De grutte droechte
1Wat Jeremia as wurd fan de Heare krige yn ferbân mei ‘de grutte droechte’.
2Juda leit der treurich hinne
en syn stêden kwine wei;
se lizze yn ’e rouwe oer it lân
en út Jeruzalem giet in needrop omhegens.
3De grutte lju stjoere har folk om wetter út;
dy komme by de bakken, mar fine gjin wetter;
se komme mei lege krûken werom.
Se binne der glêd mei oan
en witte net hoe’t se har hâlde moatte.
4De opbringst is sa lyts, dat de grûn is der ferslein fan.
Om’t it lân gjin reinwetter krige hat,
binne de boeren dermei oan,
se witte net, hoe’t se har hâlde moatte.
5De reeën kealje samar yn ’t iepen fjild
en litte har keal yn ’e steek, om’t der gjin gers is.
6De wylde ezels steane op ’e keale hichten,
se gapje nei de siken as jakhalzen;
it skimert har foar eagen,
om’t der gjin grien mear waakst.
7Al hoe’t ús ûngerjochtichheden ús oankleie,
Heare, doch wat omwille fan jo namme;
want wit-hoe-faak ha wy ôffallich west,
hawwe wy sûndige tsjin Jo.
8O, Ferwachting fan Israel,
syn Ferlosser yn tiid fan need,
wêrom binne Jo as in frjemdling yn it lân,
as in reizger dy’t foar ien nacht syn tinte opset?
9Wêrom binne Jo as in ferbjustere man,
as in strider dy’t gjin help jaan kin?
Jo binne dochs yn ús fermidden, Heare;
jo namme is dochs oan ús ferbûn?
Lit ús net oan ús lot oer.
Gods antwurd
10Dit hat de Heare oer dit folk te sizzen: Alle kanten út swalkje, dêr ha se nocht oan! Dan sparje se de skonken net! Mar de Heare hat skjin syn nocht fan harren. No komme har ûngerjochtichheden Him wer yn ’t sin en bringt Er har sûnden yn rekken.
11De Heare sei fierder tsjin my: Bid net foar it wolwêzen fan dit folk! 12Al festje se noch sa, Ik sil net nei har smeekbea hearre; al bringe se ek brânoffers en fleisoffers, Ik moat der neat fan hawwe; mei oarloch, honger en pest ferdylgje Ik harren.
Jeremia giet yn ’e pleit
13Doe haw ik sein: Och God, myn Heare, de profeten sizze ommers tsjin har, dat se gjin oarloch krije en gjin honger hoege te lijen, mar dat Jo harren op dit stee in fêst en fredich bestean besoargje sille. 14Mar de Heare sei tsjin my: Dy profeten sizze ûnwierheden yn myn namme, Ik haw har net stjoerd en harren gjin inkelde opdracht jûn. Ik haw net iens tsjin har sprutsen. Falske fizioenen, foarsizzings dy’t neat sizze, optinksels fan har eigen fantasij, dat sette se jimme as profesij foar. 15Dêrom hat de Heare dit te sizzen oer dy profeten dy’t yn myn namme profetearje, sûnder dat Ik har stjoerd haw, en dy’t sizze, dat der gjin oarloch en gjin hongersneed yn dit lân komme sil: Sels sille se troch oarloch en honger oan har ein komme, dy profeten. 16En it folk dêr’t se foar profetearje, – as slachtoffers fan honger en oarloch sille se yn ’e strjitten fan Jeruzalem lizze, hjasels en har froulju, har soannen en har dochters, ta weismiten keard; en der sil gjinien wêze om har te begraven. Sa stoart Ik it kwea dat se te weech brocht hawwe, oer har út. 17Dit moatsto tsjin har sizze:
Twadde klacht oer de droechte
Myn eagen rinne oer fan triennen nacht en dei, en komme net ta rêst,
want de jongfaam, myn earm folk,
is finaal brutsen;
hja hat de klap fergoed weikrige.
18As ik bûtenút gean,
sjoch ik se oeral lizzen, de oarlochsslachtoffers;
kom ik de stêd wer yn,
ik sjoch neat oars as minsken dy’t ferkwine fan ’e honger.
Sels prysters en profeten kinne it nearne fine,
se witte it net mear.
19Hawwe Jo Juda dan fergoed fersmiten?
Hawwe Jo in ôfgriis fan Sion?
Wêrom hawwe Jo ús sa slein, dat it net wer hielje kin?
Wy hopen op goede dagen, mar it wiist allegear like min;
wy hopen op in tiid fan betterskip,
mar it is ien grutte ferskrikking.
20Wy wolle it wol wêze, Heare, dat wy ferkeard binne;
ús foarâlden hawwe skuld en wy hawwe ek tsjin Jo sûndige.
21Fersmyt net it stee dêr’t jo namme syn wente hat,
meitsje de troan fan jo gloarje net te skande;
tink oan jo ferbûn mei ús
en ferbrek it net!
22Is der by de heidenske ûngoaden ien dy’t it reine litte kin?
Of kin de loft út himsels foar reinwetter soargje?
Binne Jo it net, Heare,
ús God, dêr’t wy nei útsjogge?
Jo dogge dat ommers allegearre!