It wurk fan ’e Helper
1Dit haw Ik tsjin jimme sein, dat jimme net komme te fallen. 2Se sille jimme út ’e synagoge sette; ja, de tiid komt dat elk dy’t jimme deadet, tinke sil dat Er God dêr eare mei bewiist. 3En dat sille se jimme dwaan, omdat se myn Heit net kennen leard hawwe, en My likemin. 4Mar dêrom haw Ik dat tsjin jimme sein, dat it jimme – as dy tiid kommen is – yn it sin komme sil, dat Ik it jimme sein haw. Yn ’t earstoan haw Ik jimme dat net sein, omdat Ik doe noch by jimme wie.
5No gean Ik fuort nei Him, dy’t My stjoerd hat en net ien fan jimme freget My. Wêr geane Jo hinne? 6Mar omdat Ik dat tsjin jimme sein haw, is jimme hert fol fertriet. 7Mar Ik sis jimme de wierheid: it is goed foar jimme dat Ik fuortgean. Want as Ik net fuortgean, kin de Helper net by jimme komme; mar as Ik fuortgean, sil Ik Him nei jimme ta stjoere. 8En as dy Helper komt, sil Er de wrâld oan it ferstân bringe, wat sûnde is en wat gerjochtichheid is en wat oardiel is; 9sûnde is, dat se net yn My leauwe: 10gerjochtichheid is, dat Ik fuortgean nei myn Heit en jimme My net mear sjogge; 11en oardiel is, dat de foarst fan dizze wrâld feroardiele is.
12Ik haw jimme noch safolle te sizzen, mar dat kinne jimme no noch net ferneare; 13mar as Hy komt, de Geast fan ’e wierheid, sil dy jimme ynliede yn ’e folle wierheid. Hy sil net út Himsels sprekke, mar wat Er heart sil Er trochjaan en jimme oansizze wat der komme sil. 14Dy sil My ferhearlikje, want Hy sil út mines nimme en it jimme oansizze. 15Alles wat myn Heit hat, is mines; dêrom sis Ik: Hy nimt út mines en sil it jimme oansizze.
Fertriet wurdt ta blydskip
16Noch in koart skoft, dan sille jimme My net mear sjen en wer in koart skoft, dan sille jimme My al sjen. 17Doe seinen guon fan syn learlingen tsjininoar: Wat betsjut dat, wat Er tsjin ús seit: Noch in koart skoft, dan sille jimme My net sjen en dan wer in koart skoft, dan sille jimme My al sjen? en: Ik gean fuort, nei myn Heit? 18Se seinen dus: Wat is dat foar in koart skoft dêr’t Er it oer hat? Wy witte net wat Er bedoelt. 19Jezus fernaam, dat se Him wat freegje woenen, en Hy sei tsjin harren: Redendielje jimme deroer dat Ik sein haw: noch in koart skoft, dan sille jimme My net sjen en wer in koart skoft, dan sille jimme My al sjen? 20Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, jimme sille skrieme en kleie; mar de wrâld sil wille hawwe; jimme sille fertriet hawwe, mar jimme fertriet sil yn wille feroarje. 21As in frou in bern krije sil, hat se pine, omdat it safier is mei har; likegoed, as it bern der is, tinkt se net mear oan har benaudens, sa bliid is se, dat der in minske te wrâld kommen is. 22Sa hawwe jimme no ek fertriet; mar Ik sil jimme wer sjen, dan sille jimme fan herten fleurich wêze en net ien kin jimme dy blydskip ôfnimme. 23Dy deis sille jimme My neat freegje. Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, as jimme myn Heit om wat freegje, sil Er it jimme jaan om My. 24Oan distiid ta hawwe jimme nearne yn myn namme om bidden, no meie jimme bidde en jimme sille it krije, dat der oan jimme blydskip neat mear mankeare mei.
25Dit haw Ik jimme yn byldspraak sein; der komt in tiid, dat Ik net mear yn bylden tsjin jimme prate sil, mar dat Ik jimme rjochtút fan myn Heit fertelle sil. 26Dy deis sille jimme yn myn namme bidde; Ik hoech myn Heit net mear foar jimme te freegjen; 27want myn Heit sels hâldt fan jimme, omdat jimme fan My hâlden hawwe en leaud hawwe, dat Ik by God wei kommen bin. 28Ik bin by myn Heit wei gien en yn ’e wrâld kommen; Ik ferlit de wrâld en gean wer nei myn Heit.
29Syn learlingen seinen: Sjoch, no prate Jo rjochtút en Jo brûke gjin inkeld byld. 30No witte wy dat Jo alles witte en der gjin ferlet fan hawwe dat men Jo wat freget; sadwaande leauwe wy, dat Jo by God wei komme. 31Jezus antwurde harren: Leauwe jimme no? 32Sjoch, der komt in tiid en dy is der al, dat jimme útinoar jage wurde, elk syn eigen kant op, en My allinne litte; mar Ik bin net allinne, want myn Heit is by My. 33Dit haw Ik tsjin jimme sein, dat jimme yn My frede hawwe soenen. Yn ’e wrâld moatte jimme der swier ûnder troch, mar hâld moed, Ik haw de wrâld oerwûn.