Moat dat no de ein wêze?
1De minske, bern fan in frou,
hy libbet mar in setsje en krijt fan ’e ûnrêst ryklik syn part.
2Hy sjit op as in blom mar ferwilet ek samar wer,
as in skaad skaait er foarby en is der net mear.
3Sa’n ien hawwe Jo it op fersjoen,
Jo litte my mei Jo foar it rjocht komme.
4Wa krijt it foarinoar: in suveren-ien út in ûnsuveren?
Net ien!
5Syn dagen binne al sa slim beheind,
it tal fan syn moannen leit by Jo fêst,
Jo hawwe in grins steld, dêr’t er net oerhinne komt.
6Sjoch dan dochs in oare kant út, lit him gewurde,
dan hat er noch wat oan syn libben, krekt as in deihierarbeider.
7By in beam hat men noch hoop, as er omkappe wurdt.
Der kin feroaring komme, wis, syn leaten rinne wer út.
8As syn woartels yn ’e grûn âld wurde
en syn stobbe stadichoan ôfstjert,
9dan rint er wer út, sagau’t er wetter rûkt,
ja, hy jout wer twigen as in jonge oanplant.
10Mar sa faak as der in minske stjert, siicht er derhinne,
hy jout de lêste siken – en wêr bedarret er dan?
11It wetter rekket út ’e see wei
en de stream droeget út, rysdroech wurdt er,
12sa leit in minske him del en komt net wer oerein;
oant de himel der net mear is, earder wurdt er net wekker,
earder wurdt er net wekker makke út syn sliep.
13Wat soe ’k graach wolle dat Jo my weitreauwen yn it deaderyk,
my ferburgen oant jo lilkens belune wie;
dat Jo foar my in fêste tiid stelden en dan wer oan my tochten.
14As in minske stjert, sil er wer libje?
Elke dei soe’k, by al myn gewraksel, dy hoop fêsthâlde,
krekt salang dat it foar my feroare.
15Dan sille Jo roppe en ik sil Jo antwurdzje,
Jo sille langst hawwe nei it wurk fan jo hannen.
16Mar Jo geane no myn gongen noch sekuer nei
en Jo binne net mijen oer myn sûnde,
17myn ferkearde fiten komme yn in bondel, fersegele en wol.
Jo plakke myn ôfdwalings ticht.
18It is mar sa: in berch stoart yn en wurdt pún
en in rots ferskoot fan ’t plak,
19wetter slipet stiennen ôf, floeden spiele de grûn fuort.
Sa meitsje Jo, dat in swak minske gjin hoop mear hâldt.
20Jo slagge him foargoed del mei geweld, it is mei him ôfrûn.
Jo litte him fan kleur fersjitte en ferbalje him.
21Komme syn bern yn eare, hy wurdt it net gewaar,
of takje se ôf – hy komt it net oan ’e weet.
22Hy hat allinne lêst fan syn eigen lichem,
hy skriemt allinne om syn eigen leed.