Achior warskôget Holofernes
1Doe’t Holofernes, de heechste generaal fan it Assyryske leger, hearde dat de Israeliten har klearmakken op ’e oarloch, dat se de berchpassen tichtset hienen, alle hege berchtoppen fersterke en yn ’e dellings alderhanne tûkelteammen útset, 2waard er troch alles hinne lilk. Alle foaroanmannen fan Moäb, de generaals fan Ammon en al de satrapen fan de kuststreek moasten by him komme. 3En hy sei tsjin har: Jimme Kanaäniten, sis my ris, wat is dat foar in folk, dat dêr yn it berchlân wennet? En yn watfoar stêden wenje se? En hoe grut is har leger? En wêr leit har krêft en har sterkens yn? Wa is har kening en fiert har legers oan? 4Wêrom hawwe se, krekt oarsom as alle oare folken fan it westen, de holle yn ’e nekke smiten en wolle se my net temjitte komme?
5Doe sei Achior, de oanfierder fan ’e Ammoniten, tsjin him: Harkje dochs, mynhear, nei de wurden út ’e mûle fan jo feint. En ik sil jo krekt sizze, hoe’t it sit mei dat folk dat hjir fuortby yn it berchlân wennet. Gjin ûnwier wurd sil jo feint derby oer de lippen komme. 6Dat folk dêr stammet fan de Chaldeeërs ôf. 7Omdat se de goaden fan har foarâlden, dy’t yn it lân fan ’e Chaldeeërs wennen, net tsjinje woenen, hawwe se har destiids yn Mesopotamië nei wenjen set. 8Sy gongen oare wegen as har foarâlden en ferearen de God fan ’e himel, de God dy’t se kennen leard hienen. Dat sadwaande hawwe de Chaldeeërs har ferballe, by har goaden wei, en binne se útnaaid nei Mesopotamië ta, dêr’t se gâns in skoft tahâlden hawwe. 9Doe hiet har God har, sy moasten opbrekke en fuortgean, nei Kanaän ta. Dêr setten se har nei wenjen en wûnen dêr gâns goud en sulver en machtige keppels fee. 10Letter, omdat hiele Kanaän slim fan ’e honger te lijen krige, sakken se ôf nei Egypte en hâlden dêr ta, salang’t dêr iten foar har wie. En dêr wûnen se oan en waarden sa machtich dat der gjin tellens ein oan wie. 11Dêrtroch krige de kening fan Egypte in tsjinnichheid yn har en hy fernedere har mei har it swiere wurk yn ’e tichelwurken dwaan te litten en slaven fan har te meitsjen. 12Doe rôpen se om har God en dy sloech hiele Egypte mei slimme pleagen, dêr’t gjin krûden foar woeksen wienen. Dat de Egyptners jagen har fuort. 13Har God hat doe de Reade See foar har droechlein 14en har nei de Sinai ta brocht en nei Kades-Barnéa. Al de bewenners fan de woestyn dêre hawwe se ferballe 15en se hawwe har nei wenjen set, yn it lân fan ’e Amoriten. Se wienen sa sterk, dat se de befolking fan Chesbon útroegje koenen. Nei’t se de Jordaan oergien wienen, namen se it hiele berchlân dêr yn besit. 16De Kanaäniten, de Perizziten, de Jebûsiten, de Sichemiten en al de Gergeséners jagen se foar har út en se ha dêr jierren en jierren oanien wenne. 17En salang’t se net yn sûnden ferfoelen tsjin har God, gong it har goed, want de God dy’t mei har is, hatet alle ûngerjochtichheid. 18Mar doe’t se oare wegen gongen as dy’t Hy har wiisd hie, waarden se yn ’e iene oarloch nei de oare slim tamtearre en op ’t lêst yn ’e boeiens fuortsleept nei in frjemd lân. De timpel fan har God gong oan pún en har stêden rekken yn ’e macht fan har fijannen. 19No lykwols binne se, nei’t se har wer ta har God bekeard hawwe, weromkommen út ’e lannen dêr’t se oer fersille wienen. Se hawwe Jeruzalem, dêr’t har timpel stiet, wer yn besit nommen en har wer yn it berchlân, dat foar wyld lei, nei wenjen set.
20Wolno, machtige hear, as dan dat folk op ’e doele is en yn sûnden libbet tsjin syn God, en wy der wis fan binne dat it himsels yn it ûngelok holpen hat, lit ús dan op har tasette en har oanfalle. 21Mar as dit folk neat misdien hat, lit myn hear dan fan har ôfbliuwe, want it soe ris wêze kinne, dat har Hear en God harren as in skyld beskermet. En dan soenen wy foar de hiele wrâld foar spot stean.
22Achior wie noch mar amper útpraat, of al it folk dat om ’e tinte hinne stie, begûn te grommeljen. Ja, Holofernes syn offisieren en de mannen fan de kuststreek en dy fan Moäb, woenen ha, Achior moast sa’n wan bruien ha, dat er der dea by delfoel. 23Soenen wy ús no bang meitsje litte fan dy Israeliten? Fan dat folk dat neat hat om by te setten, net ienris genôch foar in echte fjildslach? 24Toe, lit ús yn ’e oanfal gean. Want foar jo leger, machtige Holofernes, binne se in maklike bút.