Fiiftûzen man krije te iten
1Dêrnei gong Jezus nei de oare kant de mar fan Galiléa (of fan Tibearias). 2De minsken gongen Him withoemachtich achternei, omdat se de tekens seagen, dy’t Er oan ’e siken die. 3Jezus gong by de berch op en joech Him dêr mei syn learlingen del. 4It rûn nei Peaske, it feest fan ’e Joaden. 5Doe’t Jezus om Him hinne seach en opmurk, dat der safolle folk by Him kaam, sei Er tsjin Filippus: Wêr sille wy brea keapje, dat dy minsken te iten hawwe? 6Mar dat sei Er om him te hifkjen; want Hy wist sels wol wat Er dwaan soe. 7Filippus antwurde Him: Foar twahûndert denaarjes brea kinne se noch net ienris mei ta, sil elk in stikje hawwe. 8Ien fan syn learlingen, Andréas, Simon Petrus syn broer, sei tsjin Him: 9Hjir is wol in jonkje dat fiif koarnbreaën hat en twa fiskjes; mar wat seit dat foar safolle minsken? 10Jezus sei: Lit de minsken har deljaan. Der stie frijwat gers op dat plak. Doe joegen se har del, mei-inoar sa’n fiiftûzen manlju. 11Jezus krige de breaën, tanke en dielde se om ûnder de lju dy’t mei oanleinen en krektallyk mei de fiskjes, safolle as se mar woenen. 12Doe’t se har sêd iten hienen, sei Er tsjin syn learlingen: Fandelje de brokken byinoar dy’t der oer binne; der mei neat weiwurde. 13Dus fandelen se dy byinoar en makken tolve kuorren fol mei de brokken fan ’e fiif koarnbreaën, dy’t der nei it iten oer wienen.
14Doe’t de minsken seagen wat teken Er dien hie, seinen se: It kin net misse, dit is de profeet dy’t yn ’e wrâld komme moast! 15Doe’t Jezus fernaam, dat se Him mei geweld meinimme woenen en kening meitsje, naam Er de wyk en gong wer by de berch op, lykme allinne.
Jezus rint oer it wetter
16Doe’t it jûn waard, gongen syn learlingen del nei de mar, 17stapten yn in boat en stutsen de mar oer, dat út nei Kafarnaüm. It wie al tsjuster wurden en noch wie Jezus net by harren kommen, 18en de mar waard hol, want it waaide in stoarm. 19Doe’t se sa’n fiif, seis kilometer fearn hienen, seagen se Jezus oer it wetter rinnen oant deunby it boat en se waarden bang. 20Hy sei tsjin harren: ‘Ik bin it, wês mar net bang.’ 21Doe woenen se him yn it boat nimme, mar op itselde stuit kaam it boat oan ’e wâl op it plak, dêr’t se hinne ûnderweis wienen.
It echte Libbensbrea
22De oare deis krige it folk dat noch oare kant de mar stie, foar it ferstân, dat der oars gjin boatsje west hie as dat iene en dat Jezus net mei syn learlingen yn it boat gien wie, mar dat syn learlingen sûnder Him fuortfearn wienen; 23der kamen wol oare boatsjes út Tibearias wei, fuort by it plak dêr’t se brea-iten hienen nei’t de Hear tanke hie. 24Doe’t de minsken fernamen dat Jezus dêr net mear wie en syn learlingen ek net, stapten se sels ek yn ’e boatsjes en foeren nei Kafarnaüm om Jezus te sykjen. 25Doe’t se Him fûn hienen, oare kant de mar, seinen se tsjin Him: Rabby, wannear binne Jo hjir kommen?
26Jezus joech harren ta antwurd: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: jimme sykje My net omdat jimme tekens sjoen hawwe, mar omdat jimme fan it brea iten hawwe en sêd wurden binne. 27Arbeidzje net om it iten dat weiwurdt, mar om it iten dat bliuwt om der ivich fan te libjen; dat sil de Minskesoan jimme jaan. Want op Him hat God de Heit syn segel set. 28Se seinen tsjin Him: Wat moatte wy dwaan om te folbringen, wat God allegear fan ús freget? 29Jezus joech har ta antwurd: God freget mar ien ding fan jimme: dat jimme leauwe yn Him dy’t Hy stjoerd hat. 30Hja seinen fierders tsjin Him: Wat teken dogge Jo dan, dat wy it sjen meie en Jo leauwe? Wat dogge Jo? 31Us foarâlden hawwe it manna iten yn ’e woestyn, lykas beskreaun stiet: Brea út ’e himel joech Er harren te iten.
32Doe sei Jezus tsjin harren: Wiswier, wiswier, dit sis Ik jimme: Mozes hat jimme it brea út ’e himel net jûn, nee, myn Heit jout jimme it echte brea út ’e himel; 33it brea fan God is Hy dy’t út ’e himel delkomt en de wrâld it libben jout. 34Doe seinen se tsjin Him: Hear, jou ús altyd dat brea. 35Jezus sei tsjin harren: Ik bin it libbensbrea; dy’t by My komt sil gjin honger wer hawwe en dy’t oan My leaut sil noait wer toarst krije. 36Mar Ik haw it jimme al sein: jimme sjogge [My] en leauwe dochs net. 37Al wat de Heit My jout, sil by My komme en dy’t by My komt sil Ik wier net útstjitte, 38want Ik bin net út ’e himel delkommen om myn eigen sin te dwaan, mar it sin fan Him dy’t My stjoerd hat. 39Dit is de bedoeling fan Him dy’t My stjoerd hat, dat Ik fan alles wat Hy My jûn hat, neat weiwurde litte sil, mar dat Ik it de lêste deis út ’e dea ferrize litte sil. 40Want dit is de bedoeling fan myn Heit, dat elk dy’t de Soan sjocht en yn Him leaut ivich libben hawwe sil en Ik sil him de lêste deis út ’e dea ferrize litte.
41De Joaden prottelen oer Him, omdat Er sein hie: Ik bin it brea dat út ’e himel delkommen is. 42Se seinen: Is dat Jezus, de soan fan Joazef net, en kenne wy syn heit [en mem] net? Hoe kin Er no sizze: Ik bin út ’e himel delkommen? 43Jezus joech harren ta antwurd: Prottelje net sa ûnder inoarren. 44Net ien kin by My komme, as myn Heit dy’t My stjoerd hat, him net nei My talûkt en Ik sil him de lêste deis út ’e dea ferrize litte. 45Der stiet beskreaun yn ’e profeten: En se sille allegearre fan God sels ûnderwiis krije! Elk dy’t harket nei wat myn Heit him leart, komt by My. 46Net, dat ien myn Heit oait sjoen hat, inkeld Hy dy’t by myn Heit weikomt, dy hat myn Heit sjoen. 47Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: dy’t leaut, hat ivich libben.
48Ik bin it libbensbrea. 49Jimme foarâlden hawwe it manna iten yn ’e woestyn en dochs binne se stoarn; 50dit is it brea dat út ’e himel delkomt, dat in minske dy’t dêr fan yt, net mear stjerre sil. 51Ik bin it libbene brea dat út ’e himel delkommen is; as in minske fan dit brea yt, sil er yn ivichheid libje; it brea dat Ik jaan sil is myn fleis, [dat Ik jou] foar it libben fan ’e wrâld.
52Doe strieden de Joaden ûnderinoar: se seinen: Hoe kin Hy ús syn fleis te iten jaan? 53Jezus sei tsjin harren: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: as jimme it fleis fan ’e Minskesoan net ite en syn bloed net drinke, dan is der gjin libben yn jimme. 54Dy’t myn fleis yt en myn bloed drinkt, hat ivich libben en Ik sil him de lêste deis út ’e dea ferrize litte. 55Want myn fleis is echt iten en myn bloed is echt drinken. 56Dy’t myn fleis yt en myn bloed drinkt, bliuwt yn My en Ik yn him. 57Lykas de libbene Heit My stjoerd hat en Ik troch Him libje, sa sil ek de minske dy’t My yt, troch My libje. 58Dit is it brea, dat út ’e himel delkommen is; it is net lykas it brea, dat de foarâlden iten hawwe en dochs binne se stoarn; dy’t dit brea yt, sil yn ivichheid libje. 59Dat sei Er, doe’t Er yn in synagoge te Kafarnaüm ûnderrjocht joech.
Twivel by de learlingen. De belidenis fan Petrus
60Doe seinen frijwat fan syn learlingen, dy’t it heard hienen: Dat sizzen komt te bot oan; wa kin soks oanhearre? 61Jezus wist by Himsels, dat syn learlingen deroer prottelen en sei tsjin harren: Hawwe jimme dêr argewaasje fan? 62En as jimme dan de Minskesoan ris opfarren sjogge nei it plak dêr’t Er earder wie? 63De Geast is it dy’t libben makket, it fleis docht neat gjin nut. De wurden dy’t Ik tsjin jimme sprutsen haw, binne Geast en libben. 64Mar der binne guon ûnder jimme, dy’t net leauwe. Want Jezus hat fan it earste begjin ôf al witten, wa’t net leauden en wa’t syn ferrieder wurde soe. 65Hy sei: Dêrom haw Ik tsjin jimme sein: Net ien kin by My komme, as it him fan ’e Heit net jûn is.
66Sûnt dy tiid joegen gâns fan syn learlingen har ôf en reizgen net langer mei Him troch it lân. 67Doe sei Jezus tsjin ’e tolve learlingen: Wolle jimme faaks ek mei fuortgean? 68Simon Petrus antwurde Him: Hear, nei wa sille wy tagean? Jo hawwe wurden fan ivich libben; 69en wy leauwe en witte, dat Jo Gods Hillige binne. 70Jezus antwurde harren: Haw Ik jimme alle tolve net útkeazen? En dochs is ien fan jimme in duvel. 71Hy doelde dêrmei op Judas, de soan fan Simon Iskariot; want dy soe Him ferriede, ien fan ’e tolve.