De rede yn ’e timpel
1It wurd dat de Heare Jeremia takomme liet. 2Gean yn ’e poarte fan it hûs fan de Heare stean; ferkundigje dêr dit wurd: Harkje nei it wurd fan de Heare, jim Judeeërs, allegearre dy’t dizze poarten ynkomme om de Heare te oanbidden. 3Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Soargje dat jim dwaan en litten wurdt sa’t it heart, en Ik sil jimme op dit stee bliuwe litte. 4Fertrou net op sokke holle wurden as: Dit hjir is de timpel fan de Heare, de timpel fan de Heare, de timpel fan de Heare! 5Mar as jimme wier soargje, dat jim dwaan en litten is sa’t it heart, en as jimme inoar wier rjocht dogge; 6as jimme de frjemdling, de wees en de widdo net ferhûddûkje, as jimme op dit stee gjin ûnskuldich bloed ferjitte en net achter oare goaden oanrinne ta jim eigen skea, 7dan sil Ik jim op dit stee bliuwe litte, yn it lân dat Ik jimme foarâlden jûn haw, al wit-hoe-lang lyn en foar altyd.
8Mar ja, jim fertrouwe op holle wurden, mar it jout jim neat. 9Want hoe stiet it der mei jim foar? Stelle, moardzje, troubrekke, falske eden dwaan, rûkoffers bringe oan ’e Baäl, achter oare goaden oanrinne, dy’t jim noait kend hawwe; 10en dan komme jimme mar en ferskine foar My yn dit hûs, dêr’t myn namme oan ferbûn is, en sizze: Wy binne burgen! Mar ûnderwilens geane jimme gewoan troch mei al dy skandlike praktiken! 11Is dit hûs, dêr’t myn namme oan ferbûn is, yn jimme eagen dan in rovershoale wurden? As jim dan mar witte, dat Ik net blyn bin – is de godsspraak fan de Heare.
12Gean dochs ris nei myn stee te Sjilo, dêr’t Ik eartiids myn namme bekend makke, en sjoch ris, wat Ik dêrmei dien haw fanwegen de ferdoarnens fan myn folk Israel.
13No dan, om’t jimme al sokke dingen dogge – is de godsspraak fan de Heare – en net harke hawwe, alhoewol Ik der alles oan dien haw om jim te warskôgjen, en jimme gjin gehoar jûn hawwe, hoe’t Ik ek rôp, 14dêrom sil Ik mei dit hûs, dêr’t myn namme oan ferbûn is, en dêr’t jimme jim fertrouwen op sette, en mei dit stee, dat Ik jimme en jim foarâlden jûn haw, krektsa dwaan as mei Sjilo; 15en Ik sil jim út myn eagen weistjitte, sa’t Ik mei al jimme bruorren, it hiele geslacht fan Efraïm, dien haw.
Tsjin ’e tsjinst fan ’e himelkeninginne
16Bid net langer foar dit folk en draach foar harren gjin smeekbea of gebed op; kom My der net mei oan, want Ik wol net nei dy hearre. 17Sjochsto dan net, wat se úthelje yn ’e stêden fan Juda en op ’e strjitten fan Jeruzalem? 18De bern sykje hout byinoar, de heiten stoke it fjoer, de froulju riere it besleek om koeken te bakken foar ‘de himelkeninginne’ en jitte drankoffers út foar oare goaden en sadwaande krinke se My. 19Mar, hawwe se My dêr mei? – is de godsspraak fan de Heare – nee, harsels, ta eigen skea en skande! 20Dêrom seit God, de Heare: Sjoch, myn grime en grammoedichheid stoart op dit stee del, op ’e minsken en op ’e bisten en op ’e beammen yn it fjild en op ’e frucht fan it lân; dy grime sil baarne en net útgean.
Tsjin in útholle offertsjinst
21Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Doch jim brânoffers mar by jim fleisoffers en yt it fleis mar op! 22Mar doe’t Ik jim foarâlden út Egypte gean liet, haw Ik harren neat sein en neat foarskreaun op it stik fan brânoffers en fleisoffers. 23Ik haw har oars net foarskreaun as ditte: Jou om myn sizzen, dan sil Ik jimme God wêze en jimme sille myn folk wêze; hâld altyd de wei dy’t Ik jim wiis, ta jim eigen bêst. 24Mar se hawwe net harke en it ear der net nei jûn, mar gongen troch mei te dwaan, wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjoech: se waarden hoe langer hoe dwerser. 25Fan ’e dei ôf dat jimme foarâlden út Egypte weigien binne, oan hjoed de-dei ta haw Ik dei-út dei-yn alles dêroan dien en al myn tsjinners, de profeten, nei jim folk tastjoerd. 26Mar se hawwe net harke en it ear der net nei jûn; se hâlden de nekke stiif; it wie mei har noch slimmer as mei har foarâlden. 27En al bringsto har al dizze wurden oer, se harkje dochs net nei dy; al ropst it harren ta, se jouwe der gjin gehoar oan. 28Dan moatst tsjin har sizze: Dit is no it folk dat net om it sizzen jout fan syn God, de Heare, en dat net oannimme wol. Der komt har gjin bewyske fan wierheid mear oer de lippen.
29Knip dy it lange hier ôf, it teken
fan dyn wijing, en smyt it fuort;
set op ’e keale hichten in kleisang yn,
want de Heare hat it skaai dêr’t Er op fergrime is,
ferachtlik fan Him stjitten.
30Want de Judeeërs hawwe dien wat Ik ferkeard achtsje – is de godsspraak fan de Heare –: se hawwe har stikken ôfgriis samar delset yn it hûs dêr’t myn namme oan ferbûn is, en it sadwaande besmodze; 31se hawwe de offerhichten fan Tofet yn ’e delling fan Ben-Hinnom makke om har soannen en dochters de fjoerwijing ûndergean te litten. Soks haw Ik noait foarskreaun, it is net iens by My opkommen. 32Tink derom, der komt in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat de lju it net mear hawwe sille oer Tofet of oer de Delling fan Ben-Hinnom, mar oer de Delling fan ’e ôfslachting; en se sille de deaden yn Tofet begrave, om’t der oars gjin plak is. 33Dan wurde de liken fan dit folk foer foar de fûgels yn ’e loft en foar de wylde bisten en gjinien dy’t se fuortjaget. 34Yn ’e stêden fan Juda en yn ’e strjitten fan Jeruzalem lit Ik dan elk bliid en fleurich lûd ferstomje, it lûd fan breugeman en breid: it lân wurdt in ferlitten oarde.