De echte druvebeam
1Ik bin de echte druvebeam en myn Heit is de hofker. 2Elke rank oan My, dy’t gjin frucht jout, dy hellet Er derút en elke rank dy’t al frucht jout, suveret Er, dat dy namste mear frucht jaan mei. 3No binne jimme al suver troch it wurd dat Ik tsjin jimme sein haw. 4Bliuw dan mei My ferbûn, lykas Ik mei jimme. Lykas de rank út himsels gjin frucht jaan kin, as er net oan ’e druvebeam bliuwt, sa kinne jimme it likemin, as jimme net mei My ferbûn bliuwe. 5Ik bin de druvebeam, jimme de ranken. Dy’t yn My bliuwt, lykas Ik yn Him, dy jout gâns frucht, want bûten My om kinne jimme neat dwaan. 6Dy’t net mei My ferbûn bliuwt, wurdt fuortsmiten lykas de rank en ferwilet; men fandelet se by inoar en smyt se yn it fjoer en dan ferbrâne se. 7As jimme mei My ferbûn bliuwe en oan myn wurden fêsthâlde, freegje dan, wat jimme mar wolle en jimme sille it krije. 8Dêr wurdt myn Heit mei eare, (dat) jimme gâns frucht jouwe en dan sille jimme myn learlingen wêze.
9Lykas myn Heit my leafhân hat, sa haw Ik jimme leafhân, hâld dan oan myn leafde fêst. 10As jimme dogge wat Ik jimme opdroegen haw, sille jimme yn myn leafde bliuwe, lykas Ik ek dien haw wat myn Heit My opdroegen hat en oan syn leafde fêsthâld. 11Dit haw Ik jimme sein, dat myn blydskip jimmes wêze soe en jimme troch alles hinne bliid wurde soenen.
12Dit draach Ik jimme op, dat jimme inoar leafhawwe sille, lykas Ik jimme leafhân haw. 13Grutter leafde as dizze hat net ien: dat ien syn libben weijout foar syn freonen. 14Jimme binne myn freonen, as jimme dogge wat Ik jimme opdraach. 15Ik neam jimme gjin slaven langer, want in slaaf wit net wat syn hear docht; Ik haw jimme freonen neamd, want, wat Ik fan myn Heit heard haw, dat haw Ik jimme allegearre bekend makke. 16Jimme hawwe My net útsocht, Ik haw jimme útsocht en jimme oanwiisd om hinne te gean en frucht te jaan, frucht dy’t duorje kin, dat myn Heit jimme sadwaande alles jaan mei, wat jimme Him yn myn namme freegje. 17Dit draach Ik jimme op, dat jimme inoar leafhawwe sille.
18As de wrâld jimme hatet, betink dan dat dy My earder hate hat as jimme. 19As jimme fan ’e wrâld wienen, soe de wrâld it wol goed miene mei wat by har heart; mar omdat jimme net by de wrâld hearre, mar Ik jimme útsocht haw út ’e wrâld, dêrom hatet de wrâld jimme. 20Tink om wat Ik tsjin jimme sein haw; de slaaf stiet net boppe syn Hear. Hawwe se My ferfolge? Dan sille se jimme ek ferfolgje. Hawwe se myn wurd achtslein? Dan sille se jimmes ek achtslaan. 21Lykwols al dy dingen sille se jimme oandwaan om My, omdat se Him net kenne, dy’t My stjoerd hat. 22As Ik net kommen wie en net tsjin harren sprutsen hie, soenen se gjin skuld hawwe; no kinne se har skuld net goedprate. 23Dy’t My hatet, hatet ek myn Heit. 24As Ik net yn har fermidden dien hie wat gjinien oars dien hat, soenen se gjin skuld hawwe; mar no hawwe se dat sjoen en dochs hawwe se My en myn Heit beide hate. 25Mar sa moat it wurd neikomme, dat yn har wet beskreaun stiet: ‘Se hawwe my sûnder reden hate!’
26As de Helper komt, dy’t Ik jimme by myn Heit wei stjoere sil, de Geast fan ’e wierheid, dy’t by myn Heit wei komt, sil dy oer My getuge; 27jimme moatte èk getuge, omdat jimme al fan it begjin ôf by My binne.