It oandiel fan Manasse
1No komt wat Manasse by it lotsjen krige. Hy wie ommers de âldste soan fan Joazef. Makir, de âldste soan fan Manasse, de heit fan Gileäd, krige fanwegen syn striidberens Gileäd en Bazan.
2Ek de famyljes fan ’e oare soannen fan Manasse krigen har oandiel: de soannen fan Abiêzer, Chelek, Asriël, Sjêkem, Chefer en Sjemida. Dat binne de famyljes fan ’e manlike neiteam fan Manasse, de soan fan Joazef. 3Selofchad lykwols, de soan fan Chefer, de soan fan Gileäd, soan fan Makir, soan fan Manasse, hie gjin soannen mar allinne dochters; hja hieten Machla, Noä, Chogla, Milka en Tirsa.
4Dy kamen by pryster Eleäzar en by Jozua, de soan fan Nûn, en de foarmannen en seinen: De Heare hat Mozes opdroegen ús in erfdiel te jaan ûnder ús bruorren. Omdat de Heare dat sein hie, joech er har in erfdiel ûnder har heite bruorren. 5Dat sadwaande foelen oan Manasse tsien parten ta, bûten it lân Gileäd en Bazan oare kant de Jordaan, 6omdat de dochters fan Manasse in erfdiel krigen mids syn soannen, wylst it lân Gileäd foar de oare soannen fan Manasse wie.
7De grins fan Manasse rûn fan Azer ôf nei Mikmetat, dat foar Sjichem oer leit. Dan rint de grins rjochts fan ’e ynwenners fan En-Tappûach. 8Fan Manasse wie it lân fan Tappûach, mar Tappûach sels, dat by de grins fan Manasse leit, wie fan ’e Efraïmiten. 9Dan rint de grins del nei de beek Kana, súd fan ’e beek. De stêden dêre hearre oan Efraïm midden tusken de stêden fan Manasse. De grins fan Manasse leit noard fan ’e beek Kana en rint út yn see. 10Nei it suden ta heart it oan Efraïm en nei it noarden ta oan Manasse en de see is de grins. Yn it noarden lizze hja tsjin Azer en yn it easten tsjin Issaskar.
11By Manasse hearden yn Issaskar en yn Azer: Bet-Sjan mei de plakken dy’t dêrby hearre, Jibleäm mei de plakken dy’t dêrby hearre, de bewenners fan Dor mei de plakken dy’t dêrby hearre, de ynwenners fan En-Dor mei de plakken dy’t dêrby hearre, de ynwenners fan Tanak mei de plakken dy’t dêrby hearre, en de ynwenners fan Megiddo mei de plakken dy’t dêrby hearre, it trijeheuvellân. 12De Manassiten koenen lykwols dy stêden net ynnimme, dat it like de Kanaäniten de baas en bliuw yn dat lân. 13Doe’t de Israeliten sterker waarden, makken se de Kanaäniten skatplichtich, mar har ferdriuwe dienen se yn gjin gefal.
De klacht fan Joazefs soannen ôfwiisd
14Doe seinen de soannen fan Joazef tsjin Jozua: Wêrom hawwe jo ús mar ien lot en mar ien part as erfdiel jûn, wylst wy dochs in machtich folk binne, mei’t de Heare ús oant no ta tige segene hat. 15Doe sei Jozua tsjin har: As jimme dan sa’n grut folk binne, dat de bergen fan Efraïm jim te benypt binne, gean dan omheech nei de bosken en roegje dy út yn it lân fan ’e Perizziten en ’e Refaïten. 16Dêrop seinen de soannen fan Joazef: It berchlân hawwe wy net genôch oan, en alle Kanaäniten, benammen dy’t yn ’e lege kriten fan Bet-San en yn ’e flakte fan Jizreël wenje, hawwe izeren weinen. 17Doe sei Jozua tsjin it folk fan Joazef, tsjin Efraïm en Manasse: Jim binne in machtige mienskip en jim binne tige sterk, jim sille mear as ien lot ha, 18want it berchlân is ek foar jimme. Mei’t it ien stik bosk is, kinne jim it kappe. Ek de útrinders derfan sille jimmes wêze. Jim sille de Kanaäniten dochs ferdriuwe, al ha se dan ek izeren weinen en al binne se noch sa sterk.