Elifaz de tredde kears: In grut sûnder as Job moat lytsman wurde
1Doe naam de Temanyt Elifaz it wurd. Dy sei:
2Bringt in minske God foardiel?
Ei nee, mar in ferstannigenien besoarget himsels foardiel.
3Soe de Almachtige dêr no sa’n belang by hawwe datsto yn dyn rjocht stiest?
Wurdt Hy der better fan, datsto dyn koerts streekrjocht makkest?
4Is it om dyn frommens, dat Er dy bestraft,
dat Er mei dy foar it rjocht giet?
5Hast net in heap kwea dien?
Dyn ôfdwalings – is dêr net de ein fan wei?
6Do hast ommers dyn bruorren ôfset yn ’t ûnreedlike
en yn har earmoed har de klean ôfskuord.
7In wurgen ien hast net iens drinken jûn,
in hongerigenien hast it brea wegere.
8Mar foar ien dy’t de fûsten oprôle, wie it lân,
of ien dy’t dij op ’e lije side oankaam, mocht derop wenje.
9Do hast widdowen mei lege hannen fuortstjoerd,
wezen hast alle ferwar ôfnommen.
10Dêrom sitst fan alle kanten yn ’e knipe,
makket de skrik dy ynienen oerémis.
11It is sa tsjuster wurden, do sjochst neat mear,
in stoartsee hat dy bedutsen.
12Is God net himelheech
en sjoch dan ris nei de fierste stjerren, hoe heech steane dy net?
13Mar do seiste: ‘Wat soe God witte,
soe Hy troch in swart wolketek hinne sjen en rjocht sprekke?
14Hy sit ommers beskûl achter de wolken en kin neat sjen.
Hy skaait wat om yn it himelferwulft.’
15Wêrom hâldsto dy oan ’e wei dy’t al oerâld is,
dêr’t it rosmos op omrint?
16Se wurde oanpakt al foar har tiid,
de grûn wurdt har ûnder de fuotten weispield,
17omdat se tsjin God seinen: ‘Jou Jo ôf!
Wat soe de Almachtige tsjin ús begjinne?’
18En dat is Hy dy’t it besit yn har huzen oploege hie.
Mar sok tinken fan ’e goddeleazen fersmyt ik fier.
19Deugdsume lju sille it sjen en der bliid om wêze;
dy’t sûnder lek en brek is, sil har de gek oanstekke.
20Sa grif as wat wurde se ferdylge, ús tsjinstanners,
en wat der fan har oerbliuwt, fertart it fjoer.
21Skik dy nei Him. Dat jout dy frede
en dan sil it dy goed gean.
22Nim dochs oan wat Hy dy leare wol.
Syn wurden moatst dellizze yn dyn hert.
23Ast dy ta de Almachtige bekearste, dan ferriist der foar dy in nij bestean.
Do moatst it ûnrjocht út dyn tinte ferbalje.
24Smyt it goud mar del yn it stof,
it fine goud tusken de grintstiennen yn ’e beken.
25Dan sil de Almachtige dyn goud wêze
en dyn skitterjend sulver.
26Dan silst dyn wille yn de Almachtige fine,
en frij nei Him omheech sjen.
27Ast Him ynmoedich fregest, sil Er nei dy harkje,
en watsto derby taseiste, dat silst ek dwaan.
28Asto ta wat beslútste, dan krigest dat klear.
Der is in ljochtglâns oer dyn paad.
29As se mar wâdzje en do seiste: Wat in drystens!
dan helpt God wa’t yn ’e lytse loege sit.
30Hy rêdt sels ien dy’t net frij-út giet;
trochdatsto de hannen skjin hâldst, kin ien rêden wurde.