Joël 3
De útstoarting fan ’e Geast
1Dêrnei sil it sa komme, dat Ik myn Geast útstoarte sil oer al wat libbet.
Jimme soannen en jimme dochters sille profetearje,
jimme âlderein sil dreamen krije,
de jongerein fizioenen sjen;
2ja, ek oer de slaven en slavinnen sil Ik yn dy dagen myn Geast útstoarte.
3Ik sil wûndertekens jaan oan ’e himel en op ’e ierde;
bloed, fjoer en pylders fan reek.
4De sinne sil yn tsjusternis feroarje
en de moanne yn bloed bywannear’t de Heare syn dei komt,
grut en ûntsettend!
5Dan sil it sa komme, dat elk dy’t de namme fan de Heare oanropt,
behâlden bliuwt,
want op ’e berch Sion en te Jeruzalem fine se behâld,
krekt sa’t de Heare sein hat;
dy’t de Heare roppen hat, dy sille ûntkomme.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap