Jobs antwurd: jimme miene it te witten, mar de wysheid is by de Heare
1Mar doe rekke Job oan it wurd:
2Jonge, dat stiet derby, jimme binne nochris lju!
Mei jim sil de wysheid wol útstjerre!
3Mar myn ferstân is neat minder as jimmes! Ik kin jimme skoan belykje!
Trouwens – by wa fynt men soks nèt?
4In gek foar syn freonen – dat bin ik no al in skoft;
ien dy’t sa faak as er oan God rôp, antwurd krige;
ien dêr’t neat op te sizzen falt, dy stiet foar gek?
5‘Ien dy’t yn ’t ûngelok sit, mei men frij ferachtsje,’ mient de man dy’t sels goed sit;
‘soks hawwe te wachtsjen dy’t net stevich op ’e skonken steane!’
6Dy’t op oaren loshuffe, yn dy har tinten is rêst,
en dy’t tsjin God steane, hoege oer gjin ding yn noed te sitten,
sokken sleept God mei eigen hân fan alles oan.
7Och, freegje dochs it fee op it fjild, dat kin it dy leare,
of it fûgelguod yn ’e loft, dat sil it dy oerbringe.
8Of petearje mei de ierde, dy kin it dy leare,
ja, de fisken yn ’e see sille it dy fertelle.
9Wa krijt net foar it ferstân by al sokke dingen:
de Heare hat dêr de hân yn!
10De azem fan alles dat libbet, hat Hy de macht oer,
en ek oer de geast yn elk minske.
11Moat it ear de wurden net hifkje,
en it ferwulft it iten net goed priuwe?
12Alde minsken soenen wiis wêze
en in lang libben soe in sûn oardiel jaan?
13By einsluten is der by Him allinne wysheid en macht,
allinne by Him doel en begryp.
14As Hy ôfbrekt, wurdt der net wer boud,
as Hy in minske opslút, komt dy net wer los.
15As Hy it wetter opkeart, falt de grûn droech,
lit Hy it frij rinne, alles op ierde wurdt delspield.
16Hy set mei geweld troch en it slagget Him;
as ien op ’e doele is of op ’e doele bringt,
Hy hat it yn ’e macht.
17Riedslju moatte op bleate fuotten rinne,
rjochters set Hy foar spot.
18Boeiens dy’t keningen oandien hawwe, makket Hy, rûtsdy, los,
mar harsels docht Er in gurdle om ’e mul.
19Prysters moatte likegoed op bleate fuotten rinne,
en âlde adel stjit Er fan ’t stee, hals oer de kop.
20Hy ûntnimt de spraak oan wisse lju,
en nimt by âlde lju it skerpe oardiel wei.
21Hy stoart ferachting út oer dy’t foaroan steane,
en grutte bazen kinne net mear út ’e fuotten.
22Djip ferburgen dingen bringt Hy, út it tsjuster wei, ta klearrichheid.
Hy hellet swarte skaden yn it ljocht.
23Hy set de folken heech en stoart se yn it leech,
Hy lit se útwreidzje en hâldt se yn betwang.
24Hy ûntnimt it ferstân oan ’e heechste lânadel
en lit se omdoarmje yn in wylde oarde sûnder útwei.
25Se taaste om yn it tsjuster, it ljocht foargoed bjuster.
Hy lit har omdwale as in dronken-enien.