It petear mei de Samaritaanske frou; libben wetter
1Der waard oan ’e Fariseeërs trochdien: Jezus makket en doopt mear learlingen as Johannes. 2(Jezus doopte sels net, mar syn learlingen dienen it). 3Doe’t de Hear dat fernaam, gong Er út Judéa wei en reizge wer ôf nei Galiléa.
4Mar Hy moast troch Samaria. 5Sadwaande kaam Er by in Samaritaanske stêd, dy’t Suchar hjit, fuort by it stik lân, dat Jakob syn soan Joazef jûn hie; 6dêr wie de welle fan Jakob ek. Omdat Jezus wurch wie fan ’e reis, gong Er sa wat by de welle sitten; it wie in oere as tolve. 7Doe kaam der in frou út Samaria om wetter te putten. Jezus sei tsjin har: Jou my wat drinken. 8Want syn learlingen wienen fuortgien nei de stêd, om iten te keapjen. 9De Samaritaanske frou sei tsjin Him: Hoe kinne Jo, dy’t in Joad binne, my, in Samaritaanske, om drinken freegje? [Want Joaden geane net mei Samaritanen om.] 10Jezus joech har ta antwurd: As jo wisten wat God jout, en wa’t it is dy’t tsjin jo seit: Jou my wat drinken, jo soenen der Him om frege hawwe en Hy soe jo libben wetter jûn hawwe. 11Se sei tsjin Him: Hear, Jo hawwe gjin amer en de saad is ek noch djip; wêr krije Jo dan dat libben wetter wei? 12Jo steane dochs net heger as ús stamfaar Jakob, dy’t ús de saad jûn hat en dy’t der sels út dronken hat, mei syn soannen en syn fee. 13Jezus joech har ta antwurd: Elk dy’t fan dit wetter drinkt, sil wer toarst krije; 14mar elk dy’t fan it wetter drinkt dat Ik him jaan sil, sil yn der ivichheid gjin toarst wer krije; nee, it wetter dat Ik him jaan sil, sil in wetterwelle wurde, dy’t yn him opwâlet om der ivich fan te libjen. 15De frou sei tsjin Him: Hear, jou my dat wetter, dat ik gjin toarst wer krij en hjir net wer hinne hoech om wetter te putten. 16Hy sei tsjin har: Gean hinne, rop jo man en kom hjir dan wer. 17De frou joech ta antwurd: Ik haw gjin man. Doe sei Jezus tsjin har: Mei rjocht en reden seinen jo: Ik haw gjin man; 18fiif manlju hawwe jo ommers hân en dy’t jo no hawwe, is jo man net; it is wier wat jo dêr sein hawwe. 19De frou sei tsjin Him: Hear, ik sjoch wol dat Jo in profeet binne. 20Us foarâlden hienen har earetsjinst op dizze berch hjirre; en jimme sizze dat Jeruzalem it plak is, dêr’t men God ferearje moat. 21Jezus sei tsjin har: Leau my, frou, der komt in tiid, dat jimme myn Heit net mear op dizze berch hjirre ferearje sille en likemin yn Jeruzalem. 22Jimme ferearje sûnder te witten wa’t jimme ferearje; wy witte wa’t wy ferearje, want it heil komt by de Joaden wei; 23mar de tiid komt en is der no al, dat de wiere ferearders myn Heit yn ’e Geast en yn wierheid ferearje sille; want myn Heit is der op út, sokke ferearders te finen. 24God is Geast en dy’t Him ferearje, moatte dat dwaan yn ’e Geast en yn wierheid. 25De frou sei tsjin Him: Ik wit dat de Messias komt, dy’t ek Kristus neamd wurdt; as dy komt, sil Er ús alles oansizze. 26Jezus sei tsjin har: Dat bin Ik dy’t mei jo praat. 27Op dat stuit kamen syn learlingen der oan. Dy seagen der nij by op, dat Er mei in frou yn petear wie; lykwols frege net ien Him: wat wolle Jo dêr mei? of: Wat beprate Jo mei har? 28Doe liet de frou har wetterkrûk stean, rûn nei de stêd en sei tsjin ’e lju: 29Kom, sjoch, dêr is in man dy’t my ferteld hat, wat ik allegear dien haw; soe dat de Messias net wêze? 30Doe rûnen se ta de stêd út nei Him ta. 31Underwilens stienen de learlingen der by Him op oan: Rabby, nim wat iten. 32Mar Hy sei tsjin harren: Ik haw wat te iten, dat jimme net kenne. 33De learlingen seinen tsjin inoar: Hat ien Him dan soms iten brocht? 34Jezus sei tsjin harren: Myn iten is, dat Ik de wil doch fan Him dy’t My stjoerd hat en dat Ik syn wurk folbring. 35Sizze jimme net: It hâldt noch fjouwer moanne oan, dan komt de tiid fan sichtsjen? No dan, Ik sis jimme: Doch de eagen iepen en skôgje de fjilden: se binne wyt, ryp om sichte te wurden. 36No al bart de sichter lean en hellet de frucht byinoar, om der ivich fan te libjen, dat de siedder en de sichter tegearre bliid wêze meie. 37Sadwaande komt it sprekwurd út, dat seit: De iene sieddet en in oaren hellet de frucht yn. 38Ik haw jimme útstjoerd om fruchten yn te heljen dêr’t jimme net foar wrotten hawwe; oaren hawwe wrotten en jimme falt de frucht fan har skreppen samar ta.
39Yn dy stêd kamen frijwat Samaritanen derta, yn Him te leauwen troch de ferklearring fan ’e frou: Hy hat my ferteld, wat ik allegear dien haw. 40Doe kamen se by Him en fregen Him, oft Er by harren bliuwe woe; en Hy bleau dêr twa dagen. 41Noch folle mear begûnen te leauwen om syn ferkundiging, 42en se seinen tsjin ’e frou: Wy leauwe net mear om wat jo sein hawwe; wy hawwe it no ommers sels heard en wy witte dat dizze Man wier-wier de Rêder fan ’e wrâld is.
In jonge yn Kafarnaüm wer better makke
43Doe’t dy twa dagen om wienen, gong Er dêr wer wei nei Galiléa. 44– Jezus hat sels ommers ris sein: In profeet is yn syn heitelân net yn oansjen! – 45Mar doe’t Er yn Galiléa kaam, hellen de Galileeërs Him yn, omdat se sjoen hienen, wat Er allegear yn Jeruzalem op it feest dien hie; want sels hienen se ek nei it feest ta west.
46Doe kaam Er opnij yn Kana yn Galiléa, dêr’t Er fan wetter wyn makke hie. No wenne dêr yn Kafarnaüm sa’n hofamtner fan ’e kening, dy syn soan lei siik. 47Doe’t er hearde, dat Jezus wer út Judéa wei yn Galiléa kommen wie, gong er nei Him ta: hy frege Him om mei te kommen en syn soan better te meitsjen, want dy wie deasiik. 48Mar Jezus sei tsjin him: Jim leauwe allinne mar, as jim wûndertekens sjogge! 49De keninklike amtner sei tsjin Him: Hear kom no gau, want oars is myn bern al stoarn. 50Jezus sei tsjin him: Gean werom, jo soan is al wer better. De man leaude wat Jezus tsjin him sein hie, en gong werom. 51Doe’t er noch ûnderweis wie, kamen syn slaven him yn ’e mjitte mei it boadskip: Jo soan is wer better! 52En hy frege harren, hoe let it west hie, doe’t er opknapt wie; se seinen tsjin him: Justermiddei om ien oere gong de koarts him ôf. 53Doe waard it de heit dúdlik, dat dat op ’e selde tiid west hie, dat Jezus tsjin him sei: Jo soan is wer better; en hy kaam ta leauwen mei syn hiele húshâlding.
54Dat wie dan it twadde teken, dat Jezus die; Hy die it, neidat Er út Judéa yn Galiléa kommen wie.