De skiednis fan ’e boekrôle
1Yn it fjirde jier fan kening Jojakim fan Juda, de soan van Josjía, liet de Heare Jeremia dit wurd takomme: 2Nim in boekrôle en skriuw dêr al de wurden op, dy’t Ik tsjin dy sprutsen haw oer Israel en Juda en oer alle oare folken, fan ’e dei ôf dat Ik begûn bin dy ta te sprekken, fan ’e dagen fan Josjía ôf oan hjoed-de-dei ta. 3Miskien sil it folk fan Juda harkje nei de driging mei al it ûnheil dat Ik fan doel bin harren oan te dwaan, en sadwaande weromkomme, in elk fan syn ferkeard paad: dan sil Ik har ûngerjochtichheden en sûnden ferjaan. 4Doe rôp Jeremia Barûch, de soan fan Nearia, en Barûch skreau op diktaat fan Jeremia alle wurden dy’t de Heare tsjin him sprutsen hie, op in boekrôle. 5Dêrop joech Jeremia Barûch dizze ynstruksje: Sels bin ik net frij, want ik mei net yn it hûs fan de Heare komme, 6dat gean do derhinne en lês op ’e festeldei yn ’e timpel it folk de wurden foar fan ’e boekrôle dy’t ik dij dikteard haw. Do moatst se alle Judeeërs foarlêze, dy’t út har stêden wei opkommen binne. 7Miskien sille dy de Heare dan har smeekbeden foarlizze en komt elkenien werom fan syn ferkeard paad, want de grime en de grammoedichheid dêr’t de Heare dit folk mei drige hat, is wòl grut.
8Barûch, de soan fan Nearia, die alles wat profeet Jeremia him opdroegen hie, en lies yn it hûs fan de Heare de wurden fan de Heare út dat boek foar. 9Want yn it fyfte jier fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia, en wol yn ’e njoggende moanne, waard al it folk yn Jeruzalem en al it folk út ’e stêden fan Juda, dat derhinne kommen wie, byinoar roppen om in festeldei foar de Heare te hâlden. 10En Barûch lies út it boek de wurden fan Jeremia foar yn it hûs fan de Heare, yn ’e keamer fan Gemarja, de soan fan skriuwer Sjafan, yn it boppeste foarhôf by de nije timpelyngong, dat al it folk it hearre koe.
11Mar doe’t Michaja, de soan fan Gemarja, de soan fan Sjafan, alle wurden fan de Heare út it boek heard hie, 12gong er de treppen del nei it hûs fan ’e kening, nei de keamer fan ’e skriuwer. Dêr wienen krekt alle hege hearen byinoar, skriuwer Elisjama, Delaja, de soan fan Selja, Elnatan, de soan fan Akbor, Gemarja, de soan fan Sjafan, Sidkía, de soan fan Chananja en de oare hege hearen. 13En Michaja brocht har al de wurden oer, dy’t er heard hie, doe’t Barûch it folk út it boek foarlies.
De reaksje fan ’e hege hearen
14Doe stjoerden de hearen Jehûdy, de soan fan Netanja, de soan fan Sjalemja, de soan fan Kûsjy, nei Barûch ta mei dit boadskip: Dy rôle dêr’t jo it folk út foarlêzen hawwe, nim dy mei en kom hjirhinne! Doe naam Barûch, de soan fan Nearia, de rôle en gong nei harren ta. 15Se seinen tsjin him: Gean sitten en lês it ús foar. Barûch gong sitten en lies har foar. 16Mar doe’t se al dy wurden hearden, seagen se inoar ferheard oan en seinen: Mar dat moat de kening witte! 17Se fregen Barûch: Sis ús ris, hoe hawwe jo al dy wurden opskriuwe kinnen? 18Barûch sei tsjin harren: Jeremia hat se my wurd foar wurd diktearre en ik haw se mei inket te boek steld. 19Doe seinen de hearen tsjin Barûch: Meitsje dat jo út ’e wei komme en Jeremia ek; gjin mins mei witte, wêr’t jim sitte. 20Nei’t se de rôle út ’e wei brocht hienen yn ’e keamer fan skriuwer Elisjama, gongen se nei de kening yn ’t foarhôf en fertelden him alles.
Jojakim ferbrânt de rôle
21Doe stjoerde de kening Jehûdy derop út om de boekrôle op te heljen. Dy helle him út ’e keamer fan skriuwer Elisjama en lies him de kening foar en alle hege hearen dy’t om de kening hinne stienen. 22It wie yn ’e njoggende moanne fan dat jier en de kening siet yn it winterferbliuw mei in fjoerpôt foar him mei fjoer deryn. 23Hieltyd wannear’t Jehûdy trije of fjouwer kolommen lêzen hie, snie de kening se mei in pinnemes ôf en smiet se yn it fjoer dat yn ’e fjoerpôt brânde, krekt salang dat de hiele rôle opbrând wie yn it fjoer dat yn ’e fjoerpôt brânde. 24Se waarden der net oars fan en skuorden har de klean net stikken, doe’t se al dy wurden hearden, de kening net en syn tsjinners likemin. 25Al stienen Elnatan, Delaja en Gemarja de kening derop oan om de rôle net te ferbrânen, hy woe net nei har hearre. 26Hy joech prins Jerachmeël, Seraja, de soan fan Azriël en Sjelemja, de soan fan Abdeël, opdracht om skriuwer Barûch en profeet Jeremia op te pakken. Mar de Heare joech harren beskûl.
Jeremia moat in nije rôle meitsje
27Nei’t de kening de boekrôle ferbrând hie mei de wurden dy’t Barûch, de soan fan Nearia, op diktaat fan Jeremia opskreaun hie, krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 28Nim in oare rôle en skriuw dêr alle wurden op, dy’t op ’e earste rôle stienen, de rôle dy’t kening Jojakim fan Juda opbrând hat. 29En tsjin kening Jojakim fan Juda moatst sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Jo hawwe dizze rôle ferbrând en sein: Wêrom hasto dêrop skreaun, dat de kening fan Babel sûnder mis komme sil en dit lân ferrinnewearje en fan minsken en fan fee neat oerbliuwe litte? 30Dêrom hat de Heare dit oer kening Jojakim fan Juda te sizzen: Hy sil gjin neikommeling op ’e troan fan David hawwe en syn lyk sil der samar hinne smiten wurde, deis yn ’e gleone hjitte en nachts yn ’e fûle kjeld. 31Ik sil him, syn neiteam en syn tsjinners fine foar har ûngerjochtichheden en bring oer harren en oer it folk fan Jeruzalem en de lju fan Juda alle ûnheil dêr’t Ik har mei drige haw en dat har net oan woe. 32Doe naam Jeremia in oare rôle en joech dy oan skriuwer Barûch, de soan fan Nearia; dy skreau dêr, op diktaat fan Jeremia alle wurden op út it boek dat kening Jojakim fan Juda ferbrând hie. Dêr kamen noch hiel wat soartgelikense wurden by.