Moat in minske earst net lyts wurde?
1Doe gong Elihû fierder:
2Harkje nei myn wurden, jimme wize lju;
de earen iepen foar my, jimme binne ommers sa kundich!
3Want it ear moat de wurden hifkje,
sa’t de tonge de smaak fan it iten priuwt.
4Lit ús foar ússels útmeitsje wat rjocht is,
ûnderinoar oan ’e weet komme wat goed is.
5Job hat ommers sein: ‘Ik stean yn myn rjocht,
mar God hat myn rjocht oan kant skood.
6By myn earlike saak wurd ik foar liger útmakke,
hoewol net ôffallich, krij ik in pylk dy’t my de dea docht.’
7Wêr fynt men sa’n ien as Job?
Hy ferslokt him yn ’t spotten,
8hy is mei misdiedigers op en út
en is mei kweaminsken op ’en paad!
9It soe ien neat jaan, hat Job sein,
dat er tige mei God op hat?
10Dêrom, minsken mei ferstân, harkje nei my:
God is fij fan goddeleazens, de Almachtige fan ûnrjocht!
11Want elk krijt fan God lean nei wurken,
en al nei’t syn dwaan is, krijt er syn trekken thús!
12Nee wier, God makket Him net skuldich,
de Almachtige ferdraait it rjocht net.
13Wa hat Him it tafersjoch oer de ierde jûn
en wa oars hat de hiele wrâld be-oardere?
14As Hy oer de minsken gear rekke,
har geast en azem weromluts,
15dan wie it dien mei it hiele minsdom
en de minske soe wer stof wurde.
16En no de holle derby! Harkje nei my,
set de earen iepen foar wat ik sizze sil!
17Soe ien dy’t it rjocht hatet, de saak byinoar hâlde kinne?
Dan meie jo Him, rjochtfeardich en heech dat Er is, net sa útmeitsje!
18Hy kin tsjin in kening sizze fan: Dogeneat!,
tsjin eallju fan: Kweadoggers!
19Mei Him is ’t sa: Hy sjocht foarsten net nei de eagen
en Hy lûkt de grutte man net foar by de lytse,
want Hy hat har allegearre mei eigen hannen makke.
20Hja stjerre op ien stuit, ja, midden yn ’e nacht;
in folk, oan de lêste man ta, wurdt omreage en is fuort,
in sterkenien oan kant skood, gjin hân komt deroan te pas.
21Want Gods eagen geane oer alle gongen fan ’e minske,
Hy sjocht al syn stappen;
22der is gjin tsjuster sa swart,
dat de misdiedigers har dêr ferskûlje kinne.
23Hy ferget wier net hieltyd mar mear fan in minske;
dan soe dy mei rjocht en reden foar God ferskine kinne.
24Grutte bazen ferbrizelt Hy sûnder ûndersyk te dwaan
en dan stelt Er oaren oan, foar har yn it plak,
25want Hy wit fan har wurk, raamt har nachts om,
dan wurde se fertrape.
26Under it goddeleaze skaai fergriemt Er har,
alleman kin it sjen.
27Want se binne ôfwykt achter Him wei
en hawwe syn wegen gjin achtslein.
28Hja makken dat de needrop fan ’e lytsen ta Him opstiigde.
Doe hearde Hy de needgjalp fan dy’t it swier hienen.
29Mar as Hy Him stilhâldt, wa sil Him dan lekje?
As Hy Him ferskûlet, wa krijt Him te sjen,
watfoar folk en watfoar minske ek?
30Der soe ôfweefd wurde mei it hearskjen fan sa’n rûchhouwer,
sa’n ien dy’t it folk mar strûpt.
31Hat dy krimmenearder dan sels alris tsjin God sein:
‘Ik haw myn skuld op my nommen, ik sil net mear ferkeard dwaan;
32wat ik net sjoch, wiis my dat mar oan,
haw ik ûnrjocht dien, ik doch it net wer?’
33Moat it by jo útgean en dan perfoarst lyk-om-lyk? Want jo ha kapsje makke!
No, sykje jo it dan mar út, ik doch it net! En sis wat jo witte!
34Minsken mei ferstân sille it my sizze
en in wiis man harket nei my:
35dy Job hat net mei kennis fan saken sprutsen,
folle trochsicht siet der net yn syn praat.
36Myn Heit, gean troch mei Job oan ’e ein ta te hifkjen,
no’t hy mei syn antwurden by de misdiedigers bedarret.
37Want hy is al ôfdwaald en giet no fier oer de skreef,
want by ús sit er te húnjen en tsjin God hat er in steil wurd.