Jozua 16
It oandiel fan Efraïm
1Doe foel it lot foar de soannen fan Joazef: Fan ’e Jordaan by Jericho, mei it wetter fan ’e Jordaan op it easten, de woestyn dy’t oprint fan Jericho yn it berchlân fan Bet-El op. 2Dan rint it fan Bet-El nei Lûz en giet troch nei it gebiet fan ’e Arkiten, nei Atarot. 3Dan rint it del nei it westen, nei it gebiet fan ’e Jafletiten oant it gebiet fan Leech-Bet-Choaron en oan Gêzer ta. De ein rint út yn see. 4De soannen fan Joazef, Manasse en Efraïm krigen sa in erfdiel.
5Dit wie it gebiet fan ’e Efraïmiten neffens har famyljes: de grins fan har erfdiel wie east fan Atrot-Addar oant Heech-Bet-Choaron. 6De grins rint dan nei de see nei Mikmetat op it noarden; dan kriemt de grins nei it easten nei Taänat-Sjilo en rint dan dêrtroch nei it easten, nei Janoäch; 7dan rint er del fan Janoäch nei Atarot en Naärat, giet roerend by Jericho lâns en komt oan ’e Jordaan ta. 8Fan Tappûach rint de grins nei it westen nei de beek Kana en rint dan út yn see. Dat is it erfdiel fan ’e stam fan ’e famyljes fan ’e Efraïmiten. 9Fierder de stêden dy’t yn it erfdiel fan Manasse apart hâlden wienen foar de Efraïmiten; alle stêden mei har doarpen. 10Lykwols ferdreauwen se de Kanaäniten net, dy’t te Gêzer wennen, en sa wenje de Kanaäniten mids Efraïm oant hjoed-de-dei ta, mar se moasten wol hearetsjinsten dwaan.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap