Klacht oer de ûntrou fan it folk
1O, koe ik yn ’e woestyn mar in swalkershutte fine,
dan soe ik by myn folk weigean,
fier by har wei,
want troubrekkers binne it allegearre,
in binde ferrieders.
2Har wapen is de tonge, in strak spande bôge;
bedroch en ûnearlikens slagge yn it lân foar master op;
se ferfalle fan it iene kwea yn it oare,
en My wolle se net kenne – is de godsspraak fan de Heare.
3Lit elk him te wacht nimme foar syn maat,
fertrou langer net ien fan eigen folk;
want de iene hat de oare te pakken,
sa’t Jakob die,
en se berabje inoar oer-en-wer.
4Se ferrifelje har eigen freonen
en de wierheid sizze se noait;
har tonge hawwe se wend oan ligerij,
se mêdzje har ôf mei kromme praktiken.
5Geweld op geweld, sa giet dat hjir ta,
en bedroch op bedroch.
My kenne wolle se net –
is de godsspraak fan de Heare.
6Dêrom hat de Heare Almachtich dit te sizzen:
Sjoch, Ik sil har smelte en har lotterje,
want hoe soe Ik myn folk gewurde litte?
7Har tonge is in deadlike pylk;
wat har út ’e mûle komt, is leagen;
sa te hearren winskje se har meiminsken alle goeds ta,
mar ynwindich binne se op har ûndergong út.
8Soe Ik soks net op harren ferhelje?
– is de godsspraak fan de Heare –
Soe Ik gjin wraak nimme op sok in naasje?
Rouklacht oer Sion
9Skriemend set Ik in kleiliet yn oer de bergen,
in rousang oer de weidplakken yn ’e woestyn,
want dy lizze der ferskroeid en ferlitten hinne,
balten fan fee heart men der net mear.
De bisten en de fûgels yn ’e loft
allegear ha se de wyk nommen, se binne fuort.
10Jeruzalem meitsje Ik in bult stiennen fan,
in beskûl foar jakhalzen,
en fan de stêden fan Juda in woestenij,
dêr’t gjin mins mear wennet.
11Wa is sa wiis, dat er dit begripe kin?
Tsjin wa hat de Heare sels sà sprutsen, dat er it ferkundigje kin?
Wêrom is it lân ferkommen,
ferskroeid en ferlitten as de woestyn?
12Mar de Heare hat sein: Om’t se myn wet, dy’t Ik harren beskikt hie, loslitten hawwe. Se hawwe net om myn sizzen jûn en har der net oan hâlden. 13Se hawwe dien wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjoech, en binne achter de Baäls oanrûn, sa’t har foarâlden har leard hienen. 14Dêrom hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, dit te sizzen: Sjoch, Ik jou dit folk bittere galle te drinken en fergif yn te nimmen, 15en Ik fersilje har ûnder heidenfolken dy’t sijsels en ek har foarâlden noait kend hawwe, en Ik set har mei it swurd achternei, oant Ik har ferdylge haw.
16Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Sjoch om froulju foar de rouklacht
en rop se hjirhinne,
stjoer it boadskip oan dy’t dêr betûft yn binne,
17dat se gau komme
en in kleiliet oer ús ynsette,
oant de triennen ús út ’e eagen rinne
en de eachlidden der wiet fan binne.
18Want hark, der klinkt in kleiliet út Sion:
Wat binne wy slim te lider slein,
wat steane wy djip beskamme.
Want wy moatte it lân út,
se hawwe ús wenten delhelle.
19Froulju, harkje dochs nei it wurd fan de Heare,
lit jim ear opheine, wat syn mûle seit;
lear jimme dochters dit kleiliet
en bring inoar dizze rousang by:
20De dea is ta ús finsters ynklommen,
en ús stinzen yngien;
de lytse bern hat er fan ’e strjitten meand,
de jongkeardels fan ’e pleinen.
21De minske-liken lizze
as dong oer ’t iepen fjild,
as ieren achter de sichter
en gjinien dy’t se byinoar bynt.
Wêr’t men grut op gean moat
22Dit hat de Heare te sizzen:
Lit de wize net grut gean op syn wysheid,
lit de sterke net grut gean op syn krêft
en lit de rike net grut gean op syn rykdom;
23mar wol immen earne grut op gean,
lit it dan hjirop wêze,
dat er it ynsjoch hat om My te kennen;
want Ik, de Heare, bin it dy’t leafde en trou bewiis,
dy’t op ’e ierde soargje foar rjocht en gerjochtichheid:
dêr giet myn hert nei út – is de godsspraak fan de Heare.
24Sjoch, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat Ik se allegearre straffe sil, dy’t in besniene foarhûd hawwe: 25de Egyptners, Judeeërs, Edomiten, Ammoniten, Moäbiten en alle lju mei glêdskearde sliepen, dy’t yn ’e woestyn wenje, want al dy heidenfolken hawwe in ûnbesnien hert en it hiele folk fan Israel likegoed.