It oardiel oer de folken
1Want sjoch, yn dy dagen en om dy tiid,
wannear’t Ik in omkear bring yn it lot fan Juda en Jeruzalem,
2dan sil Ik alle heidenfolken byinoar bringe
en harren delgean litte yn ’e delling fan Josjafat
en dêr rjochtdei oer harren hâlde,
fanwegen Israel, myn folk en myn erfdiel,
om’t se dat ûnder de heidenfolken fersille hawwe
en myn lân ûnder inoar ferparte;
3om’t se om myn folk lotte hawwe,
jonges ruilen foar huorren
en fammen ferkochten foar wyn om mar sûpe te kinnen.
Oer Fenisië en Filistéa
4En jimme ek: Tyrus, Sidon en alle Filistynske kontreien;
wat wolle jimme eins fan My?
Soenen jimme wraak op My nimme?
No, as jimme wraak op My nimme wolle,
dan sil Ik jimme dwaan yn in omsjoch wer op jim eigen hollen delkomme litte.
5Want jim hawwe myn sulver en myn goud meinommen
en myn kostberste skatten yn jimme timpels brocht;
6jim hawwe Judeeërs en Jeruzalemmers oan ’e Griken ferkocht
en harren sadwaande fier bûten har heitelân brocht.
7No dan, Ik sil harren weromroppe oeral wei, dêr’t jim har hinne ferkocht hawwe,
en Ik sil jimme dwaan wer op jim eigen holle delkomme litte.
8Ik sil jimme soannen en dochters oan ’e Judeeërs ferkeapje;
dy sille har oan ’e Sabeeërs ferkeapje
en sa komme se by in folk omfierrens.
De Heare hat sprutsen!
De folken wurde oproppen
9Rop dit om ûnder de folken:
Meitsje jim ree foar in hillige oarloch,
rop de striders op,
lit alle fjochters nei foaren komme
en opmarsjearje.
10Smei jimme ploechizers òm ta swurden,
en jimme snoeimessen ta spearen;
lit de swakke sizze: Ik bin in held!
11Avensearje en kom, al jimme folken fan rûnom,
slút jim byinoar oan!
[Heare, lit jo helden dêr delkomme!]
12Lit de folken yn aksje komme en opmarsjearje
nei de delling fan Josjafat,
want dêr sil Ik sitte om rjochtdei te hâlden
oer alle folken fan rûnom.
13Slach de sichte deryn, want it gewaaks is ryp;
begjin mar te traapjen, de wynparse is fol,
de kûpen rinne oer, want grut is har ferdoarnens.
14Kloften by kloften, yn ’e delling fan it einbeslút,
want de dei fan de Heare is nei-oan yn ’e delling fan it einbeslút.
De dei fan de Heare
15De sinne en de moanne fertsjusterje,
de stjerren hâlde har glâns yn.
16De Heare brinzget fan ’e Sion,
Hy lit syn lûd hearre út Jeruzalem wei,
himel en ierde reitsje derfan yn ûnstjoer.
Mar de Heare is in skûle foar syn folk,
in stins foar it folk fan Israel.
17Dan sille jimme witte, dat Ik, de Heare, jimme God bin,
dy’t op ’e Sion wennet, myn hillige berch.
Jeruzalem sil hillige grûn wêze,
dêr’t frjemden net mear trochhinne komme.
It blide útsjoch
18Dy deis sil it sa komme, dat de bergen drippe fan ’e swiete wyn,
de hichten floeie fan ’e molke
en alle wetterlopen fan Juda sil wetter troch rinne,
want in welle sil opbuorlje yn it hûs fan de Heare,
en de akazia-delling sil wetter jaan.
19Egypte komt foar wyld te lizzen,
Edom wurdt ien deade wyldernis fanwegen it geweld dat se it folk fan Juda oandien hawwe
en it ûnskuldige bloed dat se dêr fergetten hawwe.
20Mar Juda sil altyd troch bewenne wêze
en Jeruzalem oant yn it fierste geslacht.
21‘Ik sil wrake nimme foar har bloed,
gjin skuldige dy’t dêr foarwei komt!’
en de Heare sil syn wente hawwe op ’e Sion.