Jeremia 39
Jeruzalem wurdt ynnommen
1Yn ’e tsiende moanne fan it njoggende jier fan kening Sedekía fan Juda wie kening Nebûkadnessar fan Babel mei syn hiele legermacht nei Jeruzalem kommen om it te belegerjen. 2Yn it alfte jier fan Sedekía, op ’e njoggende dei fan ’e fjirde moanne, slagge it de belegerers de stêd iepen te brekken. 3Alle hege hearen fan ’e kening fan Babel kamen de stêd yn en besetten de middelpoarte: opperkeamerhear Nebûsjazban, opperbefelhawwer Nergalsarêser en alle oare hege hearen fan ’e kening fan Babel. 4Mar doe’t kening Sedekía en syn mannen dat seagen, namen se de wyk; se slaggen by nacht de stêd út, de kant nei de paleistún op, troch de poarte tusken de beide muorren. Se gongen de wei nei de Araba út, 5mar it leger fan ’e Chaldeeërs sette har achternei en yn ’e steppen fan Jericho hellen se Sedekía yn. Se krigen him te pakken en brochten him nei kening Nebûkadnessar fan Babel te Ribla yn it lân Hamat en dy hâlde rjochtdei oer him. 6Te Ribla liet de kening fan Babel Sedekía syn soannen foar syn eigen eagen om hals bringe en itselde died er mei alle eallju fan Juda. 7Doe liet er Sedekía de eagen útstekke en him yn brûnzen boeiens slaan om him nei Babel te bringen. 8It keninklik paleis en de huzen fan it gewoane folk brânden de Chaldeeërs plat en de muorren fan Jeruzalem hellen se del. 9Wat der noch oan folk oer wie yn ’e stêd en de lju dy’t nei him oerrûn wienen, en de oerbleaune hantwurkslju liet Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, as balling nei Babel bringe. 10Mar fan de earmelju, dy’t hielendal gjin eigendom hienen, liet Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, guon yn it lân Juda bliuwe en dy skikte er doe wyngerds en boulân ta.
11Wat Jeremia oangiet, hie kening Nebûkadnessar fan Babel de kommandant fan ’e liifwacht, Nebûzaradan, oarder jûn: 12Nim him mei, hâld it each op him, doch him abslút gjin kwea, mar doch mei him wat er sels seit. 13Sadwaande stjoerden Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, Nebûsjazban, de opperkeamerhear, en Nergalsarêser, de opperbefelhawwer, en alle ofsieren fan ’e kening fan Babel 14guon nei de wachtpost om Jeremia derút te heljen. Se fertrouden him ta oan Gedalja, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan, dy’t him nei hûs gean liet. Sa is er ûnder eigen folk bleaun.
Belofte oan Ebedmêlek
15Doe’t Jeremia noch yn ’e wachtpost opsletten siet, liet de Heare him dit wurd takomme: 16Gean hinne en sis tsjin Ebed-Mêlek, de Etiopiër: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Sjoch, Ik kom myn wurden tsjin dizze stêd nei en dy foarseinen ûngelok en neat gjin goeds. Mar as de dei komt datsto it mei eigen eagen sjochst, 17dyselde deis sil Ik dij rêde – is de godsspraak fan de Heare – en do silst net yn hannen falle fan ’e mannen dêrst sa bang foar biste; 18want Ik lit dij sûnder mis ûntkomme, do silst net troch it swurd falle, mar it neakene bestean derôf rêde, omdatst op My betroud hast – is de godsspraak fan de Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap