Jezus’ bruorren leauwe net yn Him
1Neitiid makke Jezus in omreis troch Galiléa; want Hy woe net yn Judéa ferkeare, omdat de Joaden derop út wienen Him fan kant te meitsjen. 2It wie hast oan it Joadske Huttefeest ta. 3Doe seinen syn bruorren tsjin Him: Gean hjirwei, nei Judéa ta, dan kinne dyn learlingen ek sjen watst út ’e wei setst. 4Net ien docht syn wurk ommers yn in úthoeke, as er sels ferneamd wurde wol. Ast sokke dingen dochst, moatst Dysels ek oan ’e hiele wrâld bekend meitsje. 5Want syn eigen bruorren leauden net ienris yn Him. 6Jezus sei doe tsjin harren: Myn tiid is der noch net, mar foar jimme komt elke tiid fan pas. 7De wrâld kin jimme net haatsje, mar My hatet se al, omdat Ik fan har getúch, dat se ferkearde dingen docht. 8Gean jimme mar op nei it feest; Ik gean der (noch) net hinne, want foar My is de tiid noch net ryp. 9Dat sei Er tsjin harren en Hy bleau yn Galiléa.
10Mar doe’t syn bruorren opgien wienen nei it feest, doe gong Er sels ek op, net iepenlik, mar sa, dat it gjin each joech. 11De Joaden sochten om Him op it feest en seinen: Wêr bliuwt Er no? 12Der waard frijwat oer Him mûskoppe ûnder it folk; guon seinen: Hy is in bêsten; oaren seinen: Nee, Hy bringt it folk op ’e doele. 13Mar net ien prate rûnút oer Him, út benaudens foar de Joaden.
De útspraak fan Jezus op it Huttefeest
14It feest wie al op ’e helte, doe gong Jezus nei de timpel en joech dêr ûnderrjocht. 15Doe fregen de Joaden ferheard: Hoe wit dy man dat allegearre? Hy hat der ommers net ta leard? 16Jezus joech harren ta antwurd: Wat Ik de minsken lear, komt net fan Mysels, mar fan Him dy’t My stjoerd hat; 17as in minske Gods wil dwaan wol, sil er wol fan dizze lear witte, oft dy út God is of dat Ik út Mysels sprek. 18Dy’t út himsels sprekt, dy is út op eigen eare; mar dy’t it te rêden is om ’e eare fan dy’t him stjoerd hat, dy is betrouber en der sit by him gjin ûnearlikheid by. 19Hat Mozes jimme de wet net jûn? En net ien fan jimme hâldt him oan dy wet. Wêrom wolle jimme My fan kant meitsje? 20It folk antwurde: Jo slane troch; wa wol Jo fan kant meitsje? 21Jezus joech harren ta antwurd: No haw Ik ien kear wat dien en jimme besauwe jim der allegearre oer. 22No dan, Mozes hat jimme de besnijenis jûn – sa net, dy komt net fan Mozes, mar fan ’e aartsfaders – en jimme besnije in minske ek op sabbat. 23As no in minske op sabbat besnien wurdt om de wet fan Mozes yn eare te hâlden, binne jimme dan lilk op My omdat Ik op sabbat in hiele minske sûn makke haw? 24Oardielje net neffens de skyn, mar oardielje rjochtfeardich.
25Doe seinen guon fan ’e Jeruzalemmers: Is dat de man net dy’t se fan kant meitsje wolle? 26En no stiet Er dêr samar frijút te praten en se sizze der Him neat fan. Soenen ús foarmannen dan no wrychtich ek al miene, dat Hy de Messias is? 27Mar fan Him hjirre witte wy, wêr’t Er wei is; mar as de Messias komt, sil net ien witte wêr’t Er wei is. 28En Jezus rôp, wylst Er yn ’e timpel oan it learen wie: My kenne jimme en jimme witte wêr’t Ik wei bin; dochs bin Ik net út Mysels kommen, mar op Him dy’t My stjoerd hat, kin men oan, en Dy kenne jimme net. 29Ik ken Him al, want by Him bin Ik wei en Hy hat My stjoerd.
30Doe woenen se Him oppakke, mar net ien sloech in hân oan Him, want syn tiid wie noch net kommen. 31Mar in hopen minsken ûnder it folk begûnen yn Him te leauwen; dy seinen: As de Messias komt, sil Er dan mear tekens dwaan as dizze man dien hat?
32De Fariseeërs fernamen, dat der ûnder it folk sa oer Him mûskoppe waard; sadwaande stjoerden de hegeprysters en de Fariseeërs der feinten op út om Him op te pakken. 33Doe sei Jezus: Noch mar in koart skoftsje bin Ik by jimme en dan gean Ik werom nei Him dy’t My stjoerd hat. 34Jimme sille om ’e nocht om My sykje en dêr’t Ik bin, kinne jimme net komme. 35Doe seinen de Joaden tsjin inoar: Wêr wol dy man hinne, dat wy Him net fine kinne? Hy wol dochs net nei de Joaden-om-utens, om de oare folken te ûnderrjochtsjen? 36Wat betsjut dat sizzen fan Him: Jimme sille om ’e nocht om My sykje; en: Dêr’t Ik bin, kinne jimme net komme?
Libben wetter. Foar- en tsjinstanners fan Jezus
37De lêste deis, it hichtepunt fan it feest, stie Jezus dêr en rôp: As der ien is dy’t toarst hat, lit him (by My) komme om te drinken! 38Dy’t yn My leaut, sil it gean lykas it skriftwurd seit: Streamen fan libben wetter sille út syn binnenst floeie. 39– Dêrmei doelde Er op ’e Geast, dy’t de minsken krije soenen, dy’t yn Him leauden; want de Geast wie der noch net, omdat Jezus noch net ferhearlike wie. –
40Doe seinen guon út it folk, dy’t dy wurden heard hienen: Dit is wier de profeet! 41Oaren seinen: Dit is de Messias; wer oaren seinen: De Messias komt dochs net út Galiléa? 42Seit it Skriftwurd net: De Messias komt út ’e neiteam fan David en út Betlehem, it plak dêr’t David wenne hat? 43Sa kaam der twaspjalt ûnder it folk om Him; 44guon fan harren woenen Him oppakke, mar net ien stuts in hân nei Him út.
45Doe kamen de feinten wer by de hegeprysters en Fariseeërs en dy seinen tsjin harren: Wêrom hawwe jimme Him net meinommen? 46De feinten antwurden: Noch noait hat in minske sa sprutsen, lykas dizze man sprekt. 47De Fariseeërs antwurden harren: Hawwe jimme jim soms ek al op ’e doele bringe litten? 48Is der ien fan ’e lieders fan it folk of fan ’e Fariseeërs dy’t yn Him leaut? 49Mar dat naasje, dat de wet net ken, ferflokt binne se. 50Ien fan harren, Nikodémus, dy’t earder alris by him west hie, sei tsjin harren: 51Us wet oardielet dochs gjin minske sûnder dat men him earst heard hat en fan him fernommen hat wat er docht? 52Se joegen him ta antwurd: Binne jo soms ek in Galileeër? Sykje it mar nei, jo sille sjen, der komt út Galiléa gjin profeet.
Op troubrek trappearre; wa is ûnskuldich?
[53Doe gongen se allegearre op hûs yn.