Toe, rop no mar. Sil der wol ien wêze dy’t dy antwurdet?
En ta wa fan ’e hilligen silst dy keare?
Wat oars, syn argewaasje docht in dommenien de dea
en in ûnnoazelenien syn wrotten en wramen.
Ik haw ris sa’n sokses sjoen: hy wie in bewoartele beam.
Mar ik haw him daliks de ûndergong fan syn hûs oansein.
It lok bleau fier fan syn bern,
hja waarden yn ’e poarte ferwâde, net ien dy’t har holp.
Syn risping: in hongerlijer slokte it op,
hy helle it oant út ’e toarnen wei,
en in albegear luts in strûp om it besit fan syn bern.
Tsjinslach komt net út it stof op
en swierrichheid sprút net samar út ’e grûn.
Nee, de minske sels komt dêrfoar op ’e wrâld,
krektlyk as fjoerpylken net oars kinne as heech opspatte!
As God slacht, helpt Er ek wer
Mar no de oare kant: ik soe de sterke God mar befreegje,
oan de hege God myn saak foarlizze.
Hy docht sokke grutte dingen, wy kinne der net by.
Wûnderbaarlike dingen, der is gjin tellensein oan.
Hy jout de rein oer de ierde,
Hy stjoert it wetter oer wegen en fjild.
Hy tilt de lytsen ta in hege steat
en dy’t de moedfearren hingje litte,
komme der hielendal wer boppe op.
Hy brekt de betinksels fan ’e slûchslimmen,
wat se by de ein hawwe, slagget har net.
Hy fangt de tûke lju mei har eigen glûpskens
en it plan fan smjunten mislearret troch bluisterigens.
Op ljochtskyndei rinne se yn it tsjuster
en middeis taaste se om har hinne as wie it nacht.
Sa ferlost Hy in earme lijer
fan har skerpe tonge en har hurde fûst.
In earmelytse mei wer hoopje,
mar in ferkearden-ien kin de mûle mar tichthâlde.
Lokkich, jawis, in minske, dy’t troch God te plak set wurdt:
de skrobbearring fan de Almachtige meist net lytsachtsje.
Hy docht wol sear, mar ferbynt ommers ek,
Hy slacht wûnen, mar deselde hân makket ek wer better.
Yn seis neden sil er dy úthelpe
en by de sânde sil it dy noch net reitsje.
By honger hellet er dy út it berik fan ’e dea
en yn oarloch út ’e macht fan it swurd.
Foar de gisel fan ’e hûn bisto ferburgen
en hoechst net yn noed te sitten as ’t oan útroegjen ta is.
Utroege wurde en honger lije? – do kinst derom laitsje!
En foar wylde bisten hoechst likemin bang te wêzen.
Mei de stiennen op it lân silst ommers in ferbûn hawwe
en de wylde bisten sille frede mei dy slute.
Do silst it fernimme: yn dyn tinte giet it mar bêst,
yn dyn wente fynst lek noch brek.
Do silst it sjen: do krigest in protte bern,
dyn neiteam sjit út as it gers op it lân.
Ald, mar net oanein, silst te hôf komme,
as in skeaf dy’t opladen wurdt as it tiid is.
Sjoch, sa hawwe wy it befûn. Sa is it.
Ast mar goed harke hast, dan witst it no sels ek!