Elifaz de twadde kears: Do bist in minnen-ien mei dyn steil wurd
1Doe naam de Temanyt Elifaz it wurd. Dy sei:
2Moat in wiis man sok ôfwaaid praat ta beskie jaan,
moat dy himsels folpûste mei in ferskroeiende eastewyn?
3Wynt dy him derút mei in ferwar fan neat,
mei wurden om ’e nocht?
4Slimmer noch: Do weefst ôf mei de achting foar God,
do nimst it omtinken om Him wei.
5Dyn skuldgefoel stekt dy yn om it sa te sizzen,
do kiest foar it praat fan slûchslimmen.
6Sa feroardielet dyn eigen mûle dy, ik net;
dyn eigen wurden keare har tsjin dysels.
7Wiesto soms de earste minske op ’e wrâld,
bisto ta wêzen brocht, foardat de hichten bestienen?
8Wiesto faaks taharker yn Gods rie,
hast dêr dyn wysheid wei?
9Wat soestò no witte, dat wy net witte,
wêr hasto wol ferstân fan en wy tink net?
10Yn ús fermidden is ek in âldman, griis en wol,
heger op jierren as jimme heit!
11Fynsto dysels te grut foar Gods treast,
en foar it wurd dat sa myld oer dy is?
12Wêr lûkt it hert dy hinne,
wat byt dy de eagen út?
13Do kearst ommers dyn geast tsjin God
en fierst wakker in steil wurd.
14Och, wat is in minske? Hoe soed er suver wêze kinne?
In bern fan in frou – hoe soed er frij-út gean kinne?
15Sjoch, op syn hilligen fertrout Er al net
en de himel is net iens suver yn syn eagen.
16No, hoefolleste minder dan in ôfgryslik ferkearden-ien,
in minske dy’t it kwea drinkt as wie it wetter.
It kwea fynt syn master thús
17Ik sil dy ris wat fernije, moatst hearre:
ik sil dy fertelle wat ik sjoen haw.
18Wize lju ferhelje itselde
en ferswije net wat se fan har foarfaars hawwe.
19It lân wie harres allinne,
frjemdsin koe net by har ynkringe.
20In goddeleaze sit al syn dagen yn noed en pine.
Hoe lang er bestean sil, is foar in tiran in tsjustere saak.
21Yn syn earen beart it fan skrille lûden,
wylst alles frede is, komt in ferdylger him oer ’t mad.
22Hy leaut net, dat er út it tsjuster weislagje kin.
Der leit in swurd foar him op ’e loer.
23Hy skrept him de skonken út it liif om brea, mar wêre?
Hy wit: Gods hân beskikt him in tsjustere dei.
24Benearing en benaudens skrilje him op,
se wurde him oermânsk, krekt as in kening, klear foar de oanfal.
25Sa giet it mei him dy’t de fûst oprôlet tsjin God,
dy’t mûnich west hat tsjin de Almachtige.
26Hy fljocht mar op Him ôf, de holle yn ’e nekke,
mei syn skylden, fol grouwe knobbels.
27Want hy hat himsels sa fuorre, hy kwabbet deroer,
in laach fet hat er om ’e heupen.
28Mar hy moat him delsette yn teheistere stêden,
yn huzen dêr’t oars gjinien him nei wenjen jout,
dy’t foar stienbulten ornearre binne.
29Hy sil net ryk bliuwe en syn fermogen net hâlde.
It besit fan sok folk sil him op ’e ierde net útwreidzje.
30Nee, hy sil de tsjusternis net ûntkomme!
De skroeiwyn sil syn libbensbloei fertarre,
en hysels wurdt wei troch de azem fan Gods mûle.
31Lit him net te seil gean op dingen fan neat,
hy rekket it spoar bjuster
en bedijt neat mei neat derop ta.
32Foar syn tiid is ’t al ôfrûn
en syn palmtûke sil net wer opgrienje.
33Hy stjit ôf, krekt as in druvestrûk syn ûnripe frucht,
hy smyt dermei om as in olivebeam mei syn bloeisel.
34Want it skaai fan ’e godsferachters is ûnfruchtber
en fjoer sil de tinten fan ’e omkeapers fertarre.
35Swier geane se fan ’e misdiedichheid, gemienichheid bringe se te wrâld.
Wat se ynderlik útbriede, is in misbaksel.