Job antwurdet Elifaz: Sis my dan wat ik ferkeard dien haw
1Mar Job antwurde en sei:
2Och, as se myn argewaasje ris goed hifken
en dêrby myn ûntheistering ris op ’e skealjes leinen!
3Wis, it soe der op dit stuit swierder ynwage as it sân fan ’e seeën.
Dat hat it ek dien, dat myn wurden derby troch wienen.
4Ik sit ûnder de pylken fan ’e Almachtige
en dêr sûcht myn geast it fergif fan yn;
de ferskrikkings fan ’e Almachtige boskje tsjin my gear.
5Balt de ezel soms yn it nijgers?
En in ko grynt tink mei bêst foer foar him!
6Yt men lef iten sûnder sâlt?
Is der smaak oan it wyt fan it aai?
7Ik sil it net iens oanreitsje, it bedjert myn brea.
8Och, mocht ik myn sin krije,
mocht God jaan dêr’t ik op hoopje!
9Ditte: dat God Him opjout om my te fermoarzeljen,
syn hân mar gean lit om my ôf te snijen.
10Dat soe my noch ta treast wêze,
al hoe slim ik derta sit, ik soe it útdûnsje kinne: Hy sparret my net.
Soks doar ik oan, om’t ik de wurden fan ’e Hillige net oan kant skood haw.
11Wat haw ik noch om by te setten, dat ik wachtsje soe;
hokfoar útsjoch haw ik, dat ik it noch langer úthâlde wol?
12Ja, as ik sa sterk wie as in stien
en myn lichem fan koper!
13Mar as ik no mysels net helpe kin
en myn foarspoed by my wei flechte is,
14soenen myn freonen sa’n ien dy’t oan reapsein is, net tagedien wêze?
Ja, al soed er it ûntsach foar de Almachtige farre litte.
15Myn bruorren binne likemin te fertrouwen as in berchstream.
Berchstreamen brûzje oer ’e kanten hinne.
16Swart binne se fan it iis, de snie wurdt dêrop wei.
17Mar dan wurde se lytser en rinne se leech,
mei’t se hjit wurde, droegje se út en besteane net mear.
18Karavanen moatte in oare wei ynslaan,
se geane in wylde oarde yn en komme om.
19Karavanen fan Tema longeren op dy streamen,
it reisselskip út Skeba hie derop rekkene,
20se besauden har oer har fertrouwen,
se kamen dêr: wat hienen se harsels te fiter hân.
21Net oars: jimme binne lju fan neat,
jimme sjogge wat dat jim oangriist, en binne skou.
22Haw ik soms sein: ‘Jou my wat?
Betelje foar my mei in stik fan jim kaptaal?
23Helje my út ’e macht fan ’e ferdrukkers,
keapje my los út ’e hân fan hurde hearskers?’
24Jou jimme my wize lessen en ikke, ik sil my stilhâlde;
bring my dochs oan it ferstân, wêr’t ik op ’e doele bin.
25Praat op it stik oan, dat docht fertuten,
mar dat hiele warskôgjen fan jim, wat smyt dat op?
26Binne jimme fan doel oer wurden te stroffeljen?
It ferwar fan in wanhopigen-ien, mei dat wol ferwaaie op ’e wyn?
27Jimme soenen sels lotsje oer in wees
en jimme freon mar ferkwânselje.
28No dan, wês sa goed, sjoch my oan:
soe’k it oandoare jim lyk yn it antlit foar te ligen?
29Kom der dochs op werom, ûnrjocht jout gjin foech,
kom der dochs op werom, ik bliuw stean op myn rjocht!
30Soe myn tonge ûnrjocht útslaan,
soe myn ferwulft it ferdoarne net priuwe?