Twadde antwurd fan Job oan Sofar: it is krektoarsom, in goddeleaze giet it faak tige, sels oan ’e ein ta
1Doe naam Job it wurd op. Hy sei:
2No moatte jimme goed nei my harkje;
as jimme dat dogge, jouwe jimme my dêrmei al treast.
3Jimme moatte my wat heine, dat ik my útprate kin.
En bin ik útpraat, driuw dan mar de spot mei my.
4Dêr’t ik mei omkrús, jildt dat in minske?
Hoe soe’t my dan net ynbaarne?
5Jou my jim omtinken en jim sille ferheard stean.
Jim sille de hân op ’e mûle slaan.
6As ik dêroan tink, stean ik ferbûke,
de grize giet my oer de grouwe:
7Wêrom libje krekt goddeleazen mar troch?
Se wurde âld en kinne stikken noch dea.
8Se sjogge de bern om har hinne, yn in fêste posysje,
pake- en beppesizzers sjogge se opgroeien.
9Yn har huzen is rêst dy’t gjinien fersteurt.
De stôk fan God slacht har net.
10Har bolle springt en it is rekke,
har ko keallet sûnder kealfersmiten.
11Hja litte har bern frij as jongfee,
dy lytskerts dûnsje deroer.
12Se sjonge ta by tromme en liere,
hawwe wille by it spyljen op ’e fluit.
13Se bringe de dagen troch yn fleur
en geane sûnder deastriid del yn ’t deaderyk.
14En dochs sizze se tsjin God: ‘Jou Jo ôf!
Sa’t Jo it wolle, sinnicht ús net.
15Wat soe dy Almachtige? En wy Him mar tsjinstber wêze, tink?
Wat soenen wy derby winne hieltyd mar by Him stean te skoaien?’
16O nee; se binne gjin baas oer eigen besit,
sok tinken fan ’e goddeleazen fersmyt ik fier.
17Lykwols, ik freegje al: Giet de lampe fan ’e goddeleazen wolris út?
Komt it ûngelok har wolris oer?
Jout God har yn syn grime wol lijen op lijen?
18Ferwaaie se wolris as strie op ’e wyn,
as tsjêf dêr’t de stoarm mei útnaait?
19God sparret syn straf miskien op foar de bern –
mar it wie mar better, dat Er it oer sa’n ien sels komme liet.
Dan soed er it gewaar wurde!
20Lit him syn eigen ûndergong sjen,
de gleone grime fan ’e Almachtige yndrinke!
21Want wat soed er noch om syn húshâlding male nei syn dea,
as de rige fan syn moannen ôfsnien is?
22Kin in minske God wat bybringe,
Him dy’t oer himelingen rjocht sprekt?
23De iene stjert, oan ’e ein ta hecht,
yn alle rêst en frede;
24syn amers binne fol molke,
de bonken sopje him fan ’t moarch.
25De oare stjert mei bitterens yn ’t moed,
fan ’t goede hat er nea preaun.
26Se komme allegearre yn it stof te lizzen
en reitsje ûnder de wjirms.
27Sjoch, ik wit wol, hoe’t jim deroer tinke,
en wat jimme my optwinge wolle.
28Want jimme sizze: ‘Wêr bliuwt it hûs fan ’e grutte man,
wêr de tinte dêr’t de goddeleazen yn wenje?’
29Mar hawwe jimme netris frege oan foarbygongers,
en de bewizen dy’t hja bybrochten, net mei sin neigien?
30In ferkeardenien wurdt ommers op ’e dei fan ’e delklap sparre;
op ’e dei dat it der ferwoeden om en ta giet, ûntrint er it.
31Wa lêst sa’n ien it leksum oer syn dwaan?
En as er wat útheefd hat, wa ferhellet it op him?
32Mar hy wurdt mei staasje nei it pronkgrêf brocht
en syn grêfhichte wurdt tige noed foar stien.
33Under de kluten is ’t him noflik:
de skare achter him oan dijt mar út,
foar him út binne se ek net te tellen.
34Hoe kinne jimme my dan sa’n healwize treast jaan?
Jim antwurden binne by einsluten kleare bedroch.