Foarrjocht en ropping
1Hear nei dit wurd
dat de Heare oer jimme sprekt, folk fan Israel;
oer de hiele folksstam dy’t Ik út Egypte helle haw.
2Ut alle folksstammen op ’e ierdboaiem
haw Ik allinne jim derút kend,
– is de godsspraak fan de Heare.
Dêrom rekkenje Ik jimme al jim ûngerjochtichhede oan.
Kin in profeet swije?
3Kinne twa tegearre gean,
sûnder dat se elkoar fûn hawwe?
4Brinzget de liuw yn it wâld,
salang’t er gjin bút hat?
Jout in jonge liuw lûd yn syn hoale,
salang’t er neat fongen hat?
5Sjit in fûgel op it flapnet ôf,
as der gjin ies op ’e grûn leit?
Springt it flapnet fan ’e grûn op,
as der neat te beflappen is?
6Wurdt yn in stêd wolris alarm blaasd,
sûnder dat de lju der kjel fan wurde?
Komt der wolris in ramp oer in stêd,
dy’t bûten de Heare om giet?
7God de Heare docht ommers gjin ding, sûnder dat Er de profeten, dy’t yn syn tsjinst steane, syn geheim kenber makket?
8No, de liuw hat brinzge!
Hwa soe net bang wurde?
God de Heare hat sprutsen,
hwa soe dan net profetearje?
Tsjin Samaria mei syn ynklauwerij
9Sis it om by de stinzen fan Asjdod
en by de stinzen fan Egypte;
sis: Kom byinoar op ’e bergen fan Samaria
en sjoch de grutte dusoarder yn dy stêd
en hoe’t se dêr de lju derûnder hâlde:
10Rjochtdwaan witte se net fan –
is de godsspraak fan de Heare –
dy lju steapelje yn har stinzen mar op,
wat se mei macht en geweld byinoar klauwe.
11Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
De fijân sil it lân besingelje,
hy sil dyn gloarje delhelje
en dyn stinzen sille leechplondere wurde.
12Dit hat de Heare te sizzen:
Lykas in hoeder út ’e bek fan in liuw twa skrinkels rêdt of in lapke fan in ear,
sa sille ek mar in stikmannich Israeliten rêden wurde,
al sitte se dêr yn Samaria no noflik op ’e hoeke fan in bêd of tsjin in kessen fan in rêstbank.
Tsjin Samaria mei syn grutske bouwurken
13Harkje en warskôgje it folk fan Jakob,
is de godsspraak fan de Heare, God Almachtich:
14As Ik aanst Israel syn misdieden yn rekken bring,
dan rekkenje Ik ek ôf mei de alters fan Bet-El;
dan sille de hoarnen derôf houd wurde
en oer de grûn falle.
15Dan slach Ik it simmerhûs yninoar tagelyk mei it winterhûs,
al har pronk fan ivoar giet deroan,
de machtige huzen falle yn pún,
is de godsspraak fan de Heare.