It gebed fan Jezus; Jezus bidt foar Himsels
1Sa spriek Jezus. Doe sloech Er de eagen op nei de himel en sei: Heit, de tiid is kommen; ferhearlikje jo Soan, dat de Soan Jo ferhearlikje mei. 2Jo hawwe Him ommers macht jûn oer it hiele minskdom, om oan elk dy’t Jo Him jûn hawwe, ivich libben te jaan. 3En dit is it ivige libben, dat se Jo kenne, de iennichste wiere God, en Him dy’t Jo stjoerd hawwe, Jezus Kristus. 4Ik haw Jo ferhearlike op ’e ierde, troch it wurk te folbringen dat Jo My te dwaan jûn hawwe; 5en no: ferhearlikje Jo My, Heit, by Josels, mei de hearlikheid dy’t Ik by Jo hie, ear’t de wrâld der wie.
Jezus bidt foar syn learlingen
6Ik haw Jo bekend makke oan ’e minsken, dy’t Jo My út ’e wrâld jûn hawwe. Jowes wienen se en oan My hawwe Jo se jûn en se hawwe har oan jo wurd hâlden. 7No witte se, dat alles wat Jo My jûn hawwe, fan Jo komt; 8want it boadskip dat Jo My meijûn hawwe, haw Ik harren trochdien; hja hawwe dat oannommen en hawwe it wier ynsjoen, dat Ik by Jo weikommen bin, en binne ta it leauwen kommen dat Jo My stjoerd hawwe. 9Ik freegje foar harren; net foar de wrâld freegje Ik, mar foar dy’t Jo My jûn hawwe, omdat se fan Jo binne; 10en al wat mines is is jowes, en jowes is mines, en Ik bin yn harren ferhearlike. 11Ik bin aanst net mear yn ’e wrâld, mar hja binne al yn ’e wrâld, wylst Ik nei Jo ta gean. Hillige Heit, bewarje har yn jo namme, dy’t Jo My jûn hawwe, dat se ien wêze meie lykas Wy. 12Salang’t Ik by harren wie, haw Ik harren yn jo namme bewarre, dy’t Jo My jûn hawwe; Ik haw op har past en der is net ien oars fan harren ferlern gien as dy’t ferlern gean soe. Sa moast it Skriftwurd neikomme. 13No gean Ik nei Jo ta; Ik sis dat noch yn ’e wrâld, dat Ik harren troch alles hinne bliid meitsje mei. 14Ik haw harren jo boadskip trochdien en de wrâld hat har hate, omdat se net fan ’e wrâld binne, likemin as Ik fan ’e wrâld bin. 15Ik freegje net, dat Jo har út ’e wrâld weinimme sille, mar dat Jo har bewarje sille foar de kweade. 16Se binne net fan ’e wrâld, likemin as Ik fan ’e wrâld bin. 17Wij har yn wierheid oan Jo ta; jo wurd is de wierheid. 18Lykas Jo My yn ’e wrâld stjoerd hawwe, stjoer Ik harren yn ’e wrâld; 19en foar harren wij Ik My oan Jo ta, dat se sels ek yn wierheid oan Jo tawijd wêze meie.
Jezus bidt foar allegearre dy’t leauwe
20Net foar harren allinne freegje Ik, mar ek foar de minsken dy’t troch har wurd yn My leauwe, 21dat se allegearre ien wêze meie, lykas Jo, Heit, yn My binne en Ik yn Jo, dat hja ek yn Us wêze meie, dat de wrâld leauwe mei dat Jo My stjoerd hawwe. 22Ik haw harren de hearlikheid jûn dy’t Jo My jûn hawwe, dat se ien wêze meie lykas Wy ien binne; 23Ik yn harren en Jo yn My, dat se folslein ien wêze meie, dat de wrâld ynsjen mei dat Jo My stjoerd hawwe en harren leafhân hawwe lykas Jo My leafhân hawwe.
24Heit, wat Jo My jûn hawwe – Ik wol dat dy mei My wêze sille dêr’t Ik bin, om myn hearlikheid te sjen, dy’t Jo My jûn hawwe omdat Jo My leafhân hawwe foar de grûnlizzing fan ’e wrâld. 25Rjochtfeardige Heit, al hat de wrâld Jo net kend, dochs haw Ik Jo wol kend, en hja hawwe ynsjoen, dat Jo My stjoerd hawwe; 26Ik haw harren jo namme bekend makke en Ik sil dêr mei trochgean, dat de leafde dêr’t Jo My mei leafhân hawwe, yn harren wêze mei en Ik yn harren.