De gelikenis fan ’e mulriem dy’t fergien wie
1Dit hat de Heare tsjin my sein: Gean hinne en keapje dy in linnense mulriem en doch him om ’e mul, mar pas op, dat er net yn ’t wetter komt. 2Doe kocht ik sa’n mulriem as de Heare sein hie, en die him om. 3De Heare spriek my nochris oan en sei: 4Nim de mulriem dyst kocht hast en dyst om hast; gean op slach nei Pearat en stopje him dêr yn in rotsspjalt wei. 5Doe gong ik hinne en stoppe him wei by Pearat, krekt sa’t de Heare my hjitten hie. 6Nei’t der al hiel wat dagen oer ferrûn wienen, sei de Heare tsjin my: Gean op slach nei Pearat en helje dêr de mulriem wer wei, dy’t Ik dy dêr fuortstopje litten haw. 7Ik gong wer nei Pearat, begûn dêr te sykjen en helle de mulriem wer fan it plak dêr’t ik him weistoppe hie. Mar jawol, hy wie fergien en ta weismiten keard. 8Doe spriek de Heare my wer oan en sei: 9Dit hat de Heare te sizzen: Krektsa bin Ik fan doel de barstende grutskens fan Juda en de barstende grutskens fan Jeruzalem fergean te litten. 10Dit minne folk, dat wegeret nei myn wurden te harkjen, mar docht wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjout; se hawwe achter oare goaden oan rûn om dy te tsjinjen en te oanbidden. Mar it sil wurde as dizze mulriem, dy’t ta weismiten keard is. 11Want sa’t men de mulriem strak ombynt, sa hie Ik it hiele folk fan Israel en it hiele folk fan Juda strak oan My ferbûn – is de godsspraak fan de Heare –, dat it myn folk, myn rom, myn eare en myn gloarje wêze soe. Mar se woenen net harkje.
De gelikenis fan de wynkrûken
12Sis harren: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Wynkrûken binne der om wyn yn te dwaan. As se dan tsjin dy sizze: Soenen wy dat no wier sels net witte? – 13sis dan tsjin har: Dit hat de Heare te sizzen: Tink derom, Ik sil der wyn yn dwaan, yn al it folk fan dit lân, de keningen op Davids troan, de prysters, de profeten, al it folk fan Jeruzalem, oant se dronken binne; 14en Ik sil se stikken slaan, de iene tsjin de oare, de heiten en de bern allegear mei-inoar – is de godsspraak fan de Heare; sûnder meilijen of begrutsjen, ûnbarmhertich sil Ik har yn ’t ferdjer stoarte.
Lêste warskôging oan folk en foarst
15Harkje en wês der net te grutsk foar, set it ear dernei,
want it is de Heare dy’t sprekt.
16Jou de Heare, jimme God, syn eare,
ear’t Hy it tsjuster wurde lit,
ear’t jim de fuotten stjitte oan ’e skimerige bergen,
ear’t Hy it ljocht dêr’t jim nei útsjogge, yn neare nacht feroaret,
yn roetswarte tsjusternis.
17Mar as jimme der net nei harkje,
dan kin ik allinne mar stilwei skrieme om sa’n heechmoed
en sille myn eagen oerrinne fan triennen,
om’t de keppel fan de Heare fuortdreaun is.
18Sis tsjin de kening en tsjin de keninginne-mem:
Gean op it needrichste plakje sitten,
want de earekroan is jim fan ’e holle rôle.
19De stêden yn it Suderlân binne ynsletten
en der is gjinien dy’t der yn-of-út kin;
hiele Juda giet de ballingskip yn,
se wurde allegearre ferballe.
Jeruzalem te skande set
20Slach de eagen op en sjoch nei dy’t út it noarden komme.
Wêr is de keppel dy’t dij tabetroud wie,
de keppel dêrst sa mei pronkeste?
21Wat silst derfan sizze, as Hy de lju dyst wend wiest te freon te hâlden,
as hearskers oer dy set?
Sille de weeën dy dan net oangripe
as wiest in frou dy’t in bern krijt?
22En ast dy ôffregest:
Wêrom komme sokke dingen my oer? –
Om dyn grutte skuld wurde dij de klean útskuord
en wurdsto ûnteare.
23Kin in neger altemets syn fel feroarje
of in panter syn bûnte plakken?
Likemin kinne jimme goeddwaan,
trochkrûpt as jim binne yn it kwea.
24Dêrom sil Ik har fersilje as tsjêf
dat op ’e wyn fan ’e woestyn ferstoot.
25Dat wurdt dyn lot, it lean dat dy tametten wurdt
en dat fan My komt – is de godsspraak fan de Heare –
omdatsto My fergetten
en op bedroch fertroud hast.
26Ja, Iksels lûk dy de klean oer de holle,
dat dyn skande te sjen komt,
27dyn oerhoer en dyn geil gebear,
dyn skandalich gehuork.
Op ’e heuvels bûtenút
haw Ik dyn ûnhuerichheden sjoen.
Wee dij, Jeruzalem, silsto dy net suverje?
Hoe lang, hoe lang moat dit sa trochgean?