Der is gjin ûntkommen oan
1Doe sei de Heare tsjin my:
Al stienen Mozes en Samuël ek foar My,
dan soe Ik noch neat fan dit folk witte wolle.
Stjoer se fuort! Ik wol se net mear sjen! Lit se har ôfjaan!
2En as se dy freegje: Wêr moatte wy hinne?-
sis dan tsjin harren: Dit hat de Heare te sizzen:
Wa’t foar de dea opskreaun stiet, de dea yn;
wa’t foar it swurd ornearre is, foar it swurd,
wa’t foar de honger ornearre is, foar de honger,
en wa’t foar de ballingskip ornearre is, de ballingskip yn!
3Mei fjouwer soarten fan straf sil Ik it op har ferhelje – is de godsspraak fan de Heare : it swurd om te deadzjen, de hûnen om fuort te slepen, de fûgels en de wylde bisten om te ferslinen, dat der neat fan oerbliuwt. 4En Ik sil meitsje, dat alle keninkriken fan ’e wrâld fan harren grize, fanwegen de sûnde dy’t kening Manasse fan Juda, de soan fan Hizkía, yn Jeruzalem bedreaun hat.
Der is gjin mei lijen mear
5Wa soe noch meilijen mei dy hawwe, Jeruzalem?
Wa soe it om dij oandeare?
Wa soe by dy oankomme om te freegjen,
hoe’t it mei dy giet?
6Do hast My oan kant set – is de godsspraak fan de Heare –
do hast My de rêch takeard;
dêrom haw Ik myn hân ûnderhelle om dy te fernielen.
Ik haw der genôch fan genedich te wêzen.
7Yn alle stêden fan it lân nim Ik har op ’e souwe;
ik nim myn folk de bern ôf en ferdylgje it,
omdat se har net fan har wegen ôfkeare.
8Ik meitsje dat der mear widdowen komme
as sânkerrels oan it strân.
Foar de memmen fan ’e jongkeardels
lit Ik midden op ’e dei de wylde meaner ferskine;
ûnferhoeds fal Ik oer har hinne
mei skrik en ferbjustering.
9In mem fan sân bern falt der samar hinne,
se jout de lêste sike,
har sinne giet al ûnder, eardat de dei om is;
hja is te skande set en beskamme.
Sa jou Ik wat der noch fan it folk oer is, priis oan it swurd
foar it each fan har fijannen – is de godsspraak fan de Heare.
Klacht fan de profeet
10O mem! Wat in ûngelok, dat jo my berne hawwe,
in man dy’t mei de hiele wrâld yn ûnfrede libbet.
Ik bin gjinien syn skuldeasker en stean by nimmen yn ’t kryt,
en dochs flokke se my allegearre út.
11Wier Heare, ik haw Jo tsjinne sa goed as ik koe;
yn ’e tiid fan ûnheil en benearing
haw ik fûl by Jo pleite,
en dat foar in fijân!
12Kin men dan izer brekke,
izer út it noarden en brûns?
13[Dyn rykdom en dyn skatten sil Ik as bút priis jaan;
foar neat, fanwegen al dyn sûnden dyn hiele gebiet oer;
14en Ik meitsje, datst dy ûnder dyn fijannen deljaan moatst
yn in lân datst net kenste,
want myn grime is oplôge as in fjoer dat oer jim hinne giet.]
15Jo witte it!
Heare, tink oan my en nim my wer oan,
nim wraak foar my op dy’t my hjitfolgje.
Wachtsje net sa lang, dat se my fan kant meitsje!
Sjoch, hoe’t ik om Jo leechlein wurd.
16Safaak der wurden fan Jo kamen,
haw ik dy yndronken,
want jo wurd wie myn nocht en myn wille.
Want ik draach jo namme,
Heare, God Almachtich.
17Ik haw my noait by in fermidden fan sweeslaggers jûn
en noait meidien oan har getjirch.
Jo hienen fet op my en ik haw my apart hâlden,
want Jo hienen my dy ôfkear ynjûn.
18Wêrom komt der gjin ein oan myn leed,
smert myn wûne aloan en wol er mar net betterje?
Wier, Jo binne foar my wurden as in ûnbetroubere wetterloop
dêr’t men net op oan kin.
Gods antwurd
19Mar de Heare hie my dit te sizzen:
Asto dy hielendal omkearst,
lit Ik dy wer foar My stean;
as dyn uteringen suver binne en frij fan alle ferkeardens,
dan silsto myn tolk wer wêze.
Dan sille de lju har wer nei dy ta keare,
do moatst dy net nei har ta keare.
20Ik stel dy foar dit folk oer
as in ûnferwrikbere brûnzen muorre;
se sille dy bestride,
mar dy net oer kinne;
want Ik bin mei dy om dy te rêden
en te befrijen – is de godsspraak fan de Heare.
21Ik sil dy befrije út ’e hannen fan ’e kweaden,
dy ferlosse út ’e fûst fan ’e tirannen.