De Rekabiten wurde hifke
1It wurd dat de Heare Jeremia takomme litten hat yn ’e tiid fan kening Jojakim fan Juda, de soan fan Josjia: 2Gean nei de Rekabiten en praat mei harren en bring har yn ien fan ’e keamers fan it hûs fan de Heare en jou harren wyn te drinken.
3Doe helle ik Jaäsanja, de soan fan Jirmeja, de soan fan Chabassinja, mei syn bruorren en mei al syn soannen, alle Rekabiten, 4en brocht harren yn it hûs fan de Heare, yn ’e keamer fan ’e soannen fan Chanan, de soan fan Jigdalja, de godsman, dy’t njonken de keamer fan ’e hege hearen is, boppe dy fan Maäseja, de soan fan Sjallûm, de drompelwachter. 5Ik sette de Rekabiten krûken fol wyn en bekers foar en ik sei tsjin harren: Drink dêr mar fan! 6Mar hja seinen: Wy drinke gjin wyn, want ús foarfaar Jonadab, de soan fan Rekab, hat ús dit gebod oplein: Drink noait wyn, jimsels net en jimme bern likemin. 7Bou gjin huzen, siedzje gjin sied en lis gjin wyngerds oan. Jim meie gjin fêstichheden hawwe, mar moatte al jim libbensdagen yn tinten wenje, dat jim lang libje meie yn it lân dêr’t jim mar as frjemden tahâlde. 8En wy binne alle geboaden fan Jonadab, de soan fan Rekab, neikommen en hawwe gjin wyn dronken, al ús libbensdagen net, wysels net en ús froulju, ús soannen en ús dochters likemin. 9Wy hawwe gjin huzen boud om yn te wenjen en gjin wyngerds of boulân yn besit hân, 10mar wy hawwe yn tinten wenne en wy binne it gebod fan ús foarfaar Jonadab neikommen en hawwe ús dêr yn alles oan hâlden. 11Earst doe’t kening Nebûkadnessar fan Babel tsjin dit lân opsetten kaam, ha wy sein: Kom, lit ús nei Jeruzalem gean om it leger fan ’e Chaldeeërs en dat fan ’e Arameeërs te ûntrinnen en wy binne yn Jeruzalem bleaun.
12Doe krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 13Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Gean hinne en sis tsjin de mannen fan Juda en tsjin it folk fan Jeruzalem: Soenen jimme no de les ek net ris leare en nei myn wurden harkje? – is de godsspraak fan de Heare. 14It gebod fan Jonadab, de soan fan Rekab, oan syn neikommelingen om gjin wyn te drinken, is goed yn acht nommen: oan hjoed-de-dei ta hawwe se net dronken, want se binne it gebod fan har foarfaar Jonadab neikommen; mar jimme hawwe net nei My harke, al haw Ik der alles oan dien om jim mar te warskôgjen. 15Ik haw jim al myn tsjinners, de profeten stjoerd, Ik haw der alles oan dien en har it boadskip meijûn: Lit elkenien fan jimme weromkomme fan syn ferkearde paad, syn hâlden en dragen ferbetterje en dermei ophâlde achter frjemde goaden oan te rinnen en dy te tsjinjen; dan sille jim bliuwe op ’e grûn dy’t Ik jimme en jim foarâlden jûn haw. Mar se sloegen it gjin acht en woenen net nei My harkje. 16De neikommelingen fan Jonadab, de soan fan Rekab, binne it gebod fan har foarfaar wòl neikommen, mar dit folk hat net nei My harke. 17Dêrom hat God de Heare Almachtich, de God fan Israel, dit te sizzen: Sjoch, Ik bring oer Juda en oer it hiele folk fan Jeruzalem alle ûnheil dat Ik harren oansein haw, omdat se net harkje woenen, as Ik tsjin har spriek en gjin antwurd joegen, as Ik rôp.
18Tsjin de Rekabiten sei Jeremia: Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Omdat jim it gebod fan jim foarfaar Jonadab neikommen binne en al syn oanwizings yn acht nommen hawwe en alles krekt sa dien sa’t hy it jim oplein hat, 19dêrom hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, dit te sizzen: Jonadab, de soan fan Rekab, sil alle tiden troch in stamhâlder hawwe om foar My te stean.