Job de tredde kears: Wêr is God dy’t wit, dat ik suver bin
1Mar Job antwurde en hy sei:
2Hjoed is al wer kleien myn iennichst ferwar,
ik kin net oars as slim krimmenearje.
3Och, wist ik no mar wêr’t ik Him fine koe,
ik soe gau by syn rjochterstoel stean,
4ik soe myn saak kreas oan Him foarlizze
en ik soe goed fan my ôfbite.
5Ik bin sa benijd nei syn antwurd.
Wat soe ik syn wurden goed achtslaan!
6Soe Hy mei barstend geweld tsjin my opkomme?
Nee, krekt oarsom. Hy sil nei my omsjen.
7Dan soe ik as in oprjochten-ien mei Him yn ’e pleit gean,
en ik soe foar ivich gjin lêst wer hawwe fan myn Rjochter.
8Mar sjoch, gean ik it easten yn, dêr is Hy net,
of nei it westen, ik fernim Him net.
9Is Er yn it noarden dwaande, ik sjoch dêr neat.
Jout Er Him del yn it suden, ik kin Him net sjen.
10Dochs wit Hy wol fan myn dwaan ôf,
as Er my hifkje woe, soe ik it mei glâns trochstean.
11Myn foet bliuwt yn syn fuotleasten,
ik haw my oan syn wei hâlden en wyk dêr net fan ôf.
12It gebod dat Hy jout, bin ik net ûntrûn;
wat Hy seit, waacht my swierder as myn eigen besef.
13Mar Hy bliuwt Himsels, wa kin Him beprate?
Dêr’t Er syn sin op set hat, dat docht Er.
14Wat Er foar my ornearre hat, dat giet grif troch.
En sa is Er noch folle mear fan doel.
15Dêrom, ik bin bang om Him oan te sjen.
As ik my der goed yn jou, wurd ik benaud foar Him.
16Ja, God makket my ferslein,
de Almachtige makket my kjel.
17Mar al is’t ek noch sa tsjuster, ik hâld my net stil,
al makket Hy it ek neare nacht om my hinne.