De grinzen fan Juda’s oandiel
1It lot foar de stam fan ’e Judeeërs foel op it gebiet tsjin Edoms grins oan, mei de woestyn Syn yn it suden as uterste súdgrins. 2Har súdgrins rint fan de ein fan ’e Sâltsee, fan ’e see-ynham dy’t nei it suden ombûcht ôf, 3komt dan súdlik fan ’e Skorpioenepas út, giet troch Sin en rint dan omheech súd fan Kadesj-Barnéa, rint troch nei Chesron en rint omheech nei Adar en bûcht dan om nei Karka. 4Dan rint de grins troch nei Asmon en komt by de beek fan Egypte út en hâldt op by de see. Dat sil jimme súdgrins wêze. 5De eastgrins is de Sâltsee oan ’e útmûning fan ’e Jordaan en de grins oan ’e noardkant rint fan ’e see-ynham by de útmûning fan ’e Jordaan. 6Dan rint de grins omheech nei Bet-Chogla en rint noard fan Bet-Araba. Dêrnei rint de grins op nei de stien fan Bohan, de soan fan Rûben. 7Dan rint de grins omheech nei Debir, út ’e delling Achor wei en bûcht dan nei it noarden, nei Gilgal foar de berchpas fan Adûmmim oer, súd fan ’e beek. Fierder rint de grins troch nei it wetter fan ’e Sinneboarne, wylst dy útrint op ’e Boarne fan ’e Klanderer. 8Dan rint de grins omheech nei de delling Ben-Hinnom nei de súdlike berchrêch fan ’e Jebûsiten, dat is Jeruzalem. Fierder rint de grins nei de top fan ’e berch dy’t yn it westen foar de delling Ben-Hinnom leit oan de noardlike útein fan ’e delling fan ’e Refaïten. 9Dêrnei bûcht de grins om fan ’e top fan ’e berch nei de boarne fan it wetter fan Neftoäch en komt dan út by de stêden fan it berchlân Efron. Dan bûcht de grins om nei Baäla, dat is Kirjat-Jeärim. 10Dan bochtet de grins fan Baäla nei it westen nei it berchlân Seïr en rint nei de berchrêch fan ’e berch Jeärim, dat is Kesalon, nei it noarden, rint dan del nei Bet-Sjêmesj en rint nei Timna. 11De grins komt noardlik út by de berchrêch Ekron. Dan keart de grins om nei Sjikaron en rint nei de berch Baäla en komt by Jabneël út, en de grins einiget by de see. 12De westgrins is de Grutte See en it strân. Dat is de grins om de famyljes fan de Judeeërs hinne.
Kaleb nimt syn gebiet yn besit
13Mar oan Kaleb, soan fan Jefûnne hat Jozua in diel jûn midden ûnder de Judeeërs nei it gebod fan de Heare oan Jozua: de stêd fan Arba, de heit fan Enak, dat is Hebron. 14En Kaleb jage de trije Enakiten dêrwei, Sjesjai, Achiman en Talmai, soannen fan Enak. 15Dêrwei triek er op ’e ynwenners fan Debir los. Debir hiet earder Kirjat-Sefer. 16Doe sei Kaleb: Wa’t Kirjat-Sefer ferslacht en it ynnimt, dy sil ik myn dochter Aksa as frou jaan. 17Otniël, de soan fan Kenas, Kalebs broer, naam it yn en Kaleb joech him syn dochter Aksa as frou. 18Sadree’t hja oankommen wie, trune se him oan, hy soe har heit freegje om in stik bou. Dêrop sprong hja fan ’e ezel ôf en Kaleb sei tsjin har: Wat is der oan? 19Hja sei: Jou my dochs in geskink, no’t jo my it toarre lân ynstjoere; jou my der dan ek wetterwellen by; doe joech er har wellen yn it heechlân en yn it leechlân. 20Dat is it erfdiel fan ’e famyljes fan ’e stam fan ’e Judeeërs.
De stêden dy’t oan Juda tawiisd binne
21Dit binne de stêden fan ’e stam fan ’e Judeeërs fan de fierste ein oant it gebiet fan Edom, yn it Suderlân: Kabseël, Eder, Jagûr, 22Kina, Dimona, Adada, 23Kêdesj, Chasor, Jitnan, 24Sif, Têlem, Beälot, 25Chasor-Chadatta en Kerijot Chesron, dat is Chasor; 26Amam, Sjema, Molada, 27Chasar-Gadda, Chesmon, Bet-Pêlet, 28Chasar-Sjûal, Beër-Sjêba en Bizjoteja, 29Baäla, Ijjim, Esem, 30Eltolad, Kesil, Chorma, 31Siklag, Madmanna, Sansanna, 32Lebaöt, Sjilchem, Ajin en Rimmon. Mei-inoar njoggenentweintich stêden mei har doarpen.
33Yn it leechlân: Esjtaol, Soara, Asjna, 34Sanoach, En-Gannim-Tappûach en Enam, 35Jarmût en Adûllam, Soka en Azeka, 36Sjaärajim, Aditajim, Gedeara en Gedearotajim. Fjirtjin stêden mei har doarpen. 37Senan, Chadasja, Migdal-Gad, 38Dilan, Mispa, Jokteël, 39Lakisj, Boskat, Eglon, 40Kabbon, Lachmas, Kitlisj, 41Gedearot, Bet-Dagon, Naäma en Makkeda. Sechstjin stêden mei har doarpen.
42Libna, Eter, Asjan, 43Jiftach, Asjna, Nesib, 44Keïla, Akzib en Marésja. Njoggen stêden mei har doarpen. 45Ekron mei de plakken en doarpen dy’t derby hearre. 46Fan Ekron ôf nei de see ta alles wat besiden Asjdod leit mei har doarpen. 47Asjdod mei de plakken en doarpen dy’t derby hearre, Gaza mei de plakken en doarpen dy’t derby hearre oant ’e beek fan Egypte ta, en de Grutte See en de seewal.
48Yn it berchlân: Sjamir, Jattir, Soko, 49Danna, Kirjat-Sanna, dat is Debir, 50Anab, Esjtemo, Anim, 51Gosjen, Cholen en Gilo. Alve stêden mei har doarpen. 52Arab, Dûma, Esjan, 53Janûm, Bet-Tappûach, Afeka, 54Chûmta, Kirjat-Arba, dat is Hebron, en Sijoar. Njoggen stêden mei har doarpen.
55Meön, Karmel, Sif, Jûtta, 56Jizréel, Jokdeäm, Sanoäch, 57Kajin, Giba, en Timna. Tsien stêden mei har doarpen. 58Chalchûl, Bet-Sûr, Gedor, 59Maärat, Bet-Anot en Eltekon. Seis stêden mei har doarpen. 60Kirjat-Baäl, dat is Kirjat-Jeärim en Rabba. Twa stêden mei har doarpen.
61Yn ’e woestyn: Bet-Araba, Middin, Sekaka, 62Nidsan, Ir-Hammêlach en Engedy. Seis stêden mei har doarpen.
63De Judeeërs koenen lykwols de Jebûsiten dy’t yn Jeruzalem wennen, net ferdriuwe, dat de Jebûsiten wenje by de Judeeërs yn Jeruzalem oant hjoed-de-dei ta.