In sike man op sabbat better makke
1Neitiid wie der in feest fan ’e Joaden en Jezus gong op nei Jeruzalem. 2No wie der yn Jeruzalem by de Skieppepoarte in fiver, dy’t yn ’e taal fan ’e Joaden Betzata hjit, mei fiif pyldergongen. 3Dêrûnder leinen withoefolle siken, blinen, kreupelen en lammen. [ 4] 5Sa wie dêr ek in man dy’t al achtentritich jier siik lein hie; 6doe’t Jezus dy lizzen seach, en fernommen hie dat er al sa lang sa lei, sei Er tsjin him: Wolle jo sûn wurde? 7De sike sei tsjin Him: Hear, ik haw gjin minske, dy’t my yn ’e fiver bringe kin, as it wetter yn beweging komt; as ik dêroan kom, giet in oar ûnderwilens foar my yn it wetter. 8Jezus sei tsjin him: Kom oerein, krij dyn matras op en gean. 9Fuortynienen waard de man better, hy krige syn matras op en koe gean.
No wie it sabbat dy deis. 10Dêrom seinen de Joaden tsjin ’e man dy’t better wurden wie: It is hjoed sabbat, jo meie dat matras net drage. 11Mar hy antwurde harren: Dy’t my wer better makke hat, dy hat tsjin my sein: Krij dyn matras op en gean. 12Se fregen him: Wa is de man dy’t tsjin jo sein hat: Krij dyn matras op en gean? 13Mar hy wist net wa’t it wie; want Jezus wie weiwurden yn it folk dat dêr allegear wie.
14Neitiid trof Jezus him yn ’e timpel en sei tsjin him: Sjochris, do bist no wol wer better wurden; mar doch net wer sa ferkeard, oars komme dy slimmer dingen oer. 15De man gong nei de Joaden en fertelde harren, dat it Jezus wie, dy’t him wer better makke hie. 16Dêrom hienen de Joaden it op Jezus begrepen, omdat Er sokke dingen op sabbat die. 17Mar Hy sei tsjin harren: Myn Heit arbeidet oant no ta troch. Ik arbeidzje ek troch. 18Dêrom wienen de Joaden der namste fûlder op om Him fan kant te meitsjen, omdat Er net allinne de sabbat ôfskafte, mar ek noch God syn eigen Heit neamde en dêrmei Himsels op ien hichte sette mei God.
Jezus is ien mei syn Heit
19Mar Jezus joech harren te hâlden: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: De Soan kin út himsels neat dwaan, behalven wat Er syn Heit dwaan sjocht; want al wat Dy docht, docht de Soan allyksa. 20Want de Heit hat syn Soan leaf, dêrom lit Er Him alles sjen wat Er docht, en Hy sil Him noch grutter dingen sjen litte, dat jimme der nij by opsjen sille. 21Lykas de Heit de deaden ta libben ferrize lit, sa makket de Soan ek libben dy’t Er wol. 22Want de Heit oardielet gjin ien; Hy hat syn Soan it hiele oardiel yn hannen jûn, 23dat de minsken de Soan deselde eare jaan soenen, dy’t se syn Heit jouwe. Dy’t de Soan net earet, earet de Heit net, dy’t Him stjoerd hat. 24Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, dy’t myn wurd heart en leaut yn Him dy’t My stjoerd hat, hat ivich libben; hy hoecht net oardiele te wurden; nee, hy is al oergien fan ’e dea nei it libben. 25Wiswier, wiswier, Ik sis jimme dat de tiid komt, ja dy is der no al, dat de deaden it lûd fan ’e Soan fan God hearre sille en op it hearren fan dat lûd sille se ta libben komme. 26Lykas de Heit libben hat yn Himsels, sa hat de Soan ek libben yn Himsels; dat hat de Heit Him jûn. 27Hy hat Him de macht jûn om rjochtdei te hâlden, omdat Er de Minskesoan is. 28Dit moat jimme gjin nij dwaan; de tiid komt dat allegearre dy’t yn it grêf lizze syn lûd hearre sille, 29en se sille derút komme; dy’t it goede dien hawwe, sille ferrize om te libjen; dy’t it ferkearde dien hawwe, om oardiele te wurden.
De getugenissen dêr’t Jezus Him op beropt
30Ik kin neat út Mysels dwaan; lykas it My sein wurdt, sa oardielje Ik; Myn oardiel is rjochtfeardich, want Ik freegje net wat Ik sels wol, mar wat Hy wol dy’t My stjoerd hat. 31As Ik fan Mysels getúch, jildt myn getugenis net; 32der is in Oar, dy’t fan My getúcht, en Ik wit, dat it getugenis dat Hy oer My jout, wier is. 33Jimme hawwe boadskippers nei Johannes ta stjoerd, en doe hat dy foar de wierheid getúgd. 34Nèt, dat Ik ferlet hawwe soe fan it getugenis fan in minske, mar Ik sis dit ta jimme behâld. 35Hy wie de lampe dy’t brânt en ljocht jout en jimme woenen sels in skoftlang optein wêze oer syn ljocht. 36Mar Ik haw in getugenis dat mear wurdich is as dat fan Johannes; de dieden dy’t myn Heit My opdroegen hat om te folbringen, ja krekt dy dieden getuge fan My, dat myn Heit My stjoerd hat. 37Myn Heit, dy’t My stjoerd hat, Dy hat ek fan My getúgd. Jimme hawwe syn lûd noait heard en witte net hoe’t Er derút sjocht, 38en syn wurd bewarje jimme net, want jimme wolle Him net leauwe dy’t de Heit útstjoerd hat. 39Jimme plúzje de Skriften nei, want jimme miene dêr it ivige libben yn te finen; dy binne it no krekt, dy’t fan My getuge; 40en dochs wolle jimme net by My komme om it libben te finen. 41Eare fan minsken haw Ik gjin ferlet fan, 42mar Ik ken jimme: der is gjin leafde foar God by jimme. 43Ik bin kommen mei folmacht fan myn Heit en jimme nimme My net oan; mar as der in oaren komt op eigen manneboet, sille jimme dy oannimme. 44Hoe kinne jimme oait leauwe, jimme dy’t sa graach eare fan inoar hawwe wolle en net út binne op ’e eare dy’t fan ’e iennichste God komt? 45Mien net, dat Ik jimme by de Heit oankleie sil; der is al ien dy’t jimme oanklaget: dyselde Mozes, dêr’t jimme op hoopje. 46As jimme wier Mozes leauden, soenen jimme My ek leauwe; want oer My hat er skreaun. 47As jimme net leauwe wolle wat hy skreaun hat, hoe sille jimme dan leauwe wat Ik sis?