It oardiel oer de Moäbiten
1Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Moäb, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
De bonken fan ’e kening fan Edom hawwe se ta kalk ferbaarnd.
2Dêrom slingerje Ik fjoer yn Moäb
dat de stinzen fan Keariot fertarre sil.
Dan stjert Moäb yn in grutte reboelje
ûnder kriichsgerop en hoarngesketter.
3Dan romje Ik syn machthawwer út ’e wei
en al syn hege hearen deadzje Ik ek,
seit de Heare.
It oardiel oer Juda
4Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Juda,
iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
Se hawwe myn wet leechlein
en har net oan myn ynsettings hâlden;
se hawwe har op ’e doele bringe litten troch har sabeare-goaden,
dêr’t har foarâlden ek al achteroan rûnen.
5Dêrom slingerje Ik fjoer yn Juda,
dat de stinzen fan Jeruzalem fertarre sil.
It oardiel oer Israel
6Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwegen al de misdieden fan Israel, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
In ûnskuldich man ferkeapje se samar,
in earme ferkwânselje se foar in pear sandalen.
7Se binne derop út om de holle fan ’e lytse man
yn ’e modder te traapjen
en de stumper it libben ûnmooglik te meitsjen;
heit en soan kinne beide net fan ’e faam ôfbliuwe.
Sadwaande helje se myn hillige namme troch it slyk.
8Klean dy’t as ûnderpân jûn wienen,
jouwe se har op del njonken elk alter
en yn it hûs fan har God drinke se de wyn
dy’t as boete betelle wie.
9En dat, wylst Ik de Amoriten foar har eagen útroege haw,
dy’t de hichte hellen fan sederbeammen
en sa sterk wienen as iken.
Ik haw se mei woartel-en-al útroege.
10Haw Ik jim derfoar út Egypte weihelle
en bin Ik jim derfoar foargien yn ’e woestyn,
fjirtich jier lang,
dat jim it lân fan ’e Amoriten yn erfbesit nimme koenen?
11Fan jimme soannen haw Ik guon as profeet opkomme litten,
fan jimme jongfeinten guon as nazireeër oan myn tsjinst ferbûn.
Of tochten jim soms fan net, Israeliten?
– is de godsspraak fan de Heare.
12Mar jim hawwe dy nazireeërs dronken boarnd
en dy profeten de mûle tabûn.
13Dêrom sil Ik de grûn dêr’t jim op steane, kreakje litte
sa’t in wein docht,
dy’t te heech mei skeaven oploege is.
14Sels foar de flugge is der dan gjin ûntkommen oan
en de sterke kin gjin krêft mear sette;
de held rêdt it libben der net ôf
15en de bôgesjitter kin it net hâlde;
de hurdrinner sil net ûntkomme
en de ruter rêdt it libben der net ôf;
16ja, de moedichste fan ’e helden slacht dy deis neaken op ’e flecht,
is de godsspraak fan de Heare.