Opskrift
1De wurden fan Amos, ien fan ’e skieppefokkers út Tekóa, dy’t him iepenbiere binne oer Israel. Dat wie yn ’e dagen fan kening Oezzia fan Juda en yn ’e dagen fan Jerobeäm, de soan fan Joäsj, kening fan Israel, twa jier foar de grutte ierdskodding. 2Amos sei:
As in liuw brinzget de Hear fan ’e Sion
en lit Hy út Jeruzalem wei syn lûd hearre;
no lizze de greiden fan ’e hoeders der treurich hinne
en fertoarret de top fan ’e Karmel.
It oardiel oer de Arameeërs
3Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Damaskus, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
As woenen se nôt terskje,
sa binne se oer it folk fan Gileäd hinnebrûsd
mei tersksliden mei izeren punten.
4Dêrom slingerje Ik fjoer yn it hûs fan Hazaël,
dat de stinzen fan Benhadad fertarre sil.
5Ik brek de poarte fan Damaskus iepen,
de hearsker oer Bikat-Aven lit Ik omkomme
en de man dy’t te Bet-Eden de skepter swaait;
dat hiele folk fan Aram giet yn ballingskip nei Kir,
seit de Heare.
It oardiel oer de Filistinen
6Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Gaza, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
Se hawwe in hiele kloft folk as ballingen fuortfierd
om dy oan Edom út te leverjen.
7Dêrom slingerje Ik fjoer binnen de muorren fan Gaza,
dat syn stinzen fertarre sil.
8De hearsker oer Asjdod lit Ik omkomme
en de man dy’t te Asjkelon de skepter swaait.
Ik sil Ekron ûnder hannen nimme
en wat der noch fan ’e Filistinen oer is, sil omkomme,
seit God de Heare.
It oardiel oer de Tyriërs
9Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Tyrus, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
In hiele kloft folk hawwe se as ballingen oan Edom útlevere,
sûnder der ek mar oan te tinken
dat Israel en Tyrus in bruorreferbûn hawwe.
10Dêrom slingerje Ik fjoer binnen de muorren fan Tyrus,
dat syn stinzen fertarre sil.
It oardiel oer Edom
11Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Edom, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
Se hawwe har bruorren mei it swurd op ’e lea sitten
en woenen fan gjin meilijen witte;
har grime bliuwt altyd like ferskuorrend
en hja hâlde har grammoedigens ivich en altyd fêst.
12Dêrom slingerje Ik fjoer yn Teman,
dat de stinzen fan Bosra fertarre sil.
It oardiel oer de Ammoniten
13Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Ammon, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
Se hawwe yn Gileäd de froulju dy’t in bern ferwachten,
iepensnien
om sadwaande har swetten út te lizzen.
14Dêrom stek Ik fjoer oan binnen de muorren fan Rabba,
dat syn stinzen fertarre sil.
De kriichsrop klinkt, de striid giet oan;
hear it gebolder, de stoarm brekt los!
15Har kening moat de ballingskip yn,
hysels mei al syn hege hearen,
seit de Heare.