Is God de minske brek?
1En Elihû gong fierder:
2Achtsje jo it wol ynoarder dat jo sein hawwe:
‘Ik bin rjochtfeardiger as God?’
3Jo sizze ommers hieltyd mar: ‘Wat jout it jin?
Wat soe’k der better fan wurde, as ik it sûndigjen lit?’
4Ik sil jo ris wat te hâlden jaan
en jo freonen mei jo:
5Slach ris acht op ’e himel en sjoch,
hoe heech binne de wolkens, jo falle derby wei!
6As jo dan sûndigje, wat dogge jo Him dêrmei oan?
Jo meie gâns misstappen dien ha, soe Him dat wat dwaan?
7As jo rjochtfeardich binne, wat jouwe jo Him dêrmei
of wat krijt Er út jo hân?
8Inkeld jo gelikens hat mei jo goddeleazens te krijen
en in gewoan minske mei jo rjochtfeardigens.
God is sa geduldich!
9Minsken raze it út, as se fan alle kant derûnder hâlden wurde,
hja roppe om help as grutte lju har ûnder twang sette,
10mar net ien dy’t seit: ‘Wêr is God dy’t my makke hat,
dy’t jin sels by nacht noch sjonge lit,
11dy’t ús mear bybringt as it fee yn it lân,
ús wizer makket as de fûgels yn ’e loft?’
12Raas mar ta, Hy antwurdet net;
it binne blastige smjunten.
13It jout allegear neat, God heart der net nei,
de Almachtige sjocht der oerhinne.
14Jo sizze: ‘Dat is ’t krekt, men fernimt Him net!’
No, stil mar: Syn rjochtdei komt, noch efkes wachtsje!
15Om’t syn grime no noch net achter har oan sit
en Hy in bolderbast net bot achtslacht,
16docht Job de mûle mar iepen en it hat gjin doel,
steapelt er wurden opinoar en hy wit fan neat.