Sedekía stjoert foar de twadde kear boaden nei Jeremia
1Kening Sedekía, de soan fan Josjia, wie nei Konja, de soan fan Jojakim, kening wurden, nei’t kening Nebûkadnessar him op ’e troan set hie yn it lân Juda. 2Mar hy woe net harkje nei de wurden fan de Heare, dy’t Er spriek troch profeet Jeremia, en syn tsjinners en de lânadel likemin.
3Op in kear stjoerde kening Sedekía Jehûkal, de soan fan Sjêlemja, en pryster Sefanja, de soan fan Maäséja, nei profeet Jeremia ta om te sizzen: Bid dochs foar ús ta de Heare, ús God. 4Doedestiids koe Jeremia noch frij ûnder it folk ferkeare; hy siet noch net fêst. 5Underwilens wie it leger fan Farao út Egypte setten kommen, en doe’t de Chaldeeërs dy’t Jeruzalem belegeren, dat fernamen, brieken se de belegering fan Jeruzalem op.
6Doe liet de Heare profeet Jeremia dit wurd takomme: 7Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Jou de kening fan Juda, dy ’t jimme nei My tastjoerd hat om in útspraak fan My te freegjen, dit antwurd: Fersin jim net, it leger fan Farao, dat derop útgien wie om jimme te helpen, sil weromgean nei it eigen lân, nei Egypte; 8dan komme de Chaldeeërs wer om dizze stêd oan te fallen, yn te nimmen en plat te brânen. 9Dit hat de Heare te sizzen: Meitsje jimsels net wiis, dat de Chaldeeërs wol wer ôfsette en fergoed by jim wei gean sille. Nee, dat dogge se net! 10Want al soenen jim it hiele Chaldeeske leger dat tsjin jim oer stiet, ferslaan, dat der oars net fan oerbleau as swier ferwûne manlju, dan soenen dy noch út har tinten oereinkomme om dizze stêd plat te brânen.
Jeremia wurdt oppakt
11Doe’t it leger fan ’e Chaldeeërs de belegering fan Jeruzalem opbrekke moast fanwegen it leger fan Farao, 12wie Jeremia fan doel om Jeruzalem út en nei it lân Benjamin ta om dêr ûnder eigen folk in erfeniskwestje te regeljen. 13Doe’t er yn ’e Benjaminspoarte kaam, wie dêr in kommandant fan ’e wacht, Jiria, de soan fan Sjêlemja, de soan fan Chananja; dy griep profeet Jeremia en sei: Soa, dat wol nei de Chaldeeërs oerrinne! 14Mar Jeremia sei: Neat fan wier, ik bin net fan doel nei de Chaldeeërs oer te rinnen. Mar Jiria harke net nei him, hy pakte Jeremia op en brocht him foar de hege hearen. 15No, de hege hearen wienen poerlilk op Jeremia, se sloegen him en setten him fêst yn it hûs fan skriuwer Jonatan, want dêr hienen se in tichthús fan makke. 16Sa kaam Jeremia yn it part fan it hûs dêr’t de reinwettersbakken wienen, yn ’e kelders.
Sedekía hat in petear mei Jeremia
Nei’t Jeremia dêr gâns in tiid tahâlden hie, 17liet kening Sedekía him ophelje. Under fjouwer eagen frege de kening him yn syn paleis: Is der in wurd fan de Heare? Jawis, antwurde Jeremia: Jo sille de kening fan Babel yn hannen falle! 18Fierders sei Jeremia tsjin kening Sedekía: Wat haw ik jo, jo tsjinners of dit folk misdien, dat jimme my yn it tichthús set hawwe? 19Wêr bliuwe dy profeten fan jimme, dy’t jim foarseinen, dat de kening fan Babel jimme en dit lân net tenei komme soe? 20Harkje dochs, mynhear de kening, en lit jo ferbidde: stjoer my net wer nei it hûs fan skriuwer Jonatan ta, want dat soe myn dea wurde. 21Doe joech kening Sedekía oarder om Jeremia yn ’e wachtpost op te sluten; se joegen him deis ien bôle út ’e Bakkersstrjitte, oant der gjin brea mear te krijen wie yn ’e stêd. Sa bleau Jeremia yn ’e wachtpost.