Israel yn opskuor
1De Israeliten yn Judéa hearden, wat Holofernes, de heechste generaal fan Nebûkadnessar, de kening fan Assyrië, de folken allegearre dien hie, hoe’t er al har hillichdommen útplondere en alhielendal ferrinnewearre hie. 2Dat se waarden stjerrende benaud fan him en sieten slim yn noed oer Jeruzalem en oer de timpel fan de Hear har God. 3Want se wienen noch net botte lang út ’e ballingskip werom, en it folk wie noch mar krekt sa’n bytsje yn Judéa teplak, en it timpelreau, it alter en de timpel sels, dy wienen noch mar koartlyn wer wijd. 4Dat sadwaande stjoerden se boaden nei Samaria en syn gerjochtichheid, nei Kona, Bet-Choaron, Balmen en Jericho, en ek nei Choba, Ezoara en nei de delling fan Salem. 5Alle hege berchtoppen waarden no beset, de doarpen yn ’e bergen fersterke. Grutte foarrieden iten waarden oanlein mei it each op in oarloch. De fruchten fan ’e bou wienen nammentlik krekt ynhelle.
6Joäkim, yn dy tiid hegepryster te Jeruzalem, skreau in brief nei de ynwenners fan Betylûa en ien nei dy fan Betomestem, dat op ’e râne fan ’e flakte fan Esdrelon leit, lyk foar dy fan Dotan oer. 7Hy droech har op de berchpassen te besetten, want dy moast men oer, woe men nei Judéa ta. Omreden dat de trochgong dêr sa nau wie, dat der op syn heechst twa man tagelyk troch koenen, wienen dat de plakken om in fijân dy’t in oanfal dwaan woe, te kearen. 8De Israeliten dienen sa’t Joäkim, de hegepryster, en de ried fan ’e âldsten fan hiele Israel, dy’t yn Jeruzalem plichte gear te kommen, harren hjitten hienen.
Israel smeekt de Heare om útkomst
9En hja allegearre rôpen mei ynmoed ta God en fernederen har foar Him, safolle as se mar koenen. 10Sysels, har froulju en har bern, har fee, mar ek de frjemdlingen dy’t mids harren wennen, it mochten dan arbeiders of slaven wêze, sy allegearre sloegen de rouklean om. 11En alle mannen fan Israel dy’t yn Jeruzalem wennen, mei de froulju en de bern, lieten har foar de timpel delfalle, dienen jiske op ’e holle en leinen de rouklean wiid út foar de eagen fan de Heare. 12Ek it alter krige in roukleed om. En doe rôpen se as ien man mei-inoar oan ien tried wei de God fan Israel oan, dat Hy it keare soe, dat har bern rove waarden, har froulju fuortsleept, har stêden ferwoeste en dat de timpel ûntwijd en sa in spot en in hún foar de heidenfolken wurde soe.
13En de Heare harke nei har roppen en Hy seach har need. Hiele Judéa oer wie it folk dagen oanien oan it festjen, en ek yn Jeruzalem foar de timpel fan de Heare Almachtich. 14Hegepryster Joäkim en alle prysters dy’t stienen en tsjinst dienen foar de eagen fan de Hear, sy allegearre hienen it roukleed om ’e lea en brochten it brânoffer, sa’t dat foar elke dei foarskreaun wie, en de gelofte- en de frijwillige offers fan it folk. 15En mei jiske op ’e mûtse rôpen se út alle macht de Heare oan, dat Hy yn syn genede dochs foar it hiele folk fan Israel fanwegen komme soe.