De gelikenis fan ’e ûndogense rintmaster
1Ek fertelde Er syn learlingen: Der wie ris in ryk man en dy hie in rintmaster. Him waard oanbrocht, dat syn rintmaster al syn besit der trochjage. 2Doe liet er him roppe en sei tsjin him: Wat hear ik dêr fan jo? Doch ferantwurding fan jo behear, want jo kinne net langer rintmaster by my wêze.
3De rintmaster sei by himsels: Wat sil ik dwaan, no’t mynhear my it rintmasterskip ôfnimt? Spitte is my te mânsk, biddeljen skamje ik my foar. 4Ik wit al, wat ik dwaan sil, dat se my yn ’e hûs nimme, as ik dien krige haw. 5Hy rôp de skuldners fan syn hear ien foar ien by him en sei tsjin de earste: Hoefolle skuld hawwe jo by mynhear?
6Dy sei: Hûndert fet oalje. Doe sei er tsjin him: Hjir is jo skuldbewiis, gean sitten en meitsje der gau fyftich fan. 7In twaddenien frege er: Hoefolle skuld hawwe jo by mynhear? Dy sei: Hûndert sek weet. Tsjin him sei er: Hjir, nim jo skuldbewiis en skriuw tachtich. 8De hear prize de ûndogense rintmaster, om’t er sa snoad te wurk gien wie.
Want de minsken fan dizze wrâld binne, as it har gelikens oangiet, snoader as dy fan it ljocht. 9Ja, Ik sis jimme: Brûk it smoarge jild om freonen te meitsjen, dat se jimme opnimme yn ’e ivige tinten, as it jimme ûntfalt.
10Wa’t betrouber is yn it lytse, is dat ek yn it grutte. En wa’t ûndogens is yn it lytse, is dat ek yn it grutte. 11Dêrom, as de rykdommen fan dizze wrâld jim net iens tafertroud wurde koenen, wa sil jimme dan de wiere rykdom tafertrouwe? 12En as in oar syn guod jimme net tafertroud wurde koe, wa sil jim dan jim eigen jaan? 13Gjin feint kin twa hearen tsjinje. Hy sil ommers òf de iene net lije meie en fan de oare hâlde òf de iene tagedien wêze en de oare ferachtsje. God en Jild tsjinje kin men net tagelyk.
De Wet en it ryk fan God
14De Fariseeërs, dy’t tige op it jild wienen, hearden dat allegearre oan en hienen de gek mei Him. 15Jezus sei tsjin harren: Jimme dogge jim foar it each fan ’e minsken wakkere earlik en oprjocht foar, mar God ken jim hert. Want wat de minsken tige heech hawwe, is God in ôfgriis.
16Oan Johannes ta hienen jim (allinnich) de wet en de profeten. Mar sûnt dy tiid wurdt it bliid boadskip fan Gods ryk ferkundige en elkenien kringt mei alle geweld om deryn. 17Mar earder sille himel en ierde fergean as dat ien streekje fan ’e wet ferfalt.
18Elkenien dy’t syn frou ferstjit en mei in oaren trout, brekt de trou. En wa’t in frou trout, dy’t troch har man ferstjitten is, is in troubrekker.
De rike man en Lazarus
19Der wie ris in ryk man, dy’t alle dagen poarperen en linnense klean oan hie en der fleurich en rojaal hinne libbe. 20Mar by de poarte fan syn hûs lei in earme man, Lazarus hiet er. Dy siet ûnder de swolms 21en graach hied er ite wollen fan wat der by de rike fan ’e tafel ôffoel. Der kamen sels hûnen om syn swolms te beslikjen.
22De earme man stoar en de ingels droegen him nei in plak dêr’t er flak nêst Abraham kaam te sitten. 23De rike stoar ek en krige syn begraffenis. Mar yn it deaderyk waard er slim tamtearre. En doe’t er de eagen opsloech, seach er fan fierren Abraham mei Lazarus flak nêst him. 24Lûd rôp er: Heit Abraham, haw meilijen mei my en lit Lazarus it tipke fan syn finger yn wetter dippe en my de tonge kuolje. Ik fergean fan ’e pine yn dizze lôge. 25Mar Abraham antwurde: Betink, soan, datsto dyn part fan it goede by dyn libben al hân hast en Lazarus it minne. No wurdt hy hjir treaste en do lijst pine. 26Dêr komt by, tusken ús en jimme is in wide spjalt makke. Dat dy’t hjirwei nei jimme ta wolle, kinne dat net iens en oarsom likemin. 27Doe sei er: Dan freegje ik jo, heit, om him nei ús âldershûs te stjoeren, 28want ik haw fiif bruorren. Dy moat er goed warskôgje, dat hja net lykas ik op dit plak fan pine te lâne komme.
29Mar Abraham sei: Hja hawwe Mozes en de profeten; dêr moatte se mar nei harkje. 30O nee, heit Abraham, sei er, dat wurdt neat; mar as der ien út ’e dea wei by harren komt, dan sille se feroarje. 31Mar Abraham sei: As se net harkje nei Mozes en de profeten, dan sille se ek net om sizzen jaan, as der ien út ’e dea ferriist.