God sil jim rabjen net langer ferneare
1Soks allegearre hawwe myn eagen sjoen,
myn earen heard en goed yn har opnommen.
2Wat jimme witte, wit ik krektlike goed,
ik kin jimme skoan belykje.
3Ik wol it mar besykje de Almachtige te wurd te kommen,
ik bin fan doel mei Him yn ’e pleit te gean.
4Jimme lykwols binne liichbisten en wûnderdokters,
de iene sa goed as de oare!
5As jim jim noris mûskestil hâlden,
dat soe o sa ferstannich wêze.
6Hear dochs nei wat ik by te bringen haw,
harkje nei wat ik bepleitsje!
7Sille jimme foar God opkomme mei gemienens,
it foar Him opnimme troch te ligen?
8Meie jimme nei ien kant oerhingje
en mar wakker foar God yn ’e pleit gean?
9Komt it goed as Er jim hert ûndersiket?
Woenen jim Him ferrifelje, sa’t men mei minsken docht?
10Hy sil jimme goed geweken nimme,
as jimme Him temûk op ’e lije side krûpe.
11Sil syn hegens jim net feralterearje,
de skrik foar Him net oer jimme komme?
12Jimme spreuken hingje as los sân oaninoar!
Jim ferwar jout gjin hâld.
13Nee toe, hâld jim stil oer my en lit my útprate,
it mei dan komme sa’t it komt.
14Wêrom doch ik de tosken opinoar
en riskearje ik myn libben?
15Al lit Er my stjerre – en ik haw neat’te ferwachtsjen –
likegoed sil ik myn dwaan en litten foar Him skjinpleitsje.
16Soks moat my grif ten goeden komme.
Oarsom hat ien dy’t net mei Him rekkent, gjin tagong by Him.
17Hear dochs goed nei myn wurden,
set de earen wiid iepen foar wat ik ferklearje!
18Sjoch no dochs: myn rjochtsaak sit goed yninoar,
ik wit it fêst, ik stean yn myn rjocht.
19Wa is it einliks dy’t mei my oan it striden is?
Ik kin my ommers no mar better stilhâlde en weireitsje.
20Allinne twa dingen, God, soe’k wolle, dat Jo mei my dienen;
dan sil ik foar Jo net weikrûpe:
21doch jo hân, dy’t op my drukt, fuort
en lit de frees foar Jo my net langer oerstjoer meitsje.
22Dan meie Jo roppe en ik jou wol lûd,
of lit my oan it wurd en Jo jouwe my antwurd.
23Sis my: hoefier geane myn ôfdwalings en missetten?
Fernij it my, wêr’t ik ôffallich en sûndich west haw.
24Wêrom keare Jo my de rêch ta
en rekkenje Jo my as jo fijân?
25Jeie Jo in blêd yn ’e wyn noch op,
sitte Jo achter in droech strieke oan?
26Jo skikke my ommers it iene bittere leed nei it oare ta,
Jo ferhelje op my de ôfdwalings fan doe’t ik jong wie.
27Jo sette my de fuotten mar yn it blok, oeral hâlde Jo my yn ’e rekken,
Jo keare myn gongen op.
28En dat om sa’n lijer, dy’t weitart as hied er in frettende kwaal,
as wied er in âlde lape, troch de mot oantaast.