Achior oan ’e Israeliten útlevere
1Doe’t de mannen dy’t om ’e rie hinne stienen, wat bedarre wienen, sei Holofernes, de heechste generaal fan it Assyryske leger, yn it bywêzen fan al it frjemde folk en fan alle Moäbiten tsjin Achior: 2Watfoar man binne jo, Achior, mei jo hiersoldaten fan Efraïm, dat jo ús it leksum lêze, net oars as wienen jo in profeet, en dat jo it bestean doare tsjin ús te sizzen, dat wy it folk fan Israel net oanfalle sille, omdat har God har beskermje soe? Watfoar god soe der no oars wêze as Nebûkadnessar? Dy sil syn leger stjoere en har weidwaan fan ’e ierde. En har God sil har net helpe kinne. 3Nee, krektoarsom, wy, Nebûkadnessar syn tsjinstfeinten, wy sille se allegearre delslaan, as hienen wy mar mei ien inkelde man te rêden. Tsjin it geweld fan ús hynders sille se neat kinne. 4Wy sille se ferbrâne, de iene nei de oare. Har bergen sille trochweakke wurde fan har bloed, har flakten besiedde mei har liken. Se sille hoegenamt neat tsjin ús begjinne kinne. Se sille weidien wurde, alhiel. Dit hat Nebûkadnessar, de hear fan ’e hiele ierde, te sizzen. Hy hat it sein en syn wurden komme nei. 5Mar jo, Achior, jo hiersoldaat fan Ammon, fan hjoed-de-dei ôf, dat jo dy ûngelokkige wurden sein hawwe, wol ik jo net mear sjen. Net earder, of earst moat ik dat folk út Egypte ôfstraft ha. 6En dan sil it stiel fan myn soldaten en de spear fan myn feinten jo troch de side stekke en jo sille delfalle mids de deade Israeliten, sa gau’t ik tsjin har begjinne sil. 7Myn mannen sille jo sadaliks de bergen yn bringe en jo ôfleverje yn ien fan ’e stêden by de berchpassen. 8En as it dan de Joaden har tiid is, dan earst sille jo ek om hals brocht wurde, tagelyk mei har. 9En as jo ynwindich noch hoopje mochten, dat wy net mei har ôfweve sille, no man, dan de holle mar omheech! Ik haw it sein en myn wurden komme nei, allegearre.
Achior yn Betylûa opnommen
10Doe hiet Holofernes de feinten by him yn ’e tinte, sy soenen Achior nimme en him nei Betylûa bringe en him dêr oan ’e Israeliten útleverje. 11Dy mannen namen him en brochten him it kamp út nei de flakte ta en dêrwei gongen se de bergen yn, oant se by de boarnen ûnder by Betylûa kamen.
12Doe’t de mannen fan dy stêd harren by de berch opkommen seagen, namen se de wapens en setten de stêd út, nei de top fan ’e berch. Dêr kearden se de Assyriërs, mei stiennen op har ôf te slingerjen, dat dy net fierder nei boppen ta koenen. 13Dat dy sochten dekking, ûnder yn ’e skeante fan ’e berch. Dêr sloegen se Achior yn ’e boeiens, lieten him ûnderoan ’e berch lizze en gongen werom nei har hear.
14De Israeliten kamen út ’e stêd wei nei him ta, makken him los en brochten him nei Betylûa, foar it stedsbestjoer. 15Dat wienen doedestiids Oezzia, de soan fan Micha, út ’e stam fan Simeön, Chabrin, de soan fan Otniël en Charmin, de soan fan Melchiël. 16Dy rôpen de âldsten fan ’e stêd allegearre byinoar. Ek alle jongemannen en de froulju setten hurd op dy gearkomste ta. Achior kaam mids it folk te stean en doe frege Oezzia him, wat der foarfallen wie.
17Doe fertelde Achior, wat der yn ’e ried fan Holofernes al sa bepraat wie en ek wat er sels sein hie yn it fermidden fan de Assyryske foarmannen en hoe’n steil wurd Holofernes hân hie oer wat er allegear wol net mei de Israeliten soe.
18Doe foel al it folk foar God op ’e knibbels en biddend rôpen se út: 19O Heare, God fan ’e himel, sjoch hoe oeribele grutsk se binne. Haw meilijen mei ús folk, dat sa slim yn it near sit. Sjoch harren dy’t Jo tawijd binne, hjoed dan dochs oan. 20Doe sprieken se Achior moed yn en prizen him tige. 21Nei de gearkomste naam Oezzia him mei nei hûs en sette dêr de âldsten in gastmiel. En dy hiele nacht smeken se de God fan Israel om help.