Straf foar it tsjinjen fan it himelhear
1Yn dyselde tiid – is de godsspraak fan de Heare – sille se de deade bonken fan ’e keningen fan Juda en fan syn hege hearen, dy fan ’e prysters en fan ’e profeten en dy fan ’e eardere bewenners fan Jeruzalem út ’e grêven helje 2en se útstalle foar de sinne, de moanne en de hiele stjerrekloft; dêr wienen se ommers sa wiis mei; dy hawwe se tsjinne en dêr rûnen se achteroan; dy waarden rieplachte en oanbidden. Se sille net wer byinoarfandele of begroeven wurde: dong oer it lân sille se wêze. 3En allegearre dy’t dan noch oer binne fan dit ferdoarne skaai, wêr’t Ik se ek mar hinne dreaun haw – is de godsspraak fan de Heare – se sille leaver stjerre wolle as noch langer libje.
Ofkear sûnder omkear
4Sis tsjin harren: Dit hat de Heare te sizzen:
As immen falt, giet er dan net wer oerein?
As immen it paad bjuster rekket,
giet er dan net werom?
5Wêrom bliuwt Jeruzalem dan it paad bjuster,
dit folk mei syn ivige ôffallichheid?
Se hâlde de leagen stiif fêst
en wolle net werom.
6Ik haw ris opmerksum harke:
Se sizze gjin wier wurd;
gjinien dy’t lêst hat fan syn ferkeardens
en seit: O, wat haw ik dien!
Elk rint mar troch op syn dwaalwei
sa’t in hynder de striid ynstoot.
7Sels in earrebarre ken syn tiid;
toarteldo, swel en draainekke
hâlde har oan ’e tiid fan weromkommen,
mar myn folk wol it rjocht fan de Heare net kenne.
Skriuwers dy’t lige
8Hoe kinne jimme sizze: ‘Wy binne ferstannich en wiis
en de rjochte útlis fan de Wet is by ús te finen!’
Jawis, mar de skriuwers mei har ligerspinne
hawwe der in leagen fan makke!
9De wize mannen steane beskamme en ferslein,
se binne der glêd mei oan.
Sjoch, se hawwe it wurd fan de Heare fersmiten
en wat wysheid soenen se dan noch hawwe?
De straf
10Dêrom jou Ik har froulju oan oaren,
har stikken lân oan nije eigeners;
want allegearre, heech en leech,
binne se derop út har slach te slaan;
profeten en prysters, dogeneaten binne it allegearre.
11Se dokterje mei it seare stee fan myn folk om,
mar sa behindich mooglik en sizze:
Wat stilder, wat better!
Better? It wurdt net better.
12En skamje se har foar sok skandelik dwaan?
Welnee, yn it minst net,
read wurde fan skamte witte se net mear fan!
Dêrom sille se falle, as de grutte slach falt;
de deis dat der mei har ôfrekkene wurdt,
komme se raar te pal, seit de Heare.
13As Ik kom om by harren de risping yn te heljen
– is de godsspraak fan de Heare –
dan sit der gjin drúf oan ’e wynstôk
en gjin fiich oan ’e figebeam;
sels de blêden binne ferwile.
Dat Ik haw guon it frij jûn om oer harren hinne te wâdzjen.
De fijân komt
14Wêrom bliuwe wy hjir mar sitten?
Oerein allegearre,
lit ús de festingstêden yngean
en dêr omkomme,
want de Heare, ús God, lit ús omkomme
en jout ús bitter fergif yn,
om’t wy tsjin Him sûndige hawwe.
15Kinne wy noch heil ferwachtsje,
as alles ferkeard giet?
Is der noch kâns op betterskip, as de ferskrikking op ús delslacht?
16Men heart út Dan wei it snuven fan ’e fijân syn hynders;
syn hynsten wrinzgje sa lûd,
dat it hiele lân trillet derfan.
Dêr komme se al oan om it lân mei al wat derop is, te ferslinen,
ek de stêd en de lju dy’t dêr wenje.
17Sjoch, Ik stjoer slangen op jim ôf,
fergiftige slangen,
dy’t har net beswarre litte;
dy sille jim bite – is de godsspraak fan de Heare –
en der is gjin krûd foar woeksen.
Klacht fan ’e profeet
18It fertriet grypt my oan,
myn hert hat minne dagen.
19Hark! De needrop fan myn earm folk klinkt it hiele lân oer:
‘Is de Heare dan net mear op Sion?
Is har kening dêr net mear?’
‘Wêrom hawwe se My ek lilk makke mei har ôfgodsbylden,
frjemde goaden, goaden-fan-neat?’
20‘De risping is dien en de simmer is foarby,
en noch ha wy gjin útkomst krige!’
21Ik bin ferslein fan ’e slach dy’t myn earm folk troffen hat,
ik rin yn rouklean om en bin alhiel te lider slein.
22Is der dan gjin balsem mear yn Gileäd?
Is dêr dan gjin inkelde dokter te finen?
Wêrom wol er dan net heelje, dy wûne fan myn earm folk?
23Och, wie myn holle mar ien stik wetter,
myn each in welle fan triennen;
dan soe ik nacht en dei skrieme
om de deaden fan myn earm folk.