Profeet-wêze is iensum wêze
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Do meist hjir net trouwe en gjin soannen of dochters krije. 3Want dit hat de Heare te sizzen oer de soannen en dochters dy’t hjir berne wurde, en oer de manlju en froulju dy’t dêr heit en mem fan wurde yn dit lân: 4Oan pynlike kwalen sille se stjerre, gjin trien wurdt om har litten, in grêf krije se net; dong oer it lân sille se wurde. Falle se yn ’e oarloch of komme se fan honger om, dan sille har liken foer wêze foar de fûgels en de wylde bisten.
5Ja, dit hat de Heare te sizzen: Kom net yn in hûs dêr’t in rousit hâlden wurdt, klei net mei en besykje net de lju te treasten, want Ik haw dit folk myn heil ôfnommen, myn tagedienens en barmhertichheid – is de godsspraak fan de Heare. 6Lyts en grut sille stjerre yn dit lân, sûnder begroeven te wurden; gjinien sil in trien om har litte, gjinien himsels fykje of de holle keal skeare. 7Gjinien sil de roujende de leedbôle taparte om him te treasten by in ferstjerren of him de treastende wynbeker foarhâlde, sels as it om syn heit of mem giet. 8Ek yn in hûs dêr’t in gastmiel hâlden wurdt, meisto net komme en mei de lju oanskikke om te iten en te drinken. 9Want dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Sjoch, yn jim eigen dagen en foar jim eigen eagen lit Ik op dit stee elk bliid en fleurich lûd ferstomje, it lûd fan breugeman en breid.
Wêrom al dat ûnheil?
10Asto no aanst al dizze wurden oan it folk oerbringst en se freegje dy dan: ‘Wêrom hat de Heare ús dit grutte ûnheil oansein, wat hawwe wy misdien en wêr hawwe wy ús oan besûndige tsjin de Heare, ús God?’ 11Sis dan tsjin har: It is om’t jimme foarâlden My ferlitten hawwe – is de godsspraak fan de Heare – en achter oare goaden oanrûn en dy tsjinne en oanbidden hawwe, mar My hawwe se ferlitten en myn wet hawwe se har net oan hâlden. 12En jimme, jim hawwe it noch slimmer dien as jim foarâlden, want elk fan jimme docht mar wat syn yn ’t kwea behurde hert him ynjout, en gjinien dy’t nei My harket. 13Dêrom smyt Ik jim dit lân út, nei in lân dat jim noait kend hawwe, jimsels net en jim foarâlden likemin, en jim sille dêr oare goaden tsjinje by nacht en by dei, om’t Ik gjin genede mear mei jim haw.
14Der komt dan ek in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat der net mear sein wurdt: ‘Sa wier as de Heare libbet, dy’t it folk fan Israel út Egypte helle hat,’ mar: 15‘Sa wier as de Heare libbet, dy’t it folk fan Israel út it Noarderlân helle hat en út alle lannen dêr’t Er har hinne ferdreaun hie.’ Ja, Ik sil har werombringe op har eigen grûn, dy’t Ik har foarâlden jûn hie.
16Sjoch, Ik sil ferskate fiskerlju stjoere – is de godsspraak fan de Heare – en dy sille har opfiskje; dêrnei sil Ik ferskate jagers stjoere en dy sille har fan alle bergen en hichten ôfjeie en út alle rotskleauwen wei. 17Want myn eagen geane oer al har dwaan en litten, se ûntkomme My net en har ûngerjochtichheden ûntgiet My neat fan. 18Sa sil Ik harren aanst har ûngerjochtichheden en har sûnde dûbel en dwers werombetelje, om’t se myn lân ûntwijd hawwe mei har kringen fan ôfgryslikheden en myn erfdiel folset hawwe mei har groulikheden.
21Dêrom drui Ik it harren yn
en fergoed sil Ik it har yndruie,
hoe geweldich myn macht is;
dan sille se witte, dat myn namme Heare is.
19O Heare, myn sterke stins,
myn taflecht yn tiid fan need,
by Jo sille de heidenfolken komme fan ’e úteinen fan ’e ierde en sizze:
‘Ja, klearebare leagen wie it, wat ús foarâlden meikrigen,
goaden-fan-neat, stikken ûnnut.
20Kin in minske himsels goaden meitsje?
Dat kinne ommers gjin goaden wêze?’