De Almachtige tsjin in minske is gjin partuer
1Hat de minske net in min libben hjir op ierde?
Rint er net alle dagen yn ’e beage as in deihierarbeider?
2Krekt as in slaaf dy’t mar himet nei skaad,
en in wrotter dy’t longert nei syn lean,
3sa waard my moanne nei moanne taskikt, en ek noch omdôch,
en nachten mei lêst waarden my jûn.
4As ik my deljou, tink ik: Wannear kin ’k oerein?
Mar de jûn rekket al gjin ein oan!
Sa wrot ik mar om oan ’e moarnsskimer ta; ik bin ’t sa sêd.
5Myn lichem sit ûnder in tekken fan libben guod en smoarge koarsten,
de hûd tûkert my en sit fol smertlapen.
6Myn dagen binne foarbygien, hurder as in weefspoel,
mar no hâldt it op en hoop is der net.
7O God, tink derom, dat myn libben mar in siichje is,
myn each sil it goede noait wer sjen kinne.
8It each dat my no achtslacht, sil my net wer sjen;
jo eagen sille har op my rjochtsje, mar ik bin der net mear.
9In wolk lost op en ferwaait,
likemin stiicht ien dy’t yn it deaderyk weisinkt, wer omheech.
10Hy komt net mear werom yn syn hûs
en op syn plak wurdt er poerfrjemd.
11Mar ik sil ek de mûle net sparje;
ik wol oan it wurd, no’t myn geast it sa krap hat,
ik wol mei myn klacht komme, no’t ik ynderlik sa bitter lij.
12Bin ik in see of in seemeunster miskien,
dat Jo in wacht om my hinne sette?
13Wier, ik hie tocht: myn bêd sil my wol treast bringe,
myn sliepstee myn pleach ferlichtsje,
14mar dan ûntnimme Jo my de moed troch dreamen
en troch nachtmerjes meitsje Jo my kjel,
15dat myn persoan hat mar leaver de strôte tichtknypt,
en kiest de dea boppe sa’n bonkerak, as ik no bin.
16Ik wol sa net langer,
ik sil dochs net hieltyd trochlibje.
Jou Jo fan my ôf, want myn dagen binne mar in twirre.
17Wat is in minske dat Jo him sa grut achtsje
en sa’n niget oan him hawwe,
18dat Jo him elke moarn meunsterje,
altyd-mar-weroan him hifkje?
19Hoenear sjogge Jo ris in oare kant út,
litte Jo my einlings los?
20As ik sûndige haw, wat doch ik Jo dêrmei oan, o Minskehoeder?
Wêrom mikke Jo op my?
Hawwe Jo soms sa’n lêst fan my?
21Wêrom myn ferkeardens net ferjaan,
myn sûnde net gewurde litte?
Ik lis ommers mei gauwens yn it stof.
As Jo my dan sykje, bin ik der net ienris mear.