ek by Him, dat Er dy oanreitsje soe. Mar doe’t de learlingen dat seagen, stegeren se har ôf. Jezus rôp de bern lykwols by Him en sei: Lit dy bern by My komme en kear se net. Want foar sokken is it ryk fan God. Ja, Ik sis jimme, wa’t Gods ryk net oannimt as in bern, komt der grif net yn.
De rike jonge man
In man fan oansjen frege Him ris: Goede Master, wat moat ik dwaan om ivich libben te winnen? Jezus sei tsjin him: Wêrom neame jo My goed? Gjinien is goed as God allinne. Jo kenne de geboaden: net troubrekke, net moardzje, net stelle, gjin falske ferklearring ôflizze, jimme heit en mem yn eare hâlde.
Hy sei: Dat allegearre bin ik fan jongs ôf oan neikommen. Doe’t Jezus dat hearde, sei Er: Ien ding mankeart der noch oan by jo: meitsje alles wat jo besitte oan jild en ferpart dat ûnder de earmen. Dan sille jo in kaptaal yn ’e himel hawwe. Kom hjir dan en gean mei My. Mar sagau’t de man dat hearde, waard er slim mismoedich, want hy wie tige ryk. Jezus seach it en sei: Wat is it dochs in swier stik foar minsken mei jild om Gods ryk yn te kommen. Ja, in kamiel kin makliker troch it each fan in nuddel as dat in rikenien Gods ryk ynkomme kin.
Dy’t dat heard hienen, seinen: Wa kin dan noch behâlden wurde? Mar Hy sei: Wat by minsken net kin, kin wol by God.
Doe sei Petrus: Sjoch, wy hawwe al ús besit achterlitten en binne mei Jo gien. Jezus sei doe tsjin harren: Ja, Ik sis jimme: Der is nimmen dy’t hûs, frou, broers en susters, âlden of bern om Gods ryk achterlitten hat, of hy kriget der hjir op ierde al folle mear foar werom en yn ’e kommende wrâld ivich libben.
Jezus foarseit op ’e nij syn dea en ferrizenis
Doe naam Er de tolve apart en sei: Sjoch, wy geane op nei Jeruzalem. Alles wat by de profeten oer de Minskesoan beskreaun stiet, sil no útkomme. Want Hy sil oerlevere wurde oan ’e heidens, se sille Him de gek oanstekke, mishannelje, bespuie, giselje en deadzje, en de tredde deis sil Er ferrize.
De tolve begriepen der neat fan. It bleau harren tsjuster, wat Er dêrmei sizze woe, en se koenen net foar ’t ferstân krije, wêr’t Er op doelde.
In bline bidler by Jericho wurdt better makke
Doe’t Er tichteby Jericho kaam, siet dêr oan ’e wei in bline man te biddeljen. Dy hearde in kloft minsken foarbykommen en frege, wat dat wie. Se seinen tsjin him: Jezus de Nazoreeër komt foarby. Doe rôp er: Jezus, Soan fan David, haw meilijen mei my. De foarsten snauden him ta: Hâld dy stil. Mar doe rôp er noch helte lûder: Soan fan David, haw meilijen mei my.
Jezus bleau stean en sei, dat se him by Him bringe moasten. Doe’t de bline kommen wie, frege Er him: Wat wolle jo dat Ik foar jo doch? Hy sei: Hear, dat ik wer sjen mei. Doe sei Jezus tsjin him: Jo meie wer sjen. Jo leauwen hat jo behâld west. Op slach koed er wer sjen en God ferhearlikjend gong er mei Jezus. En al it folk seach it en prize God.