Job andert Elifaz: God hat my oan smjunten oerlevere
1Doe antwurde Job. Hy sei:
2Soks ha’k no al sa faak heard,
fertrietlike fertreasters binne jimme allegearre.
3Komt der ek ris in ein oan dat ôfwaaid praat?
Of is der wat, dat dy derta oanset om tsjin te akseljen?
4As jim der sa tasieten as ik, soe ik ek wol krekt sa prate kinne.
Ik soe dan redenryk tsjin jimme wêze en oer jimme de holle skodzje.
5Watte? Myn mûle soe moed ynsprekke,
en ik soe dêrby út meilijen, mijen wêze mei myn wurd.
6Sis ik wat – myn fertriet saksearret net.
Mar mei stilhâlden wurd ik it ek net kwyt.
7Ik bin no ynein. God hat my deawurch makke.
Jo hawwe myn rûnte fan freonen útinoar reage
8en my oanpakt! Ik kom op in kweanamme;
myn kwaal stiet tsjin my op en klaget my iepentlik oan.
9Syn grime is ferskuorrend en hy hat in slimme wrok tsjin my;
hy knarst op ’e tosken tsjin my,
myn tsjinstanner sjocht my mei fûle eagen oan.
10Se skuorre allegear de mûle wiid tsjin my iepen,
se houwe my húnjend op it wang,
se kloftsje mei-inoar tsjin my gear.
11God hat my oan smjunten oerlevere
en Hy hat my yn ’e hannen fan ’e goddeleazen ferfalle litten.
12Ik hie der gjin euvelmoed yn – mar dêr joech Er my in trewinkel,
Hy grypte my by ’t nekfel en houde my del.
Hy hat my as sjitskiif foar Him delset.
13Syn pylken snuorje om my hinne;
Hy trochboarret my de nieren en sparret my net,
myn galle stoart Er út op ’e grûn.
14De iene bresse by de oare brekt Er troch my hinne,
as in fjochtersbaas stoot Er op my ôf.
15In roukleed haw ik oer it fel oaninoar naaid;
ik bin alhiel te lider slein.
16It gesicht is my read fan it skriemen,
op ’e eachslidden leit in tsjuster skaad.
17En dochs hat myn hân net yn ’e slach west
en is myn bidden suver.
In foarspraak yn ’e himel
18O ierde, bedobje myn bloed net,
lit myn roppen net ta rêst komme.
19Yn ’e himel is ek no noch Ien dy’t it foar my opnimt,
ja, myn foarspraak is omhegens!
20Myn freonen fiere in steil wurd
mar myn eagen rjochtsje har skriemend op God.
21Ien moat dochs útspraak dwaan tusken in man en God
en tusken in minskebern en syn neiste.
22Och, safolle jierren komme der ommers net mear,
en dan gean ik in paad dat gjin weromwei hat.