Jeremia yn ’e put en der wer úthelle
1Mar Sefatja, de soan fan Mattan, Gedalja, de soan fan Pasjchûr, Jûkal, de soan fan Sjêlemja, en Pasjchûr, de soan fan Malkía hearden de wurden dy’t Jeremia tsjin elkenien sei: 2‘Dit hat de Heare te sizzen: Wa’t yn dizze stêd bliuwt, sil stjerre troch oarloch, honger of pest, mar wa’t derút giet en nei de Chaldeeërs oerrint, dy sil yn ’t libben bliuwe en it neakene bestean derôf rêde. 3Dit hat de Heare te sizzen: Dizze stêd sil de kening fan Babel syn leger yn hannen falle en ynnommen wurde.’ 4Doe seinen de hege hearen tsjin de kening: Lit dy man dochs deameitsje, want mei sok praat benimt er de striidbere mannen dy’t noch yn dizze stêd oerbleaun binne, en al it folk ommers de moed, want dy man is it net te dwaan om it wolwêzen fan it folk, mar om syn ûndergong. 5Kening Sedekía sei: No, jim hawwe him yn hannen, wat kin ik as kening tsjin jim begjinne? 6Doe namen se Jeremia en setten him yn ’e reinwettersbak fan prins Malkía op it binnenplein fan ’e wachtpost; se lieten Jeremia mei touwen nei ûnderen sakje. Der stie gjin wetter yn ’e bak, allinne slyk en dêr sakke Jeremia yn wei.
7Mar doe’t de Etiopiër Ebed-Mêlek, in eunúch dy’t yn it paleis tsjinne, hearde, dat se Jeremia yn ’e reinwettersbak set hienen – de kening siet ûnderwilens yn ’e Benjaminspoarte – 8gong er it paleis út en sei tsjin him: 9Mynhear de kening, wat dy mannen mei profeet Jeremia dien hawwe, is mear as slim: se hawwe him yn ’e reinwettersbak set en dêr moat er wol fan ’e honger omkomme, no’t der gjin brea mear yn ’e stêd is. 10Doe joech de kening Ebed-Mêlek de Etiopiër dizze opdracht: Nim trije man mei en helje profeet Jeremia út ’e reinwettersbak, ear’t er omkomt. 11Sadwaande naam Ebed-Mêlek dy mannen mei, gong it paleis yn en helle út ’e romte ûnder it magasyn in stikmannich ferslitene en stikkene âlde lapen wei; dy liet er mei touwen sakje nei Jeremia ta, ûnder yn ’e reinwettersbak. 12Doe sei Ebed-Mêlek de Etiopiër tsjin Jeremia: Doch dizze ferslitene en stikkene âlde lapen mar ûnder de earmsholten foar de touwen. Dat die Jeremia. 13Sa hisen se Jeremia oan ’e touwen út ’e bak. En Jeremia bleau yn ’e wachtpost.
Sedekía praat wer mei Jeremia
14Doe liet kening Sedekía Jeremia by him komme by de tredde yngong ta it hûs fan de Heare; en de kening sei tsjin Jeremia: Ik wol jo wat freegje, ferswij my neat. 15Jeremia antwurde Sedekía: As ik it jo planút sis, sille jo my grif deadzje litte. En as ik jo ried jou, harkje jo dochs net nei my. 16Mar kening Sedekía ûnthiet Jeremia ûnder fjouwer eagen en die der in eed op: Sa wier as de Heare libbet, dy’t ús dit libben jûn hat, ik sil jo net deadzje litte en ik sil jo net oerleverje oan dy mannen dy’t jo nei it libben steane.
17Doe sei Jeremia tsjin Sedekía: Dit hat God de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: As jo de stêd útgeane en jo oerjouwe oan ’e ofsieren fan ’e kening fan Babel, dan sille jo yn ’t libben bliuwe en sil de stêd net platbrând wurde; jo sille it libben derôf rêde, josels en it keninklik hûs. 18Mar dogge jo dat net, dan sil dizze stêd de Chaldeeërs yn hannen falle; dy sille de boel platbrâne en jo sille har net út hannen bliuwe. 19Kening Sedekía sei tsjin Jeremia: Ik bin bang, dat de Chaldeeërs my oan de oerrûne Judeeërs oerleverje en dat dy my de gek oanstekke sille. 20Mar Jeremia antwurde: Dat sille se net dwaan. Jou dochs om de Heare syn sizzen, krekt sa’t ik it jo oerbrocht haw, dan komt it goed mei jo en sille jo it der libben ôfbringe; 21mar as jo wegerje de stêd út te gean, sjoch dan ris wat de Heare my sjen litten hat: 22Alle froulju dy’t yn it hûs fan ’e kening fan Juda achterbleaun binne, wurde nei de kening fan Babel syn hege offisieren tabrocht en sizze:
Jo goede freonen hawwe jo ferrifele,
se hawwe jo oermânsk west;
no’t jo mei de fuotten yn ’e modder weisakje,
hawwe sij de hakken opnommen.
23Ja, al jo froulju en al jo bern wurde nei de Chaldeeërs ta brocht en josels sille har ek net út hannen bliuwe; nee, de kening fan Babel sil jo oppakke litte en dizze stêd wurdt platbrând.
24Doe sei Sedekía tsjin Jeremia: Tink derom dat gjinien te witten komt, wat hjir sein is, it soe jo dea wêze. 25Mochten de hearen hearre, dat ik mei jo praat haw, en by jo komme en freegje: ‘Sis ús, wat de kening en jo mei-inoar bepraat hawwe, ferswij ús neat, oars meitsje wy jo dea!’, 26sis dan tsjin harren: Ik haw de kening it fersyk dien en smeekt om my net wer nei it hûs fan Jonatan ta te stjoeren en my dêr stjerre te litten. 27Doe’t dan alle hege hearen by Jeremia kamen om him út te kloarkjen, joech er harren antwurd mei krekt deselde wurden, as de kening him oplein hie. Sadwaande lieten se him yn wêzen, want dat petear wie neat fan nei bûten kommen. 28Jeremia bleau yn ’e wachtpost oan ’e dei ta, dat Jeruzalem ynnommen waard.