Inkelde útspraken fan Jezus oer stroffelstiennen, leauwe, ferjaan, tsjinstberens
1Hy sei tsjin syn learlingen: It kin net misse, der komme stiennen dêr’t men oer stroffelt, mar ûngelokkich de man troch wa’t dy dingen komme. 2It soe better foar him wêze, dat er mei in mûnestien om ’e nekke yn see smiten wie, as dat er ien fan dizze ienfâldigen stroffelje lit. 3Tink der goed om. As jo broer ferkeard docht, warskôgje him, en as er him feroaret, ferjou it him dan. 4Ja, as er sân kear deis tsjin jo sûndiget, mar ek sân kear by jo weromkomt mei de wurden: ‘It muoit my’, dan moatte jo him ferjaan.
5De apostels seinen tsjin de Hear: Meitsje ús leauwen grutter. 6Mar de Hear sei: Al wie jim leauwen mar as in mostersiedsje, dan koenen jimme noch tsjin dizze moerbeibeam sizze: Lûk dyn woartels los en plantsje dysels yn ’e see. En hy soe om jim sizzen jaan.
7Stel, ien fan jimme hat in feint dy’t foar him ploeget en it fee hoedet. Soed er no tsjin dy feint, as er fan it lân komt, sizze: Toe, skik mar gau by de tafel? 8Sil er net earder tsjin him sizze: Toe, meitsje my it iten ree, ferklaai dy en betsjinje my, oant ik mei iten en drinken klear bin, – dan kinst sels ite en drinke? 9Hat dy feint soms in betankje fertsjinne, omdat er dien hat wat him oplein wie? 10Sa stiet it ek mei jimme. As jimme alles dien hawwe, wat jim oplein is, sis dan: Wy binne mar hiele gewoane feinten, wy hawwe oars net dien as ús plicht.
Tsien lepralijers wurde better makke
11Op syn tocht nei Jeruzalem reizge Er troch it grinsgebiet fan Samaria en Galiléa. 12Doe’t Er in doarp yn gong, kamen Him dêr tsien melaatsken temjitte. In ein fan Him ôf bleauwen se stean 13en rôpen lûd: Jezus, Master, haw meilijen mei ús. 14Hy seach harren oan en sei: Gean hinne, lit jimsels oan ’e prysters sjen. En ûnderweis waarden se suvere fan har melaatskens.
15Doe’t ien fan harren seach, dat er wer better wie, kaam er werom en prize God, dat elkenien it hearre koe. 16Hy liet him foar Jezus syn fuotten foaroer falle en betanke Him. En dat wie in Samaritaan. 17Jezus sei doe: Binne der gjin tsien suvere? Wer binne de njoggen oaren?
18Wie der oars net ien te finen, dy’t weromkaam om God te priizjen as allinne dizze frjemde? 19Doe sei Er tsjin him: Kom oerein en gean jo wegen. Jo leauwen hat jo behâld west.
It kommen fan Gods ryk
20Doe’t de Fariseeërs Him ris fregen, wannear’t Gods ryk komme soe, antwurde Er harren: Men kin Gods ryk net oankommen sjen. 21Men sil net sizze kinne: Sjoch, hjir is it of dêre. Want, tink derom, Gods ryk is yn jimme fermidden.
22Tsjin syn learlingen sei Er: Der komt in tiid dat jim begeare sille ien fan ’e dagen fan ’e Minskesoan te sjen, mar te sjen krije jim dy net. 23En se sille tsjin jim sizze: Sjoch dêre! Sjoch hjirre! Gean der net hinne, set der net op ta. 24Want lykas de wjerljocht fan ’e iene ein fan ’e himel oan ’e oare ta flitst, sa sil de Minskesoan komme [op syn dei]. 25Mar earst moat Er gâns lije en fersmiten wurde troch de minsken fan dizze tiid.
26Sa’t it wie yn ’e tiid fan Noäch, sa sil it ek wêze yn ’e dagen fan ’e Minskesoan. 27Se ieten en dronken, manlju namen in frou en froulju krigen in man oan ’e dei ta, dat Noäch yn ’e arke gong en de grutte floed kaam, dy’t har allegear ferdylge.
28Krektsa is it gien yn Lot syn dagen: se ieten en dronken, kochten en ferkochten, planten en bouden. 29Mar de deis dat Lot út Sodom weigong, reinde it fjoer en swevel fan boppen en se kamen allegearre om.
30Krektsa sil it wêze de deis dat de Minskesoan ferskynt.
31Wa’t dy deis op it dak is en syn guod yn ’e hûs hat, moat net nei ûnderen gean om dat op te heljen. En dy’t yn it fjild is, moat likemin weromgean. 32Tink oan de frou fan Lot.
33Wa’t besiket syn libben te behâlden, dy sil it ferlieze, en wa’t it ferlern jout, dy sil it behâlde. 34Ja, Ik sis jimme: dy nachts sille twa op ien bêd lizze; de iene wurdt der by weinommen en de oare lizze litten. 35Twa froulju sille tegearre oan it moalmeallen wêze; de iene wurdt der by weinommen en de oare stean litten. [ 36] 37Se gongen derop yn mei de fraach: Wêr sil dat wêze, Hear? En Hy sei tsjin harren: Dêr’t it deade lichem leit, dêr komme de gieren ek op ta.