De rjochtfeardige moat hearre en him bekeare
1Elihû gong fierder mei syn betinken te sizzen:
2Haw noch in kromke geduld foar myn útlis,
want der is mear om foar God yn te bringen.
3Ik sil wiidweidich ophelje wat ik wit
en Him dy’t my makke hat rjochtdwaan.
4Want, wier-wier, myn wurden binne gjin leagens!
Der stiet ien foar jimme, dy’t goed wit wêr’t er it oer hat!
5Tink derom, God is geweldich, mar Hy fersmyt net ien.
Geweldich is foaral it fermogen fan syn ferstân.
6Hy lit de goddeleaze net yn libben,
mar soarget derfoar, dat ferdrukten oan har rjocht komme.
7Hy lûkt de eagen net fan de rjochtfeardige ôf.
Nee, dy wurdt as in kening op syn troan
fêst oansteld en yn in hege steat.
8Mar wa’t yn boeiens slein binne,
bestrûpt yn eigen ellinde,
9dy hâldt Er foar, wat se dien hawwe,
har ôffalligens, om’t se har sa grutsk foardienen.
10Hy lit har syn warskôging yn it ear klinke
en ropt har op om fan har kwea werom te kommen.
11As se hearre en Him tsjinje, meitsje se har dagen fleurich fol
en har jierren mei wille.
12Harkje se net, dan is it ôfrûn, in spear rekket har,
hja reitsje hjirwei en hawwe gjin ynsjoch wûn.
13Dy’t fan God net witte wolle, meitsje har lilk;
se roppe net om help, as Er har yn ’e boeiens set.
14Har libbenskrêft ferstjert al yn ’e jeugd,
har libben like hurd as fan dy’t ûntucht dogge yn ’e timpel.
15Ien dy’t yn ’t near sit, rêdt Er krekt troch dy syn benearing,
troch ferdrukking set Er harren it ear iepen.
16Hy hat jo ek wol út driigjende need weihelle;
dat jo hienen alle romte en rêst oan in tafel fol mei bêst iten.
17Fol? Jo sieten hjir fol fan: de kweaminske moast mei ôfrekkene wurde,
it strangste rjocht moast sokken oanpakke!
18In grime lôget! Gean net te seil op ’t besit fan in soad goed
en fersjoch jo net op in grut losjild!
19Soenen jo it oprêde en slagje út ’e need wei
mei gebear en alles op alles setten?
20Longerje dochs net op de nacht fan it oardiel,
as hiele folken opdreaun wurde út har stee!
21Wês op jo iepenst! Gean net de kant út fan skriklik kwea,
want dan hawwe jo keazen foar folle mear ellinde!
Swier waar! God is kommende wei
22Sjoch! Heech is God yn syn macht!
En wa is in learmaster lykas Hy?
23Wa hat Him oplein wat Er dwaan moat
en wa kin sizze: Jo dogge ûnrjocht?
24Tink derom dat jo fan syn wurk sprekke,
dat wurk dêr’t de lju wakker fan sjonge!
25De hiele wrâld sjocht it mei ferheardens,
en dan obstrewearret in minske it ek noch mar fan fierrens.
26God is wit-hoe ferheven, wy kinne der lang net by,
net nei te gean is it tal fan syn jierren.
27Hy is it dochs, dy’t de wetterdrippen oplûkt út ’e see.
En dy stalle dan de rein gear foar wetter op ’e ierde.
28De wolken eazje mar ta,
de drippen snjitte del op kloften minsken.
29En dan: wa begrypt hoe’t in wolk him útwreidet,
hoe’t de tonger yn syn wente bolderet.
30Sjoch, hoe’t Er dêroer syn ljocht útsjitte lit!
Mar Hy bedekt de djipten fan ’e seeboaiem!
31Sa oefent Er rjocht út oer ’e folken
mar soarget Er ek foar iten by de rûs.
32Hy docht de hannen fol mei wjerljocht
en rjochtet dy op wa’t him ferset.
33Syn tongerslaggen kundigje Him oan,
de baltende bisten fernimme de grime dy’t opstekt.